Soad stipe foar jierlikse ‘demokrasy-APK’ yn Europeesk Parlemint

De plenêre gearkomste fan it Europeesk Parlemint yn oktober 2016

De plenêre gearkomste fan it Europeesk Parlemint yn oktober 2016

In romme mearderheid yn it Europeesk Parlemint stimde ein oktober yn mei it foarstel fan D66-Europarlemintariër Sophie in’t Veld foar in jierlikse Europeeske ‘Demokrasy APK’. It doel is om tenei alle jierren in rapport út te bringen oer hoe’t it der yn alle 28 lidsteaten foarstiet mei de demokrasy, de rjochtsteat en de grûnrjochten. Hjirby wurdt sjoen nei saken as minskerjochten, parsefrijheid en rjochten fan minderheden en minderheidstalen yn alle 28 lidsteaten. Yn it ramt fan de jierlikse ‘Demokrasy-APK’ sil ek sjoen wurde nei it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen en it Ramtferdrach Nasjonale Minderheden, beide fan de Ried fan Europa. Dy ferdragen wurde op dit stuit noch ien kear yn de trije jier of sels ien kear yn de fiif jier hifke, mar frou In’t Veld fynt it wichtich dat soks faker bart. “Als je elk jaar rapporteert kun je de ontwikkelingen op de voet volgen en kun je ook beter zien of problemen wel of niet worden opgelost.” Sy sjocht it nije EU-meganisme as in fersterking fan it wurk fan de Ried fan Europa.

Yn juny 2015 waard Sophie in’t Veld troch it Europeesk Parlemint oanwiisd as rapporteur oer it ûnderwerp ‘Demokrasy APK’. Dat barde doe noch mei in minimale mearderheid fan ien stim. In’t Veld gie likegoed fol goeie moed oan de slach. “Zaken als democratie, persvrijheid, maar ook homorechten en minderhedenrechten horen tot de kernwaarden van de Europese Unie. Ik vind het raar dat de EU tot dusver nog geen echt instrument had om dat ook effectief te gaan controleren.” It is frou In’t Veld sûnt dy tiid slagge om yn oerlis mei kollega’s, ynternasjonale organisaasjes as de Ried fan Europa en ferskate NGO’s om it draachflak aardich grutter te meitsjen. Ek Europarlemintariërs dy’t har ynspanne foar minderheidstalen, lykas de Katalaan Terricabras en de Hongaar Schöpflin hawwe it foarstel foar in jierlikse demokrasy APK yngeand bestudearre en dêr posityf oer advisearre. No’t it rapport en it foarstel fan In’t Veld mei twatredde mearderheid oannommen is, is de Europeeske Kommisje ferplichte om binnen in pear moanne mei in ynhâldlike reaksje te kommen. In’t Veld hat der wol betrouwen yn dat de kommisje oan de slach giet mei de demokrasy APK. “Frans Timmermans was hier zelf voor toen hij minister van buitenlandse zaken was. Nu reageerde hij wat zuiniger, maar ik ben er van overtuigd dat hij en ik dezelfde waarden delen op dit terrein.

It ta stân kommen fan ien, objektyf ynstrumint foar it kontrolearjen fan alle lidsteaten moat ek foar it nedige lykwicht soargje yn de Europeeske Uny. Op dit stuit hawwe East-Europeeske lidsteasten as Hongarije en Poalen gauris it gefoel dat benammen sy bekritisearre wurde om politike redenen. As alle Europeeske lannen op deselde wize hifke wurde op basis fan deselde kriteria dan is dêr mear draachflak foar, ek yn Hongarije en Poalen, tinkt frou In’t Veld. As de Europeeske Kommisje it foarstel fan rapporteur In’t Veld oernimt is dat in stap foarút foar it minderhederjocht. In eardere resolúsje fan de Korsikaan Alfonsi foar ‘bedrige talen’, krige in soad stipe yn it Europeesk Parlemint, mar waard nea útfierd troch de Europeeske Kommisje. It yntegrearjen fan minderhederjochten yn ien bredere Europeeske maatregel foar it fersterkjen fan alle minskerjochten is ek nijsgjirrich foar minderheden yn lannen dy’t it Hânfêst foar Minderheidstalen noch net ratifisearre hawwe, lykas Frankryk. Ek sy kinne dan tenei by in jierlikse kontrôle troch de Europeeske Uny likegoed harren foardiel dwaan mei it Hânfêst. Yn it Europa-blog fan Omrop Fryslân leit Sophie in’t Veld út wat se krekt foar eagen hat mei de demokrasy-APK.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.