Marije Buma fan de Master Frankeskoalle út Earnewâld kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 6 flaters wie se tiisdei 14 maaie de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Ferline jier wûn se it ek al. Twadde waard Annarixt Weststeijn fan de Doarpsskoalle út Nij Beets mei 9 flaters. En it tredde plak wie foar Saphyra Holwerda fan de Tijstream út Holwert.
Der dienen yn totaal 46 learlingen fan 22 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Skriuwer Jan Minno Rozendal skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Jan Minno Rozendal is bekend fan ûnder oaren it boek Tie Break (2024).
De priiswinners flnr Marije Buma, Annarixt Weststeijn en Saphyra Holwerda. Foto: Jacob van Essen/Hoge Noorden
De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.
Op donderdeg 11 april 2024 wort in Waddenherberg The Friezinn op ‘e Ouwe-Dyk 1226 ‘t Bildts diktee houwen. Deuze keer in ‘n ândere opset. Bildts Aigene het ok ‘n leuke klaine Bildtse kafeekwis maakt om d’r even in te kommen en Rintje Kas sil optrede.
Nag niet soa oud, maar soa starigan is ’t Bildts diktee ’n faste tradisy worren: alle jaren is elkeneen fan harte welkom om met te doen an ’t útdagende, maar ok gesellige Bildts diktee. De kinnis fan ’t skriven in de Bildtse taal wort op de proef steld. Dut jaar het Jeroen Slager ’t diktee skreven. Jeroen is al jaren foor Bildts Aigene doende met fertalen en is tegaar met Janny Bouma kursuslaider fan de Bildtse kursus. Hij sil ’t diktee ok op de avend foorleze. Naast de wisselbokaal, blommen en boek na keuze út ôns webwinkel, krijt de winner ok de ewige eer, om ’t soa maar ’s te sêgen. Maar ’t belangrykste is dat metdoen feul belangriker is as winne.
Jim binne allegaar fan harte welkom. De inloop is fanôf 19.30 uur in Waddenherberg The Friezinn, Ouwe-Dyk 1226 Westhoek.
Op tiisdei 4 april wurdt wer it jierlikse Lyts Frysk Diktee holden foar bern út de heechste groepen fan it basisûnderwiis. Sa’n 750 bern fan 38 skoallen hawwe meidien oan de foarseleksje. Dêr dogge diskear 50 bern fan mei oan ‘e finale. Wiene der ferline jier noch 16 skoallen dy’t bern opjoegen, dit jier is dat mear as ferdûbele. It diktee wurdt lykas wenst wer ôfnommen yn de Steateseal fan provinsje Fryslân.
De tekst foar it diktee is fan ‘t jier skreaun troch Tialda Hoogeveen, de berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Tialda is as skriuwer bekend fan boeken as Abe en de Aardichman, Maia en har freonen en Wurden fan Timo.
Tialda Hoogeveen. Foto: Natalia Balanina.
Organisaasje It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin, Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy.
Fan ‘t jier wurdt it Grut Frysk Diktee ek wer holden. Dat is op tiisdei 23 maaie, de kwalifikaasje foar dat diktee set meikoarten útein.
Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Dat is foar it earst sûnt It Grut Frysk Diktee yn 2018 op it Aldehoustertsjerkhôf wie, mei in rekôrtal dielnimmers. Op tiisdei 17 maaie wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fan âlds hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Kwalifisearje foar it diktee kin fan hjoed ôf fia it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl.
Politikus Habtamu de Hoop skriuwt dit jier de dikteetekst, dy’t as tema ‘sport’ hat. ‘’Ik fyn it in geweldige ear dat ik it diktee skriuwe mei. Ik fyn it hiel belangryk foar it befoarderjen fan it Frysk en it is moai dat ik sa dêr in bydrage oan leverje kin’’, seit de politikus.
Omrop Fryslân soarget ek diskear wer foar de registraasje en de útstjoering fan it diktee. Dy is op woansdei 18 maaie.
Kwalifikaasjediktee Minsken dy’t op 17 maaie mei dwaan wolle oan It Grut Frysk Diktee, moatte har dêrfoar kwalifisearje. Fan 28 maart oant 24 april kinne minsken online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee. Dat kin op www.fryskdiktee.nl De bêste 15 dielnimmers meie meidwaan oan It Grut Frysk Diktee.
’t Bildts diktee is ’n begryp worren. Der binne wij wakker wiis met. Ok is d’r altiten ’n prot deelname en der binne wij nag wizer met. Jim begripe dat wij d’r weer och soa’n nocht an hewwe om ’t diktee te houwen, fooral omdat ’t fleden jaar niet deurgaan kon deur korona. Dut jaar de fijfde edisy. Dut sil op donderdeg 31 maart 2022 heve. En alle jaren gaan wij naar ’n ânder plak op ’t Bildt. Dut jaar wort ’t Bildts diktee in ’t MFC in Froubuurt houwen.
Dut jaar het Leendert Ferwerda ’t diktee skreven en dan komt ’t fansels helendal goed. Wij binne in elk gefal benijd wer’t ’t diktee over gaan sil en wat dut jaar de ‘instinkers’ binne.
