Taalwet nei keamer stjoerd

Minister Spies fan Ynlânske Saken hat de nije ‘Wet gebruik Friese taal’ midden yn it simmerreses trochstjoerd nei de Twadde Keamer. Yn de wet wurdt foar it earst wetlik fêstlein dat it Frysk en it Nederlânsk de offisjele talen fan Fryslân binne.

Yn de wet wurdt fierders regele dat Frysktaligen by de oerheid en by de rjochtbank yn prinsipe altiten it rjocht hawwe om Frysk te praten, as se dat wolle. Dat rjocht krije Frysktaligen ek as se foarkomme moatte yn Grins, Assen of Arnhim. Mar fierder giet it oant no ta net.

It Steatekomitee Frysk, de provinsje en ek it EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen) hawwe der by Spies bot op oanstien om de wet wol troch te stjoeren nei de Twadde Keamer. De Wet gebruik Friese taal giet allinnich oer it brûken fan it Frysk by de oerheid en de rjochtbank. Frysk yn it ûnderwiis en yn de media wurdt yn de nije wet net regele. De wet kundiget fierders oan dat der in nij Orgaan komme sil dat beweitsje moat dat Nederlân him goed hâldt oan it ‘Hânfêst foar minderheidstalen’ fan de Ried fan Europa. Geart Benedictus fan it Steatekomitee Frysk is bliid dat de taalwet no dochs trochstjoerd is nei de Twadde Keamer. Hy neamt it wetsfoarstel ‘in stapke foarút’. De nije wet jildt net foar hiel Fryslân. Foar de fjouwer Waadeilannen en de gemeente Weststellingwerf wurdt in útsûndering makke.

Boarne: Omrop Fryslan

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *