Sytse Jansma nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de tolfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Sytse Jansma. Hy sil op 26 of 27 septimber in optreden fersoargje, yn it kader fan de Europeeske Dei fan ’e Talen. 

Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en dichtet net allinnich yn it Frysk en Nederlânsk, mar is ek byldzjend keunstner. Foto: Welmoed Riemersma

Syn Frysktalige debútbondel “Wa’t tate seit moat ek whisky sizze” kaam út yn 2008. Syn twadde bondel, “As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht”, út 2015, wie twatalich. Hy publisearret û.o. yn literaire tiidskriften as De Revisor, De Moanne en Ensafh. Hy wûn al 4 kear de Rely Jorritsmapriis foar syn gedichten en hat optreden op ferskate festivals, yn bygelyks Grins en Ljouwert, mar ek Kenia.

Yn syn poëzy is meartaligens in belangryk tema. Syn wurk kin karakterisearre wurde as eksoatysk, byldryk en eksperiminteel. De relaasje tusken persepsje en taal komt faak werom yn syn gedichten, mar ek syn pasje foar reizgjen, muzyk en byldzjende keunst spilet in grutte rol. Hy kombinearret ek graach syn wurk mei oare keunstfoarmen. Sa skreau er de tekst foar de teätrale audiokuier “It gelok fan Fryslân” fan Tryater yn 2020 en is krekt syn nijste projekt “Sprekende Stenen”, in gearwurking mei oare skriuwers en keunstner Ineke van der Blom, iepene yn Ljouwert. Sytse Jansma wurket no oan syn earste Nederlânsktalige dichtbondel dy’t yn 2023 ferskine sil by útjouwerij AtlasContact.

It Transpoesie Poëzyfestival wurket al in tal jierren gear mei it Skriuwersboun

Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie-festival

Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesie-poëzijfestival yn Brussel. Hy sil mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt op. Neist in foardracht út harren eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp Frijheid en Identiteit. It evenemint sil opnaam wurde en letter werom te sjen wêzen.

It Transpoesie-festival fynt plak fan 23 oant en mei 21 oktober mei ferskate eveneminten. It festival wurdt organisearre om de Europeeske Dei fan de Talen (26 septimber) te fieren. De eveneminten bestean út lêzingen en panels dy’t ferskate ûnderwerpen besprekke rûnom it tema To be in the (k)now – poetry as a means of social expression. Op dy wize wol it festival it bewustwêzen fan it taalferskaat binnen Europa fergrutsje.

Troch de gearwurking tusken it festival en it Skriuwersboun kinne der alle jierren Fryske skriuwers yn Brussel optrede.

Hâld www.transpoesie.eu en harren Facebookside yn de gaten foar mear ynformaasje.

26 septimber: Start kampanje Minority SafePack Initiative

Minderheden meitsje Europa riker!Minority safepack

Yn de Europeeske Uny binne der sa’n 50 miljoen minsken dy’t ta in minderheid hearre. Om harren te beskermjen en te stypjen is it Minority SafePack Initiative ta stân kaam. It Minority SafePack is in boargerinisjatyf nei de EU ta, útgeande fan de taalminderheidsorganisaasje FUEN (Federal Union of European Nationalities) en 7 Europeeske politisy. Ien fan de yntsjinners fan it Minority SafePack Initiative wie Jannewietske de Vries, doedestiids deputearre fan Fryslân.

It motto fan de EU is “in varietate concordia”- yn ferskaat ferbûn. It inisjatyf wol de EU oantrúnje om dit motto nei te stribjen, en har ferantwurding te nimmen foar har minderheden oer. Dat kin ôftwongen wurde mei in Europeesk boargerinisjatyf.

It inisjatyf moat sa folle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich wêze te kinnen. It hat op syn minst ien miljoen hantekens nedich. Yn Nederlân leit de drompel op 19.500.

De kampanje begjint op tiisdei 26 septimber, sawol yn Brussel as yn Ljouwert. Yn Brussel sil it folsleine kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân it inisjatyf om 12.00 oere ûndertekenje yn ‘Het Huis der Nederlandse Provinciën’. Yn Ljouwert begjint op datselde stuit in grutte manifestaasje as start foar it sammeljen fan safolle mooglik hantekeningen fan boargers.

Op dizze 26ste septimber, de Europeeske Taledei, organisearret it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn gearwurking mei de FUEN, de Ried fan de Fryske Beweging en it Mercator Kennissintrum, in bysûnder begjin fan de kampanje om it Minority SafePack-inisjatyf yn Nederlân hinne. Op 26 septimber is it ek Fryske Twitterdei en International Social Media Day for Small Languages. Leafst 16 Europeeske regio’s mei in lytse taal dogge hjir oan mei. Dy sosjale media sil de ûntjouwings om it Minority Safepack Initiative op ’e foet folgje. Twitterje yn jo eigen minderheidstaal, of folgje #EDL2017.

It evenemint wurdt holden by Tresoar yn Ljouwert op 26 septimber fan 12.00 oant 13.30 oere, mei tal fan sprekkers en in muzikaal optreden fan de Biltske sjonger Hein Jaap Hilarides. By Tresoar is gelegenheid om it inisjatyf te tekenjen. (https://ec.europa.eu/citizens-initiative/32/public/#/)
Continue reading “26 septimber: Start kampanje Minority SafePack Initiative”