En wij sêge ’t nag maar ’s ’n keer: ’t gaat niet om ’t winnen. Je hoeve echt niet bij de allergoeisten te sitten om met te doen. Bist mâl. Je kinne ommers jesels teste hoe’t ’t staat met dyn kinnis fan de Bildtse taal. En geniete fan ’t ferhaal dat ’t diktees dochs is. Just, bij de Elfstedentocht hewwe je ok te krijen met wedstriid- en toerrijers. En allenig de bêste drie worre trouwens in Froubuurt bekindmaakt…
Niks hoeft dij derom nag teugen te houwen om met te doen, dochs? Ooit de Bildtse kursus folgd? Dan is dut ommers ’n mooie gelegenhyd om weer ’s te têsten hoe’t ’t met dyn Bildts staat.
Wel graag allegaar ’n pin (meskien foor de wissighyd twee) metnimme trouwens. Pepier hoeve jim niet met te nimmen.
Wie wort de opfolg(st)er fan Hein Jaap Hilarides of wint hij op ’e nij…?
Ruim een week aandacht voor het Nedersaksisch tijdens de Dikke Week van de Nedersaksische schrieverij
Van 5 tot en met 14 november is het de Dikke Week van de Nedersaksische schrieverij. Streektaalorganisaties in Nederland hebben hun krachten gebundeld en besteden gezamenlijk een dikke week lang aandacht aan het Nedersaksisch schrijven. Met onder andere een streektaalsymposium, een Nedersaksisch café, taalcursussen, boekpresentaties, een streektaaldictee, aandacht voor streektaal in het onderwijs en een nieuw festival voor het Gronings. De Dikke Week van de Nedersaksische schrieverij is een gezamenlijk initiatief van Centrum Groninger Taal & Cultuur (CGTC), Huus van de Taol, IJsselacademie, Erfgoedcentrum Achterhoek en Liemers, Twentehoes en Stellingwarver Schrieversronte.
Bi’jpraoten en Buusboukje
De Dikke Week trapt op vrijdag 5 november af met een streektaalsymposium in Doetinchem, Bi’jpraoten, georganiseerd door Erfgoedcentrum Achterhoek en Liemers. Tijdens het symposium voor liefhebbers en kenners van het Nedersaksisch ligt de focus op het imago van en educatie in streektaal. Het Huus van de Taol in Drenthe brengt tijdens de Dikke Week een speciale herfsteditie van Roet uit met aandacht voor Overijsselse schrieverij en er is een Nedersaksisch Roet café geheel in het teken van de regiotaal. Op maandag 8 november en donderdag 11 november presenteert Centrum Groninger Taal & Cultuur op twee basisscholen in Groningen het Buusboukje, een pocketformaat leerboekje over het Gronings en speciaal ontwikkeld voor kinderen. En er is nog veel meer aandacht voor het Nedersaksisch in de Dikke Week van de Nedersaksische schrieverij tijdens het Oost Gelders Streektaaldictee, tijdens GRN Groninger Festival in Hoogezand – een nieuw festival in en over het Gronings met streektaalmuziek, Groninger literatuur, een taalmarkt, lezingen over taalwetenschap en nog veel meer – en bij Taal an Taofel, met voordrachten van schrijvers en muziekoptredens, in het Drentse Dwingeloo.
Schrieverij en socials
Tijdens de Dikke Week van de Nedersaksische schrieverij besteden de zes Nedersaksische taalorganisaties dagelijks aandacht aan het Nedersaksisch. Op de sociale media kanalen van de organisaties is elke dag een andere schrijver of dichter te zien en te horen met poëzie of proza in het Gronings, Drents, Overijssels, Achterhoeks, Twents en Stellingwervers. Kijk voor meer informatie en alle streektaalactiviteiten tijdens de Dikke Week van de Nedersaksische schrieverij op www.nedersaksisch.com.
Op 9 maaie 2012 waard foar de alfte kear it Grut Frysk Diktee hâlden. De tekst foar it diktee wie skreaun troch Rients Gratama en hy wie ek de foarlêzer. Der dienen 35 minsken oan mei en de winner wie André Looijenga fan Grins. Hy wie twa jier ferlyn ek al de bêste Fryskskriuwer.
Neist de lju dy’t har kwalifisearje moasten, dienen ek acht bekende Friezen mei, dêrby ûnder oare Wiebe Wieling, Eric Ennema en Remon de Jong. De bêste bekende Fries wie skriuwer Ate Grypstra.
It diktee is hjir werom te lêzen. Praat mar Frysk hat der in filmke fan makke.
Op woansdei 9 maaie wurdt wer it Grut Frysk Diktee holden. Doarsto de útdaging oan om sjen te litten hoe’tsto it Frysk yn ‘e macht hast? Doch dan mei oan de kwalifikaasje om dy te pleatsen foar de finale!
Meidwaan? Streekje de flaters oan yn dit kwalifikaasjediktee en set achter elke sin hoefolle flaters asto yn dy sin fûn hast. Komma’s telle net mei. Tel de flaters op en skriuw ek it totaal op. Dêrnei even dyn namme, adres, tillefoannûmer en e-mailadres maile nei: fryskdiktee @ fryske-akademy.nl en klear!
De bêste ynstjoerings wurde útnoege om mei te dwaan oan de grutte finale op 9 maaie. Dyn ynstjoering moat foar 22 april binnen wêze.