De Penjumer Ulefeltsjes

‘De Penjumer Ulefeltsjes’ yn Penjum behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

De pjutte-opfang fan Penjum, ‘De Penjumer Ulefeltsjes’ hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. De lokaasje fan Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) wurket sûnt april 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. De liedsters jouwe oan dat sy tige bliid binne mei it beheljen fan it sertifikaat en der wiis mei binne dat sy de bern wat ekstras meijaan kinne yn har ûntwikkeling. Yn it ramt fan de sertifisearring wie it op woansdei 17 jannewaris feest. Jeannette Numan fan de SFBO hat it serifikaat mei ien fan de pjutten presintearre. Riemkje Hoogland hat dêrnei in ferhaal ferteld, mei de ferteljas oan. Foar alle âlden en bern wie der in hapke en in drankje. Lês mear…

 Scroll to top