Dingtiid

DINGtiid: “Poepjes, pak de swipe foar it Frysk”

dingtiid-1 Op papier doge de ôfspraken oer it Frysk, yn ‘e praktyk hâldt gjinien him der lykwols oan. De konklúzje fan DINGtiid orgaan foar de Fryske taal is dan ek dat der in ‘Taalskipper’ nedich is. Immen dy’t stjoert op eigenerskip en it neikommen fan de ôfspraken. Deputearre Sietske Poepjes joech ferline jier oan dy rol graach yn te foljen. DINGtiid soe graach sjen dat provinsje Fryslân no mear foarm en ynhâld oan dy rol jout.

Lês mear…

Frysk orgaan hjit no Dingtiid

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It Orgaan foar de Fryske taal giet fierder ûnder de namme ‘Dingtiid’. Dat is tongersdeitemiddei yn Earnewâld bekend makke. Dêr waarden de earste befinings fan it orgaan presintearre. It Orgaan is op 1 jannewaris 2014 ynsteld troch de Minister fan Ynlânske Saken yn it ramt fan de nije Fryske taalwet. It Orgaan sil de kommende tiid saneamde ‘dingpetearen’ hâlde oer ûnderwerpen dy’t de ôfrûne moannen nei foarren komme binne, lykas meartaligens en taalimago. Dizze dingpetearen kinne dan wer liede ta advizen oan Ryk en provinsje. Neffens foarsitter Klaas Sietse Spoelstra fan Dingtiid is de emansipaasje fan it Frysk ta ‘oan in nije fase’. Hy trunet der op oan dat saken dy’t mei taalbelied te meitsjen hawwe profesjoneler oppakt wurde. Op dit stuit bliuwe noch tefolle saken hingjen, sa hat Dingtiid al konstatearre.
Klik hjir foar in link nei de webside fan Dingtiid.

Boarne: Omrop Fryslân

 Scroll to top