Akkie Feenstra nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân

Akkie Feenstra út Harns wurdt de nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Feenstra wurket no as senior kommunikaasje-adviseur by de Gemeente Ljouwert en lid fan it ekspertteam krisiskommunikaasje by Veiligheidsregio Fryslân. Earder wurke sy ûnder oaren by de gemeente Skylge. Sy folget yn oktober Jacqueline Spendel op, dy’t de Folkshegeskoalle ferlit om oan de slach te gean by it Fries Museum.

Akkie Feenstra bringt in soad ûnderfining mei op it mêd fan kommunikaasje, liedingjaan en belied. Sy wurket sûnt 2015 by de gemeente Ljouwert en wie dêrfoar ynterim teamlieder belied & regy en strategysk kommunikaasjeadviseur by de Gemeente Skylge. Earder wurke Feenstra yn ferskate kommunikaasjefunksjes yn de soarchsektor en wie sy wurksum yn it ûnderwiis en de hoareka.

Akkie Feenstra (Mitch de Pon)

Jitske de Hoop, foarsitter fan it bestjoer fan Folkshegeskoalle Schylgeralân: “Wy binne bliid mei Akkie Feenstra as belutsen en besiele nije direkteur. Njonken har ûnderfining bringt sy in breed netwurk mei, yn sawol de Fryske as de Skylger mienskip. Sy ken ek de identiteit en histoarje fan de Folkshegeskoalle út de perioade dat sy wenne en wurke yn Denemarken, dêr’t de folkshegeskoallen ûntstien binne.”

Akkie Feenstra: “Yn ús jierrenlange ferbliuw yn Denemarken, it lân fan Grundtvig en de Folkehøjskole, bin ik yn ‘e kunde kommen mei de Deenske tradysje om in jier op in højskole te wenjen. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet foar deselde idealen ek al giet it hjir om kursussen fan meardere dagen. Ik haw der in soad nocht yn om dy tradysje troch te setten en út te bouwen.”

De Hoop: “De Folkshegeskoalle bestiet dit jier alwer 75 jier en is noch hieltyd in ynspirearjend plak foar ûntwikkeling en moeting. Us organisaasje hat de ôfrûne jierren ûnder lieding fan Jacqueline Spendel, nettsjinsteande de Koroana-perioade, in moaie ûntwikkeling trochmakke. Wy binne as bestjoer grutsk op it team fan meiwurkers en frijwilligers en hawwe der alle betrouwen yn dat Akkie Feenstra yn ‘e mande mei harren dizze unike organisaasje én syn gasten bloeie litte kin.”

Oer de Folkshegeskoalle
Folkshegeskoalle Schylgeralân fersoarget en organisearret kursussen fan mear dagen en aktiviteiten mei in edukatyf of (sosjaal)kultureel karakter. Dêrneist binne yndividuele gasten en groepen wolkom foar in ferbliuw. De akkomodaasjes binne boud op én yn de (fûneminten fan) bunkers fan de âlde Atlantikwall. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de bosk fan Hoarne, mei woartels yn de Fryske mienskip. De Folkshegeskoalle is as iennige noch oerbleaune folkshegeskoalle unyk yn Nederlân.

Folkshegeskoalle Schylgeralân siket befleine direkteur

Bisto de direkteur dy’t past by in bysûndere organisaasje op in unyk plak? Dy’t belutsen, besiele en krêftdiedich is? En hasto affiniteit mei Skylge, de Fryske kultuer en toerisme? Lit it witte en sollisitearje nei de funksje fan direkteur fan de moaie Folkshegeskoalle Schylgeralân.

De filosofy fan de Folkshegeskoalle

In skoftke lyn joech de hjoeddeiske direkteur Jacqueline Spendel yn it ramt fan it 75-jierrige bestean in prachtich ynterview yn Terschelling Magazine. Se fertelt dêryn oer de filosofy fan de Folkshegeskoalle en hokker koers sy de ôfrûne jierren fearn hat.

Jacqueline sil ús yn oktober ferlitte om oan ‘e slach te gean mei in prachtige nije útdaging: It Fries Museum op Paad. It bestjoer fan de Folkshegeskoalle winsket har in soad gelok en sukses ta yn dy nije funksje en sil har positive en fleurige oanwêzichheid misse!
 
Wolsto in better byld krije fan wêr’t de Folkshegeskoalle foar stiet en fan it paad yn de ôfrûne jierren? Lês dan it hiele ynterview mei Jacqueline.

fakatuere

Reagearje kin oant en mei 11 july 2023. De earste petearen binne op freed 14 july 2023. Eventuele twadde petearen wurde pland yn de wike fan 17 july 2023.

besjoch de folsleine fakatuere hjir

Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar

Tresoar is der bliid mei om mei te dielen dat it Algemien Bestjoer Arjen Dijkstra (1979) as nije direkteur beneamd hat! Dijkstra begjint op 1 oktober 2022 by Tresoar. Hy folget Bert Looper op, dy’t ferline jier july syn direkteurstaken dellei. It ôfrûne jier is er ferfongen troch Rien Vrijenhoek (a.i.). 

Arjen Dijkstra is no noch direkteur fan it Universiteitsmuseum fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG). Yn dy funksje begelate er de werynrjochting fan it museum. Hy sette him boppedat yn om it publyk by de wittenskip te belûken. Ek advisearre er it kolleezje fan bestjoer fan de Grinzer universiteit op dat mêd.  

Gina Kamsma, foarsitter fan it Algemien Bestjoer fan Tresoar, is entûsjast oer de beneaming fan Dijkstra: ‘Arjen bringt in soad ûnderfining mei en we ferwachtsje in soad fan him. Mei frisse eagen en each foar de kânsen dy’t der lizze foar it duorsum tagonklik meitsjen fan de Kolleksje Fryslân, de fierdere ûntwikkeling fan de ynterne organisaasje en Obe by Tresoar, poadium foar Fryske kultuer. Arjen kin fierder bouwe op de suksessen fan syn foargonger Bert Looper. We sjogge út nei de takomst mei Arjen as ynspirator en ferbiner oan it roer.’

Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar. Foto: Gerhard Taatgen 

Dijkstra studearre skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen. Hy spesjalisearre him yn kultuerskiednis en de skiednis fan de wittenskip. Yn 2012 promovearre er oan de Universiteit van Twente. Fan 2011 ôf wie Dijkstra dosint oan de RUG en koördinearre er de Scholierenacademie fan dy universiteit. Dêrneist die er histoarysk ûndersyk by de ôfdieling Frysk, ûnder oare nei de skiednis fan it Frjentsjerter Planetarium. Dat resultearre yn 2021 yn in biografy, dy’t in soad besprutsen waard, fan de Fryske astronoom Eise Eisinga (1744-1828). Sûnt 2018 jout er lieding oan it Universiteitsmuseum. 

“It laket my ta om oan de slach te gean by Tresoar!”


Dijkstra oer syn beneaming: ‘It laket my ta om oan de slach te gean by Tresoar. Ik sjoch der nei út om gear te wurkjen mei it sterke en motivearre team. Al fan de oprjochting ôf, no eksakt 20 jier lyn, kom ik by Tresoar en ik ha bewûndering foar alles wat yn dy jierren berikt is. As lid fan de Fryske mienskip wol ik graach it ferhaal fan Fryslân fierder útbouwe en Tresoar fersterkje as sintrum foar kultueroerdracht, stúdzje en moeting. It is de kulturele skatkeamer fan it Noarden!’