bûsboekje 2020

45e Fryske Bûsboekje mei poëzy oer “tiid”

It nije Fryske Bûsboekje (2020) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “tiid. In moai tema foar in boekje dat jo it hiele jier troch yn de bûse hawwe. In feilich plak yn dizze digitale tiden en mei ynternet dat net mear sa feilich is.  Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

It tema ‘tiid’ lient him foar poëzy. Yn it nije Bûsboekje stiet dêrom it gedicht “Ferskining fan maityd” fan Janneke Spoelstra. De Bûsboekjeredaksje organisearret diskear ek in poëzykriich. Dichters (yn spee) wurde fan herte útnûge om in gedicht te skriuwen. Dat mei yn it Frysk of yn ien fan de oare streektalen dy’t yn Fryslân praten wurde. It mei fansels oer tiid gean, mar wy litte jim frij. Lês mear…

 Scroll to top