De Fryske Akademy hat yn opdracht fan ’e Taalunie in ûndersyk útfierd nei de taalkundige posysje en it funksjonearjen fan ’e saneamde kontaktfariëteiten Frysk-Nederlânsk yn Fryslân. It ûndersyk leit yn it ferlingde fan it Implementatieplan taalvariatie van het Algemeen Secretariaat van de Taalunie. It beskriuwen fan taalfariaasje is ien fan ’e beliedslinen yn dat plan.
Yn ’e provinsje Fryslân wurde in stikmannich kontaktfariëteiten praat dy’t ûntstien binne út it kontakt tusken it Frysk en it Nederlânsk. Dy Frysk-Nederlânske kontakttalen wurde yn ’e deistige omgong brûkt. Se hearre ta it kultuerhistoarysk erfgoed en binne fan grut belang foar de taalwittenskip.
It ûndersyk
It rapport fan ’e Fryske Akademy jout ûnder oare in beskriuwing fan ’e kontaktfariëteiten yn Fryslân en in oersjoch fan ’e brûkers, besteande boarnen en basismaterialen, en fan partijen en organisaasjes dy’t mei kontaktfariëteiten oan ’e gong binne. Dêrnjonken jout it rapport in oanset ta in earste dokumintaasje-, ûndersyks- en ûntwikkelingswurklist.
De kontaktfariëteiten dy’t yn it rapport bestudearre wurde, binne: it Stedfrysk (fan Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, It Hearrenfean, Kollum, Ljouwert, Snits en Starum), it Biltsk, it Amelânsk, it Midslânsk (Skylge) en it Súd-Lauwerslânsk.