De Nederlânske oerheid moat de posysje fan it Frysk yn alle lagen fan it ûnderwiis, en yn it bysûnder yn it fuortset ûnderwiis, ferbetterje. Ek soe it Ryk befoarderje moatte dat it Nedersaksysk in gewoan skoalfak wurdt en in plak krijt op skoallen yn it Nedersaksysk taalgebiet. Dy advizen steane yn it fjirde rapport fan de Ried fan Europa yn Straatsburch oer it tapassen fan it Hânfêst foar regionale en minderheidstalen troch lidsteat Nederlân. Dat Hânfêst is sûnt 1998 yn wurking. De Ried fan Europa lit om de pear jier in ynternasjonale kommisje fan saakkundigen neigean yn hoefier’t de lidsteaten har oan it Hânfêst hâlde en oft der ek foarútgong makke wurdt.
De Ried fan Europa skriuwt dat de Ryksoerheid sels wurk meitsje moat fan in ‘geregelde, strukturele en konstruktive dialooch’ mei fertsjintwurdigers en sprekkers fan de minderheidstalen yn Nederlân. It ûntwikkeljen en fieren fan in súksesfol taalbelied ta stipe en ûntwikkeling fan minderheidstalen is ommers allinnich mooglik as dat belied ta stân komt yn dialooch mei de sprekkers fan dy talen, sa skriuwt de Ried. By harren besite oan Fryslân en it Nedersaksysk taalgebiet oan it begjin fan dit jier hat de kommisje fan saakkundigen fan de Ried fan Europa konstatearre dat der yn Nederlân gjin of mar amper sprake is fan in dialooch tusken Ryksoerheid en organisaasjes fan sprekkers fan minderheidstalen.
Dat jildt yn it bysûnder foar it Nedersaksysk. Neffens de Ryksoerheid soe it Ryk gjin taak hawwe foar it Nedersakysk, omdat it stypjen fan dy taal in provinsjale ferantwurdlikheid wêze soe. De Ried fan Europa ûntstriidt dat. It Ryk hat foar sawol it Nedersaksysk as it Limboarchsk part II fan it Hânfêst ûndertekene en ratifisearre en hat dêrmei de ferplichting op him nommen om in gearhingjend taalbelied foar dy talen te ûntwikkeljen en troch te fieren. Om hjir in begjin mei te meitsjen jout de Ried fan Europa it Ryk it advys om it oanbod fan Nedersaksysk op skoalle – en dan yn it bysûnder op de basisskoalle en it foarskoalske ûnderwiis – te fergrutsjen troch de taal ta gewoan skoalfak te befoarderjen.
De Ried fan Europa is foarsichtich posityf oer it wetsfoarstel ‘Gebruik Friese Taal’ fan âld-minister Donner, mar fynt wol dat it lang duorret foardat der yn ‘e praktyk wat fan te fernimmen is. De Ried jout it Ryk it advys mei om de taalwet net te beheinen ta de domeinen oerheid en rjochtbank mar ek oare saken oangeande it Frysk, lykas mediabelied en ûnderwiis, yn dy nije taalwet te regeljen. Oer Omrop Fryslân skriuwt de Ried fan Europa dat Nederlân op dit stuit noch wol foldocht oan de ferplichting om te foarsjen yn radio en televyzje yn de minderheidstaal, mar dat it foarnimmen fan it ryk om de regionale omroppen te sintralisearjen in bedriging is foar de publike omrop yn it Frysk. Neffens de plannen fan it nije kabinet geane de regionale omroppen yn 2013 oer fan provinsje nei Ryk en moatte dy omroppen dan boppedat foars besunigje. De Ried fan Europa fynt dat de posysje fan it Frysk op radio en tillefyzje hjirby net yn ‘e knipe komme mei.
It EBLT (Europeesk Buro fan Lytse Talen) is wiis mei it rapport fan de Ried fan Europa. It EBLT ûnderskriuwt de konklúzje fan de Ried fan Europa dat it heech tiid wurdt foar in strukturele dialooch tusken Ryksoerheid, Twadde Keamer en organisaasjes fan minderheidstalen. Yn guon oare Europeeske lannen, lykas Dútslân, bestiet sa’n dialooch. De posysje fan de minderheidstalen hat bygelyks in fêst plak op de aginda fan de Bundestag.
It EBLT sil de Twadde Keamer freegje om it rapport fan de Ried fan Europa op de aginda te setten. It EBLT, dêr’t 21 Fryske en Nedersaksyske organisaasjes by oansletten binne, is graach ree om, yn oerlis mei oaren, foarm te jaan oan in strukturele dialooch tusken Ryk, Twadde Keamer en organisaasjes fan minderheidstalen. It EBLT sil dêrta ek kontakt sykje mei de Keamerkommisje fan ynlânske saken en minister Plasterk.
Klik hjir foar it rapport fan de Ried fan Europa.