FryslânDOK: Winterswannen, oer de krêft fan skriuwen by rou

Hoe fertaalst rou yn wurden? Twa Fryske skriuwers, Nynke Sietsma en Sytse Jansma, beskriuwe it yngripende ferlies fan in leafste. Harren ferhalen binne werkenber, harren wurden treastend foar oaren. Yn de FryslânDOK Winterswannen fan Karen Bies komme beide skriuwers oan it wurd. De útstjoering is op 16 en 17 maart, oan it begjin fan ‘e Boekewike, bij NPO2 en Omrop Fryslân.

Nynke Sietsma en Sytse Jansma

Sjoernalist en skriuwster Nynke Sietsma (1980) ferlear har soantsje Berend oan in slimme sykte, hy wie noch mar krekt fjouwer jier. Yn har boek B giet se yn dialooch mei him, besiket se te begripen wat der bart, siket se wurden om de pine en it djipste fertriet út te drukken. ‘Dit boek skriuwe wie gjin kwestje fan wolle. It moast, it wie needsaak,’ fertelt Sietsma. ‘Mei skriuwe koe ik mysels oerein hâlde.’

De freondinne fan dichter en keunster Sytse Jansma (1980) stoar op 32-jierrige leeftyd ûnferwachts oan in harsenbloeding. Mei syn dichtbondel Rozige maanvissen debutearret er yn it Nederlânsk. Dêrfoar skreau er yn ’t Frysk, mar mei Roos prate hy Nederlânsk. Jansma folget har yn deiboekfersen, eroatyske oantinkens, brieven en boartlike ‘hiernamaalsvariaties’. Hy skriuwt: ‘Ergens in taal is zij nog – in woorden die duurloos en
momentenbreed ronddobberen – als rozige maanvissen.’

Winterswannen

De FryslânDOK Winterswannen (de titel komt út in gedicht fan Sytse Jansma) giet oer de treast fan taal by rou. De skriuwers fine dy net allinnich yn it skriuwen sels, mar ek yn literatuer fan oaren. Nynke Sietsma: ‘Troch te lêzen wit ik dat ik net allinnich bin. It is treastend te witten dat ik altyd dát noch haw. It draacht my.’ Sytse Jansma oer poëzy: ‘Gewoan deistich taalgebrûk foldocht net by sa’n grut ferlies. Hoe’t it echt is, dat
gefoel, dy erfaring kinst der net mei útdrukke. Dêr hast poëzy foar nedich.’

FryslânDOK ‘Winterswannen’ is te sjen:

  • Sneon 16 maart 15.30 oere NPO2 (werhelling sneins 13.10 oere)
  • Snein 17 maart Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
  • FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

Yn petear oer FryslânDOK Winterswannen

Op tiisdei 19 maart om 19.30 oere gean Nynke Sietsma en Sytse Jansma yn petear mei Karen Bies nei oanlieding fan de FryslânDOK Winterswannen. Elkenien is wolkom yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. De jûn is frij tagonklik.

Oanmeldingen gean fia de webside fan Tresoar.