Seminar Multilingualism & Social Media

Op freed 28 en sneon 29 novimber fynt it ynternasjonale ekspert seminar ‘Multilingualism & Social Media’ plak yn Ljouwert. Sûnt 2008 organisearret it Mercator Kennissintrum en it SOAS geregeld kongressen en seminars yn Londen en Ljouwert.

It seminar biedt in ynternasjonaal foarum foar it bediskusearjen fan de ynfloed dy’t sosjale media en de bybehearende technologiën hat op taal, de taalmienskippen, taalhâlding, taalgedrach en –identiteit. De diskusje sil benammen har fokus ha op it mêd fan taallearen, meartaligens, minderheids-, regionale- en bedrige talen.

Sprekkers sille wêze:
• Daniel Cunliffe, University of South Wales
• David Little, Trinity College, Dublin
• Durk Gorter, Basque University
• Jannis Androutsopoulos, University of Hamburg
• Lid King, The Languages Company
• Lorna Carson, Trinity College, Dublin
• Lysbeth Jongbloed, Fryske Akademy
• Sarah Cartwright, SOAS, University of London
• Sarah McMonagle, University of Hamburg

Wolle jo de hiele konferinsje bywenje, of komt it faaks better út om nei in inkelde lêzing te gean of om in kear mei te iten: jo binne altyd fan herten wolkom! Foar opjefte kinne jo kontakt opnimme mei Adrie Kaspers: akaspers (ad) fryske-akademy.nl

Foar mear ynformaasje en it programma ferwize wy nei ús website:
http://www.mercator-research.eu

Mei hertlike groetnis en graach oant sjen,

Conference co-organisers:
Itesh Sachdev, SOAS

Cor van der Meer, Fryske Akademy / Mercator

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *