SWALK, Frysk op Toernee

In nij, rûnreizgjend festival giet troch Fryslân. Mei SWALK giet de Fryske kultuer letterlik op toernee. Nei de iepening op 12 septimber yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, fart it Frysk mei theaterskip Bald’r troch de provinsje. Fan 13 oant en mei 21 septimber is der op it theaterskip elke jûn in program mei sterk wikseljende ynhâld. Dêrmei kin it publyk op safolle mooglik ferskate plakken yn oanrekking komme mei de Fryske kultuer.

​Iepeningsfeest
Yn de Blokhúspoarte fynt de grutte iepening yn de foarm fan it Frysk Boekefeest plak: op 12 septimber stiet it âlde sellekompleks yn it teken fan de Fryske literatuer. By de offisjele iepening troch Tresoar direkteur Bert Looper en Deputearre fan kultuer Jannewietske de Vries, wurde Kadoboek en Aksjeboek presintearre. Fierder binne der muzikale aktiviteiten en fynt yn kafee De Bak in diskusje plak oer de rol fan de Fryske literatuer yn it ramt fan KH2018. Oer it program komme sa gau mooglik mei fierdere details.

Theaterskip
It theaterskip Bald’r is op sneon 13 septimber yn Frjentsjer en fart dêrnei elke dei nei in oar plak ta. Fia Warkum fart dizze nei Starum, Heech, Wâldsein, Langwar, Terherne en Grou, om op snein 21 septimber te einigjen yn Burgum. Op dit skip fine tal fan aktiviteiten plak. Ferhalefertellers Mindert Wijnstra en Douwe Kootstra binne ôfwikseljend presintator fan in jûnsprogram dêr’t folksferhalen it mulpunt fan binne. Spannend dêryn is dat it ûntstiet troch in keunstnerskollektyf dat in wike lang meireizget, ûnderweis ferhalen opdocht, ferwurket en jûns presintearret yn in nij program.

SWALK is de nije opset fan de Moanne fan it Fryske Boek. De organisaasje kiest hjirmei foar in nije koers, rjochte op kwaliteit en ferskaat. Sjoch ek op www.swalk.nl​.

Boarne: Tresoar

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *