Akkie Feenstra nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân

Akkie Feenstra út Harns wurdt de nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Feenstra wurket no as senior kommunikaasje-adviseur by de Gemeente Ljouwert en lid fan it ekspertteam krisiskommunikaasje by Veiligheidsregio Fryslân. Earder wurke sy ûnder oaren by de gemeente Skylge. Sy folget yn oktober Jacqueline Spendel op, dy’t de Folkshegeskoalle ferlit om oan de slach te gean by it Fries Museum.

Akkie Feenstra bringt in soad ûnderfining mei op it mêd fan kommunikaasje, liedingjaan en belied. Sy wurket sûnt 2015 by de gemeente Ljouwert en wie dêrfoar ynterim teamlieder belied & regy en strategysk kommunikaasjeadviseur by de Gemeente Skylge. Earder wurke Feenstra yn ferskate kommunikaasjefunksjes yn de soarchsektor en wie sy wurksum yn it ûnderwiis en de hoareka.

Akkie Feenstra (Mitch de Pon)

Jitske de Hoop, foarsitter fan it bestjoer fan Folkshegeskoalle Schylgeralân: “Wy binne bliid mei Akkie Feenstra as belutsen en besiele nije direkteur. Njonken har ûnderfining bringt sy in breed netwurk mei, yn sawol de Fryske as de Skylger mienskip. Sy ken ek de identiteit en histoarje fan de Folkshegeskoalle út de perioade dat sy wenne en wurke yn Denemarken, dêr’t de folkshegeskoallen ûntstien binne.”

Akkie Feenstra: “Yn ús jierrenlange ferbliuw yn Denemarken, it lân fan Grundtvig en de Folkehøjskole, bin ik yn ‘e kunde kommen mei de Deenske tradysje om in jier op in højskole te wenjen. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet foar deselde idealen ek al giet it hjir om kursussen fan meardere dagen. Ik haw der in soad nocht yn om dy tradysje troch te setten en út te bouwen.”

De Hoop: “De Folkshegeskoalle bestiet dit jier alwer 75 jier en is noch hieltyd in ynspirearjend plak foar ûntwikkeling en moeting. Us organisaasje hat de ôfrûne jierren ûnder lieding fan Jacqueline Spendel, nettsjinsteande de Koroana-perioade, in moaie ûntwikkeling trochmakke. Wy binne as bestjoer grutsk op it team fan meiwurkers en frijwilligers en hawwe der alle betrouwen yn dat Akkie Feenstra yn ‘e mande mei harren dizze unike organisaasje én syn gasten bloeie litte kin.”

Oer de Folkshegeskoalle
Folkshegeskoalle Schylgeralân fersoarget en organisearret kursussen fan mear dagen en aktiviteiten mei in edukatyf of (sosjaal)kultureel karakter. Dêrneist binne yndividuele gasten en groepen wolkom foar in ferbliuw. De akkomodaasjes binne boud op én yn de (fûneminten fan) bunkers fan de âlde Atlantikwall. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de bosk fan Hoarne, mei woartels yn de Fryske mienskip. De Folkshegeskoalle is as iennige noch oerbleaune folkshegeskoalle unyk yn Nederlân.

Gean mei nei it grinslân Dútslân/Denemarken mei it peaskekongres

De Youth of European Nationalities (YEN) organisearret it Peaskekongres “time to think” yn Knivsberg, Denemarken fan 8-14/15 april. De YEN is de grutste organisaasje foar jongerein fan Europeeske minderheden. Wolsto (16-30 jier) meidwaan? Dat kin fia it Frysk Ynternasjonaal Kontakt

Yn 2020 wie it hûndert jier lyn dat de grins fan hjoed-de-dei fêstlein waard. Dat – en de goeie gearwurking fan it grinslân – soe grut fierd wurde. Lykwols kaam dat fansels oars, sa ek it peaskekongres, dat no,  twa jier, letter plakhat. Dit peaskekongres leit de fokus op identiteit, rjochten, jongerein fan minderheden en it ûntwikkeljen  fan feardichheden.

It organisaasjeteam bestiet út de Jugendverband für Nordschleswig (DJN) (Dútske minderheid yn Denemarken) Sydslesvigsk danske Ungdomsforeninger (SdU) (Deenske minderheid yn Dútslân). Sy sille dy ek meinimme op ekskurzje om mear fan it grinslân en harren minderheden te ûntdekken.

Yn de wike binne der twa workshops om út te kiezen:

  • Workshop 1 – ”Grenzland 2.0” sjocht nei de kânsen fan de grinsregio tusken Dútslân en Denemarken, dat yn 2020 harren 100ste jier mei de besteande grins (en gearwurking) fierde.  De workshop is yn it Dútsk
  • Workshop 2 – “Identity and Minority rights” sjocht nei identiteit en minderheidsrjochten. Yn de workshop komt de eigen identiteit oan bod en hoe’t de minderheid dêr ynfloed op hat. De workshop is yn it Ingelsk

Kosten foar dielname, akkomodaasje en iten binne €100,-. Dielnimmers kinne harren allinne opjaan fia it FYK. Opjefte oant en mei 19 maart. Foar mear ynformaasje oer it evenemint, workshops en YEN, of opjefte: nim foaral kontakt op mei it FYK

Liet International 2020 yn Nordschleswig/Denemarken

Liet International 2020 sil ien fan de offisjele aktiviteiten wêze fan de fiering fan it 100-jierrich bestean fan de grins tusken Denemarken en Dútslân, en ek fan de 100e jierdei fan de Dútske minderheid yn Nordschleswig/Denemarken.

Liet International 2020 fynt op 3 en 4 april 2020 plak yn Gazzværket, in populêre konsert- en nachtklub (www.gazzvaerket.dk) yn de stêd Apenrade/Aabenraa yn it suden fan Denemarken.
Liet International 2020 wurdt organisearre yn gearwurking mei Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN), de oerkoepeljende organisaasje fan de Dútske minderheid yn Denemarken.

Continue reading “Liet International 2020 yn Nordschleswig/Denemarken”