Reina Rodina van der Meer foar Liet International nei konferinsje oer kulturele gearwurking yn Ruslân
Op útnoeging fan de Russyske kulturele stichting Russiane is de jonge Fryske sjongeres en muzikante Reina Rodina van der Meer (24) op Twadde Pinksterdei op it fleantúch stapt nei Ruslân om út namme fan Liet International mei te dwaan oan de 6de ynternasjonale konferinsje oer ‘Russysk-Slavyske kultueren en ynterkulturele ynteraksje’. De konferinsje wurdt hâlden yn de stêden Moskou en Bryansk en duorret oant 4 juny. De konferinsje is ornearre foar jong ôfstudearre talint (oant 30 jier) út de wrâld fan de keunsten út Ruslân, de buorlannen fan Ruslân en befreone lannen yn Europa om mei-inoar te praten oer saken as ‘Cultural Identity and Cross-Cultural Communication’, ‘Dialogue of cultures under Globalisation’ and ‘Creative Development of a Person through Art’.
It giet de organisaasje fan de konferinsje der ek om om Ruslân op it mêd fan keunst, kultuer en keunstopliedings mear gearwurkje te litten mei oare Europeeske lannen. It kulturele klimaat is yn Ruslân oars as hjir. Yn Ruslân is yn 2008, by it begjin fan de ekonomyske krisis, stevich besunige op keunst en kultuer. Op’t heden wurdt der krekt wer mear yn keunst en kultuer ynvestearre en is der wer mear romte foar nije inisjativen. De organisaasje hat dêrom út de lannen dêr’t Ruslân op kultureel mêd mei gearwurket ien jong en net al te lang lyn ôfstudearre talint útnoege om oan de konferinsje mei te dwaan. Reina Rodina van der Meer is de iennichste dielnimmer oan de konferinsje út Nederlân.
Reina Rodina van der Meer is yn 2011 ôfstudearre oan de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert op it ûnderdiel komposysje. Se makke ferline jier ek yndruk mei de útfierings fan de troch harsels betochte, komponearre en útfierde ôfstudearfoarstelling ‘Wetterkâld’ op trije lokaasjes op de Fryske marren. Dêrnjonken hat Reina Rodina ek organisatoarysk it ien en oar út ‘e wei set. Reina Rodina van der Meer rûn yn 2010 staazje by Liet International en hat doe it Festival Interceltique de Lorient holpen by de organisaasje fan Liet International yn Bretanje. Sûnt is se nau belutsen by Liet en Liet International yn ferskate funskjes. Se wie foar Stichting Liet International dan ek in logyske kandidate om Liet International yn Ruslân te fertsjintwurdigjen.
Liet International presintearret sûnt 2008 elts jier op syn minst ien groep út de Russyske federaasje op it sjongfestival mei help fan de Ried fan Europa. Om de gearwurking mei de minderheden yn Ruslân te ferbetterjen hat Stichting Liet International begjin dit jier yn Moskou in yntinsje-oerienkomst sletten mei de Russyske stichting ‘Russiane’. De gearwurking hâldt yn dat ‘Russiane’ it meidwaan fan groepen út de Russyske Federaasje oan Liet International stimulearret en fasilitearret. Ek sille Russiane en Liet International mei-inoar ûndersykje wat de mooglikheden binne om yn Ruslân in fariant fan Liet International te ûntwikkeljen foar alle likernôch 180 minderheidstalen yn de Russyske Federaasje. Ek is Russiane ynteressearre om op termyn Liet International yn Ruslân te organisearjen. De dielname fan Reina Rodina van der Meer is it earste konkrete resultaat fan de gearwurking tusken Russiane en Liet International.