De Ried fan de Fryske Beweging is bot skrokken fan it berjocht dat meiwurkers fan de ING Bank gjin Frysk prate meie soene oan de telefoan tsjin klanten. De Ried hat sels in rekken by ING en wit dat de bank graach maatskiplik belutsen wêze wol. De Ried wol dêrom yn petear mei de bank oer syn hâlding tsjin de Fryske taal oer om opheldering te krijen oer it foarfal en misferstannen de wrâld út te helpen.
It nijs kaam oan it ljocht nei oanlieding fan in melding fan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra, in klant fan ING. Dijkstra spruts oan de telefoan mei in meiwurker fan ING dy’t wol Frysktalich is, mar dat fan de bank net prate mocht. Neffens de bank hat dat te krijen mei de technology dy’t brûkt wurdt om petearen fan meiwurkers te analysearjen.
“In bank dy’t der foar elkenien is, soe der ek foar de Friezen wêze moatte. It is ûnbesteanber dat twa Friezen ûnderling gjin Frysk prate meie,” lit bestjoerslid Pieter de Zwart út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging witte. Neffens de Ried meie technologyske beheiningen it rjocht om Frysk te praten net yn de wei stean. “Wy tinke graach mei ING mei oer hoe’t sy dat oplosse kinne. Dêrom hawwe wy de bank fia in brief benadere om yn petear te gean.”
De Ried fan de Fryske Beweging giet derfan út dat ING ree is om yn petear te gean. En as dat net sa is? “Dan sille wy ús nochris beriede oer wat wy mei ús rekken by de bank dogge, mar lit ús earst it goede petear mar ris oangean”, sa seit De Zwart.
De tekst is oernommen fan It Nijs