De Nederlandse Taalunie en de provinsje Fryslân binne fan doel om tegearre belied te ûntwikkeljen foar de Frysk-Nederlânske mingtalen yn Fryslân. Yn tsjinstelling ta it Frysk en it Stellingwerfsk (Nedersaksysk) binne dy mingtalen troch de Nederlânske oerheid net erkend ûnder it Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden.
Datum en tiid: sneon 7 oktober 2017, 09.00-13.30 oere
Plak: Aerden Plaets, Dominee Schulingstraat 4-6, Alde Biltsyl
Tagong en opjefte: de tagong is fergees, mar opjefte yn it foar is wol needsaaklik. Dat kin o/m freed 29 septimber fia mw. Margje Wolthuizen (e-mail: mwolthuizen@fryske-akademy.nl of tel. (058) 233 69 24).
De mingtalen dêr’t wy it oer hawwe binne it Biltsk, it Stedfrysk (Boalserters, Dokkumers, Franekers, Harlingers, Liwwadders, Snekers, Starumers, Kollumers), Pompsters, en de talen fan de eilannen Skylge (Aasters, Mezlâns en Westers), it Amelân en Skiermuontseach. It Hylpers is taalkundich besjoen gjin mingtaal, mar wurdt fanwegen it belied fan de provinsje Fryslân meinommen yn dizze ynvintarisaasje.
Yn de gearkomste wolle wy de winsken en noeden fan taalbrûkers, organisaasjes en minsken yn it wurkfjild ynvintarisearje en redendiele mei politisy en amtners oer hoe’t dat taalbelied der útsjen moat.
De fiertalen fan it sympoasium binne Nederlânsk< Frysk en alle boppeneamde taalfariëteiten.
Programma
Deifoarsitter: Cor van der Meer
09.00 | Ynrin |
09.30 | Iepening troch wethâlder Boukje Tol, gemeente It Bilt |
09.45 | Hans Van de Velde: Oanlieding en doelen fan de gearkomste
Alex Riemersma: It streektaalbelied fan de provinsje Fryslân Eric Hoekstra: It Biltsk, in paradijs foar linguïsten Abel Darwinkel: Praktykûnderfinings út Drinte |
10.30 | Foarstelrûnte dielnimmers |
10.45 | Wurkwinkel rûnte 1, kar út:
1) Taaloerdracht thús en yn de foarskoalske opfang 2) Soarch en âlderein 3) Mingfariëteiten as kultureel erfgoed |
11.45 | Wurkwinkel rûnte 2, kar út:
4) Taalnoeden fan befolking en gemeenten 5) Taal learen mei en troch folwoeksenen 6) Publike en sosjale media |
12.30 | Lunsj mei in gearfetting fan de útkomsten fan de wurkwinkels |
13.15 | Ofsluting |
13.30 | Ein fan de stúdzjegearkomste |