Afûk

Tredde Fryske Twitterdei grut sukses!

Foto: Praat mar FryskDe tredde Fryske Twitterdei wie in grut sukses. Om 09.30 oere moarns stienen de hashtags #Frysk en #FryskeTwitterdei al tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter!

Tûzenen twitterders ferstjoerden 6.438 unike tweets en noch folle mear retweets de hashtag #Frysk út mear as 25 lannen, fan Japan oant Amearika. Dêrneist is de hashtag #Frysk by mear as seis miljoen minsken ûnder eagen kommen. En dat is mear as ferline jier! Geandewei de dei stie #FryskeTwitterdei it grutste part fan ‘e dei op nûmer ien as ‘trending topic’! Lês mear…

Twadde Keamerlid Pieter Heerma op besite by it EBLT

Op 11 april was bi’j oons te gaaste Pieter Heerma (CDA) veur een gesprek over de pesisie van et Fries en Nedersaksisch.

Pieter Heerma wie freed 11 april op besite by it EBLT. It CDA-Twadde Keamerlid wie te gast by it EBLT om by te praten oer Omrop Fryslân, it Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa en noch folle mear.

Op de foto (fan lofts nei rjochts): Hanno Brand fan de Fryske Akademy, Pieter Heerma, Fokke Jagersma (DB-lid fan it EBLT en Afûk) en Henk Bloemhoff (DB-lid fan it EBLT en SONT).

It Grut Frysk Diktee live by Omrop Fryslân

Wa’t ris besykje wol hoe goed hy of sy it Frysk skriuwe kin, krijt no de kâns. Minsken kinne dit jier thús meidwaan oan it Grut Frysk Diktee. It diktee is op woansdei 16 april foar it earst live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en ynternet. It Grut Frysk Diktee wurdt om ‘e twa jier holden, dit jier foar de tolfte kear. Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs bûge 32 dielnimmers harren oer it diktee.

Presintatrise Karen Bies fan Omrop Fryslân hat de tekst foar it Grut Frysk Diktee fan dit jier skreaun en sil it ek foarlêze. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering. Yn 2010 en 2012 waard it diktee wûn troch André Looijenga. Hy docht ek dit jier wer mei om syn titel te ferdigenjen. 51 minsken hawwe oan ‘e foarronde meidien, 32 dêrfan hawwe har pleatst foar de finale. Oan it diktee dogge tradysjegetrou ek bekende Friezen mei, ûnder oaren aktrise en sjongeres Tet Rozendal, LC-sjoernalist Asing Walthaus, FNP-Steatelid Annigje Toering en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018. Lês mear…

‘Tekst-nei-spraak’ lansearre

Op it provinsjehûs yn Ljouwert is tongersdei in Frysk tekst-nei-spraak programma lansearre troch deputearre De Vries. It set tekst oer yn sprutsen taal. Sa kinne websides yn it Frysk foarlêzen wurde. It helpmiddel kin brûkt wurden troch minsken mei in fisuele beheining of as se it Frysk lêzen net goed behearskje.

De Nederlânske ferzje bestiet al langer, mar in Fryske net. Der is al mei al twa jier oan wurke. It is makke yn opdracht fan de Afûk en de provinsje Fryslân. De ‘tekst-nei-spraak’ is ûnder oaren op www.omropfryslan.nl te brûken.

Boarne: Omrop Fryslân

Hokker taal prate jo?

De (memme)taal is fan belang yn soarchsituaasjes, draacht by oan it wolwêzen fan soarchfregers en soarget foar in better begryp oer en wer. Dat binne de wichtichste konklúzjes út it ferkennende ûndersyk ‘Hokker taal prate jo?’ dat it ôfrûne healjier útfierd is yn opdracht fan de Afûk yn gearwurking mei ROC Friese Poort en ROC Friesland College. Op moandei 10 juny binne de resultaten presintearre op in byienkomst by ROC Friese Poort yn Ljouwert.
Lês mear…

Fryske Donald Duck

Nei it suksesfolle Nederlânsktalige Fryslânnûmer fan ‘een vrolijk weekblad’ is fan freed 13 april ôf it ienige echte ‘fleurich Frysk blêd’ fan Donald Duck te keap. Yn de Fryske Donald Duck ferskine yn totaal 9 yn it Frysk oersette strips. Yn de ferhalen falt op dat der in soad omtinken is foar sport en fansels komme grutte Fryske sporteveminten lykas it skûtsjesilen en de Alvestêdetocht foarby. It is dan ek gjin tafal dat de presintaasje fan it earste nûmer op freed 13 april plakfine sil yn Sportstad Heerenveen.

‘Omdat der yn de Fryske Duck in soad omtinken is foar ferskate Fryske sporten en sporteveneminten, like it ús in aardich idee om dêr yn de presintaasje wat mei te dwaan’, seit Koen Eekma, direkteur fan de Afûk. ‘Dêrom hawwe wy skoallen oanskreaun en binne sa’n 100 skoalbern útsocht om ta eare fan it ferskinen fan dizze spesjale Fryske Duck mei te dwaan oan in alternative Alvestêdetocht.’ Foardat de bern mei harren tocht útein sette sil earst it offisjele earste eksimplaar fan de Fryske Donald Duck op ludike wize troch Kommissaris fan de Keninginnne John Jorritsma útrikt wurde. It startskot foar de Alvestêdetocht wurdt jûn troch foarsitter Wiebe Wieling fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. De ferskate sportive aktiviteiten wurde begelaat troch ferneamde Fryske (âld)sporters, dêrûnder Margot Boer, Foppe de Haan en Evert Wilstra.

Lês mear…

Stim op de Afûk as leukste winkel fan Fryslân

Leukste Winkel fan FryslânStim op de Afûk as leukste winkel fan Fryslân en win moaie prizen!

De Fryske boek- en taalwinkel fan de Afûk docht mei oan de leukste winkel fan Fryslân-ferkiezing. Om sa heech mooglik te einigjen hawwe wy sa folle mooglik stimmen nedich. Dêrom freegje wy jo in stim út te bringen op de Afûk fia: www.lwvf.nl/221. Stimme kin noch oant en mei tongersdei.

Alfêst betanke!

1 2 3 4 Scroll to top