Yn 2010 ferskynde de Skriuwerskalinder foar it lêst en út reaksjes docht bliken dat dy tige mist wurdt. Dêrom wol in wurkgroep fan It Skriuwersboun en Tresoar besykje dizze âlde tradysje wer nij libben yn te blazen. We binne drok dwaande mei de organisaasje, mar soe it dizze simmer net slagje, dan dogge we it takom jier!
Dêrom no alfêst in oprop foar it stjoeren fan bydragen foar de kalinder fan 2013. It tema wurdt:
Spannend
In aktueel tema dêr’t je alle kanten mei út kinne. Dêrby kin men tinke oan de krisis, in relaasje, sport, fakânsje en oare aventoeren. Mooglik ropt sa’n wurd noch wol mear en oare assosjaasjes op.
It tema is ornearre as in hânfet. As jo der net mei út ’e fuotten kinne meie jo ek in oar ûnderwerp kieze. Dêrby kinne jo tinke oan eveneminten, hjeldagen, seizoenen en sa fierder. Njonken literêre bydragen binne foto’s en oar byldmateriaal wolkom, sa wolle wy ek oare keunstfoarmen in kâns jaan.
It yn te stjoeren wurk foar de nije kalinder moat foldwaan oan guon betingsten:
• de bydragen, teksten én ôfbyldingen, meie noch net earder publisearre wêze
• de lingte fan proaza is op it meast 300 wurden (gjin boekefragminten)
• jo kinne net mear as twa bydragen stjoere (fan haikûs meie dat mear wêze mar dan as in syklus)
• it wurk leafst digitaal ynstjoere
• bydragen meie yn it Frysk of in besibbe taal (Stellingwerfsk, Biltsk, Stedsfrysk) wêze
• de kopij moat foar 20 juny 2012 opstjoerd wurde nei: info@tresoar.nl mei derby: bydrage Skriuwerskalinder
In saakkundige redaksje beoardielet it ynkommen materiaal. Oer wurk dat net pleatst wurdt, krije jo noch foar it ferskinen fan de nije kalinder in reaksje. Bydragen dy’t wol pleatst wurde stiet in (symboalyske) fergoeding fan € 25,- foar oer.
Foar ynformaasje:
Skriuwersboun: Auck Peanstra: 058 253 1873 – auckpeanstra @ hotmail.com
Tresoar: Bert Looper: 058 789 0789 – bert.looper @ tresoar.nl