De nije roman fan Paulo Coelho, De spion, ferskynt yn in Fryske edysje. Dit boek oer it turbulinte libben fan de Fryske Mata Hari, yn de Earste Wrâldoarloch op beskuldiging fan spionaazje foar de Dútsers ta de dea feroardiele en eksekutearre yn Parys, ferskynt de kommende moannen oer de hiele wrâld yn oersetting. De Nederlânske edysje ferskynde ôfrûne tiisdei as ien fan de earste oersettingen. Nije wike komt de Fryske edysje út ûnder deselde titel, mar mei in fan de Nederlânske edysje ôfwikend omslach en mei it opskrift ‘Fryske Edysje’. It boek kriget op 7 oktober in offisjele presintaasje yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
It is foar it earst dat in boek fan Paulo Coelho, fan waans wurk oer de hiele wrâld mear as 200 miljoen eksimplaren yn 170 lannen ferkocht binne, yn it Frysk útkomt. Paulo Coelho sels is fereare mei de Fryske oersetting: ‘It docht my in soad plezier dat krekt dit boek fan my, dat hannelet oer it tragyske libben fan dizze bysûndere Fryske frou, yn it Frysk ferskynt.’ Mei dizze Fryske oersetting komt it totaal oantal talen dêr’t Coelho’s boeken yn oerset binne op ienentachtich. Continue reading “Nije roman Paulo Coelho oer Mata Hari ferskynt yn it Frysk”