Sneon 21 maaie is op Hilgelân (Helgoland) de Dútske premjêre fan de Fryske aksjekomeedzje Stjer. It is ien fan de programmaûnderdielen fan it 21ste Friesendroapen dat fan 20 oant en mei 22 maaie plakfynt. De Frysktalige bioskoopfilm fan de band De Hûnekop en regisseur Janko Krist is op 6 septimber 2021 útkaam en wurdt yn opdracht fan de Fryske Rie spesjaal foar dizze gelegenheid fan Dútske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser yn oparbeidzjen mei dr. Claas Riecken fan it Nordfriisk Instituut.
Freedtejûn 20 maaie draait de film ‘Der Krug an der Wiedau’. De earste Noardfryske film ea. In komyske misdiefilm yn fiif talen: it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy film is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken en regisearre troch Gary Funck. Begjin fan it jier is de film fan Fryske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser foar de premjêre yn Nederlân, dat organisearre wie op Ynternasjonale Memmetaaldei troch it EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film.
“Wy bin bûn, ferparte mar nea oerwûn…” sa begjint it nije Ynterfryske liet wêrfan’t de tekst troch de dielnimmers fan in wurkwinkel wilens it Friesendroapen yn 2019 skreaun waard ûnder begeleiding fan de Fryske folkband Baldrs Draumar. It is no op muzyk set en dit Friesendroapen is Baldrs Draumar presint om it nije Ynterfryske Liet foar it earst live nei foaren te bringen. It doel fan it liet is om de ferbining tusken de Fryslannen te beklamjen en te fergrutsjen.
Oan it begjin fan de sechstiger jierren ûntstiene de earste oerwagingen foar in ynterfryske gearkomste foar alle leeftiidsgroepen. Yn 1962 wie it earste treffen op Hilgelân, dat om ‘e trije jier East-, West- en Noard-Friezen yn de betide simmer foar trije dagen nei it eilân lûkt. 20–22 maaie 2022 is it wer safier. De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksje en dit jier is de organisaasje yn hannen fan de Frasche Rädj (Sektion Nord). De Fryske Rie is presint mei sa’n 60 dielnimmers, wêrûnder De Fryske Dûnsers.