De sloop fan de pannen oan ‘e Grienewei 6, 8 en 10, dy’t diel útmeitsje fan it kompleks fan ‘e Fryske Akademy, sil yn ‘e wike fan 16 juny út ein sette. De tariedingen foar de sloop begjinne al dizze wike. Tsjin de flakte geane de eardere, yn 1977 boude boekwinkel fan ‘e Fryske Akademy en it oanbuorjende pân dat de Akademy yn 1983 oankocht en dat in skoftke as tsjinstwenning foar de húswarder brûkt waard. Ek it yn 2001 oankochte pân Grienewei 10 – it âlde pearskleurige koetshûs mei it hege puntdak – ûntkomt net oan de sloop. Dit ferrinnewearre pân hat altyd by it yn 1713 boude Coulonhûs heard en stammet wierskynlik ek út deselde tiid. It wie as hynstestalling mei koetshûs yn gebrûk troch de ferneamde famylje Coulon oant it jier 1844, doe’t it Coulonhûs mei koetshûs, bûthús en wenning ferkocht waard. Lykwols kin it koetshûs net mear sparre wurde. “Foar de Fryske Akademy is it net te dwaan it koetshûs yn goede steat werom te bringen”, ljochtet Jos Tjalsma, haad algemiene saken fan ‘e Fryske Akademy, ta. “Dat kostet in ûnevenredich soad jild. Wy rjochtsje ús op restauraasje fan it Coulonhûs en nijbou oan ‘e Grienewei.”
Boaiemsanearring
Fierder sil der op de perselen oan ‘e Grienewei grûnfersmoarging oprêden wurde. Ferkennende en neiere boaiemûndersiken hawwe op dizze lokaasje in tuskenbeiden oant swiere leadfersmoarging fêststeld. De krekte datearring fan ‘e fersmoarging is net bekend, mar giet mooglik inkelde ieuwen werom doe’t de lokaasje oan ‘e râne fan ‘e stêd lei.
De sloopwurksumheden ynklusyf boaiemsanearring sille ein july ôfrûn wêze. Utfierder is it sloopbedriuw WMR út Rinsumageast.
Op it plak fan de sloopte pannen komt nijbou ûntwurpen troch arsjitekt Jo Janssen út Maastricht. Neffens planning sil de bou nei de simmer út ein sette en yn ‘e maitiid fan 2016 oplevere wurde.
Webcam
Sloop en bou by de Fryske Akademy binne streekrjocht op ynternet te folgjen fia ús webcam. De link nei de webcam is te fine op ús haadside: http://www.fryske-akademy.nl/