Skriuwersboun: hâld Omrop Fryslân bestjoerlik en organisatoarysk selsstannich

It Skriuwersboun is net gerêst op de posysje fan it Frysk by Omrop Fryslân as de omrop har selsstannigens ferlieze soe.

De Omrop is in tige wichtige pylder fan de ynfrastruktuer fan de Fryske taal. Omrop Fryslân is ûnmisber as de grutste Frysktalige produsint fan nijs, edukatyf materiaal en ferdivedaasje fia de massamedia radio, tillevyzje en ynternet.

It Skriuwersboun hat der gjin betrouwen yn dat de Omrop de funksje dy’t it foar de Fryske taal hat, útfiere kin sa’t it dat no docht, as it opgiet yn in grutter, lanlik en Nederlânsktalich gehiel.

Yn it belang fan de Fryske taal en kultuer moat Omrop Fryslân finansjeel, bestjoerlik, organisatoarysk en redaksjoneel selsstannich bliuwe.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *