De (memme)taal is fan belang yn soarchsituaasjes, draacht by oan it wolwêzen fan soarchfregers en soarget foar in better begryp oer en wer. Dat binne de wichtichste konklúzjes út it ferkennende ûndersyk ‘Hokker taal prate jo?’ dat it ôfrûne healjier útfierd is yn opdracht fan de Afûk yn gearwurking mei ROC Friese Poort en ROC Friesland College. Op moandei 10 juny binne de resultaten presintearre op in byienkomst by ROC Friese Poort yn Ljouwert.
Fokke Jagersma, projektkoördinator by de Afûk, oer it ferkennende ûndersyk: ‘It doel wie om mear te witten te kommen oer it brûken fan (streek)taal yn de soarch. De resultaten fan ‘Hokker taal prate jo?’ befêstigje wat wy al tochten. Dêr kinne wy fierder mei. In twadde oanlieding wie dat de opliedings fernimme dat taal aktueel is en dat se graach wolle dat studinten har bewust binne fan it belang fan taal.’
De resultaten befêstigje yndie it byld dat taal aktueel is en dat it wichtich is dat it soarchpersoniel fan de takomst dêr op taret wêze moat. Dat jildt likegoed foar de kennis fan de taal as foar it besef fan wat taal dwaan kin. Om’t bliken docht dat in grut part fan de soarchfregers yn Fryslân it Frysk as memmetaal hat, jout dizze ferkenning ek genôch arguminten om al yn de opliedings yn it Frysk te ynvestearjen.
Yn totaal wurken 350 studinten fan de oplieding Verzorgende IG fan beide Fryske ROC’s mei oan ‘Hokker taal prate jo?’. Sy giene op har staazje-adressen, rûnom yn de provinsje, yn petear mei sawol soarchfregers as fersoargjenden oer taal yn ’e soarch.