Platfoarm ‘de Moanne’ siket in einredakteur foar 8 oeren yn ’e wike. Hâldsto fan kultuer, keunst, skiednis, taal en literatuer? Bisto Frysktalich en in echte planner, organisator en ideeëmasine? Dan siket de Moanne dy. As einredakteur fan ‘de Moanne’ bisto de spin yn it web en de earste kontaktpersoan foar de freelance sjoernalisten, fotografen, yllustratoaren, korrektor, foarmjouwers en drukker.
Reagearje kin oant en mei 21 novimber. Besjoch de folsleine fakatuere hjir.
Elke keunstner ken it: de wrakseling. Meastentiids sjochst inkeld it einresultaat – in kreatyf wurk dat presys is sa’t it wêze moat. Mar wat is dêroan foarôfgien? Hoefolle ferzjes binne der makke? Hoefolle jierdeis binne der skipt? Hoe faak is der roppen: “Wêrom moat ik yn ‘e goedichheid no sa nedich méitsje? Wêrom haw ik net genôch oan wurkjen, sliepen, iten en reality tv sjen?!”
Yn dit live-event dat we organisearje yn gearwurking mei Explore the North fertelle yllustratoaren en skriuwers oer harren wrakseling. Lústerje én sjoch nei de ferhalen fan Tjitske van Dijk, Lara Kool, Piter Banga, Hannes Schievink en Sanne Visser. Sarah van der Meer is moderator. De tagong is fergees!
Dizze jûn oer ‘it toanbyld fan wrakseling’ is it resultaat fan in spannende proazasimmer, dêr’t 15 nije talinten de kâns krigen om byld of tekst te publisearjen yn de Ljouwerter Krante en de Moanne.
plak & tiid
Wês der by op tiisdei 12 novimber om 20.00 oere yn de Stadskas by de Aldehou yn Ljouwert.
It hiele programma yn de Stadskas fan Explore the North fynst hjir.
De nije webside fan de Moanne, yn geef Frysk, live gien. De side is frisser, oersichtliker en dúdliker. Troch de berjochten better op tema yn te dielen, kinst fluch fine watst sikest.
Nij is ek de gearwurking mei Merk Fryslân, dêrtroch binne no op de webside alle kulturele aktiviteiten yn in aginda werom te finen. De webside is hjir te besjen.
Wat it slavernijferline no mei ús docht. Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân
We meie op 1 july dan wol betinke dat it 150 jier lyn is dat Nederlân de slavernij yn de eardere koloanjes ôfskafte, mar hoe wurket dat ferline noch altyd troch yn ús maatskippij? Oer dy fraach organisearret Tresoar op tongersdei 22 juny in temajûn, yn gearwurking mei opinyblêd De Moanne en FryslânDOK, dokumintêreplatfoarm fan Omrop Fryslân. Op dizze jûn wolle we ûndersykje hoe ynklusyf de Fryske maatskippij no echt is. Wurket it slavernijferline noch altyd troch yn ús hâlden en dragen ten opsichte fan minsken mei in ôfkomst fan de eardere wingewesten?
(ûn)lykwurdigens
De Moanne ferskynt healwei juny mei in edysje dy’t folslein yn it teken stiet fan dit tema ûnder de paraplu fan (ûn)lykwurdigens. Yn dizze edysje lêst ûnder mear in grut artikel mei in fraachpetear mei Jaleesa Schiphorst, wichtich adfiseur foar de Pier21-foarstelling Un dia nobo – Wan nyun dey – In nije dei en bestjoerslid Comité 30 juni / 1 juli Fryslân.
slavernijferline yn Fryslân
FryslânDOK stjoert ein juny twa ôfleverings út wêryn’t sjoen wurdt nei de trochwurking fan it slavernijferline yn Fryslân. By de slavehannel tinke we gau oan VOC en WIC en ‘dus’ oan Amsterdam, mar ek yn Fryslân wennen keaplju dy’t oandielen hienen yn plantaazjes mei slavenarbeid, of seelju dy’t meiwurken oan it transport fan minsken of guod fan dizze plantaazjes. FryslânDOK praat mei ynwenners fan ús provinsje dy’t woartels ha yn dizze histoarje oer wat sa’n ferline noch altyd mei har docht. Boppedat sjogge de programmamakkers hoe’t de ekonoamyske machtsbasis dy’t yn de koloniale tiid lein waard, noch altyd hannels-ûngelikensens yn stân hâldt – wat bygelyks sichtber is yn it bakje kofje dat wy alle dagen drinke en dat noch altyd in produkt is fan ûnearlike hannel.
Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân
Yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar sjogge en harkje we nei dizze ferhalen en prate dêr fierder oer. De makkers fan De Moanne en FryslânDOK skowe oan, tegearre mei gasten dy’t yn harren ferhalen foarkomme, wêrûnder Jaleesa Schiphorst. Mei har en oaren prate we oer de hâlding dy’t de maatskippij oannimt ten opsichte fan dit tema en hoe’t de media hjir in rol yn spile ha en yn spylje kinne.
De byienkomst begjint om 20:00 oere en is fergees by te wenjen. Wol freegje we dy om in plak te reservearejen yn ferbân mei de beskikberheid. Reservearje kin hjir.
It poëtysk útwikselingsprojekt ‘Poetic Potatoes’ wûn moandei yn de Oranjeseal fan it Ljouwerter stedhûs de Piter Jellespriis foar de Letteren 2019. De literêre priis is troch wethâlder Sjoerd Feitsma oan de stichting De Bildtse Aardappelweken oanbean. De sjuery bestie út Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos.
‘Like simpel as geniaal’
Poetic Potatoes is in literêr útwikselingsprojekt wêrby’t hast fyftich dichters fan Malta en út Fryslân in oade oan de jirpel skreaunen. De sjuery skriuwt yn it rapport: “Het idee was even simpel als geniaal. Een zak pootaardappelen uit Friesland, uit ’t Bildt om preciezer te zijn, ging vergezeld van een gedicht in vertaling en de aardappelen die terug kwamen brachten poëzie van Malta naar Friesland. Het idee heeft ook iets grappigs en een aardser onderwerp voor de poëzie is nauwelijks denkbaar en toch leverde dit uitgangspunt boeiende poëzie op.”
It projekt mingt talen, ierpelboeren, dichters en nasjonaliteiten trochinoar. Poetic Potatoes lit de wearde en de krêft fan it lokale en fan de eigen kultuer sjen, lit de sjuery witte.
Parallel oan dit programma dienen basisskoallen op Malta en yn Fryslân mei troch harren eigen útwikseling. Mei de jirpelgedichten waarden ek gedichten fan skoalbern meistjoerd. Dêrneist waard der in meartalich en literêr lespakket oanbean oan de basisskoallen.
Gearwurking
Yn gearwurking mei Stichting Bildtse Aardappelweken fersoarge ‘de Moanne’ de seleksje fan de gedichten, de oersettings en de dichters. Dat smiet in dichtbondel fan 80 gedichten en oersettingen op. De bondel is te krijen yn ferskate boekhannels en is foar €5,00 ek te bestellen fia: info@bildtseaardappelweken.nl.
Piter Jellespriis
De Piter Jellespriis giet om de fjouwer jier nei in literêr wurk dat troch de taal of troch de kar foar in bepaald ûnderwerp in relaasje mei Fryslân hat. De winner krijt in oarkonde en in bedrach fan 2.500 euro fan de gemeente Ljouwert.