As der ien west hat dyโt him o sa ward hat om op Europeesk nivo de lytse talen fan Europa sa te stypjen dat der in Europeesk Hรขnfรชst foar kaam dan is dat grif Dรณnall ร Riagรกin.
Berne en opgroeid yn Dublin, sette er him yn de jierren santich al hiel bot yn foar de Ierske taal. Mei de Noard-Ierske Europarlemintariรซr John Hume wurke er begjin jierren tachtich gear om stipe te krijen foar de resolรบsjes fan de Italjaanske sosjalistyske Europarlemintariรซr Gaetano Arfรฉ. Doeโt dy resolรบsjes fan 1981 en 1983 troch it Europeesk Parlemint oannommen wiene, kaam der Europeesk jild frij foar lytse talen en koe รบteinset wurde mei it Europeesk Buro foar Lytse Talen dรชrโt hy earst de earste foarsitter en letter de earste siktaris-generaal fan waard. As sadanich sette er him yn foar it tastรขnbringen fan it Europeesk Hรขnfรชst foar Regionale of Minderheidstalen dat yn juny 1992 troch in grutte mearderheid fan de Rie fan Europa oannommen waard, mar dรชrnei noch wol troch de รปnderskate lidsteaten ratifisearre wurde moast.

Fan 1992-1998 makke ik him mei doeโt ik beneamd waard ta deistich bestjoerslid fan dat Europeesk Buro. Om de lannen sa fier te krijen dat akkoard gean soene mei alteast dielen fan dat hรขnfรชst wie net in lytse opjefte. Dรชrfoar fersette ร Riagรกin in soad lobbywurk. Wat wie it in feest dat yn 1996 de Nederlรขnske oerheid lang om let it Frysk opjoech foar it grut tal konkrete stappen oangeande it beskermjen dรชrfan dyโt neamd wurde yn Diel III fan it hรขnfรชst. Likegoed duorre it noch oant 2001 earโt de Nederlรขnske oerheid datoangeande in konvenant sleat mei de provinsje Fryslรขn, dyโt letter bekendheid krige as de Bestjoersรดfspraken Fryske Taal en Kultuer.
Dรณnall ร Riagรกin liet him kenne as in freonlike en tagonklike man. Tagelyk wie er ien fan trochsetten en fรชsthรขlden; hy liet syn ein net gau slรปpe. Sels makke ik dat mei yn in gearkomste yn 1996 yn in gearkomste mei Michael D. Higgins, de lettere Ierske presidint, dyโt doe minister fan kultuer en de Gaeltacht wie en mei waโt Dรณnall ร Riagรกin dรบdlike รดfspraken meitsje woe oer in wetlike basis foar it takennen fan Europeesk jild oan regionale of minderheidstalen.
Ek nei syn offisjele pensjonearring bleau ร Riagรกin aktyf. Hy wurke oan projekten oangeande frede en taalrjochten yn Noard-Ierlรขn en stipe taalmienskippen yn ferskate parten fan de eardere Sovjet-Uny. Oan de ein fan 2025 ta bleau er aktyf belutsen by Cill Dara le Gaeilge, in organisaasje dy’t him ynset foar de fersterking fan de Ierske taal yn Kildare. In pear kear haw ik it foarrjocht hรขn om by him en syn frou Treasa yn Naas te iten. Yn de Iersktalige mienskip dรชr spile er in wichtige rol. As pionier foar wetjouwing oangeande lytse talen yn Europa kin syn belang net gau oerskat wurde.

Mei tank oan Diarmaid Breathnach, in neiste meiwurker fan Dรณnall ร Riagรกin,
Jelle Krol



















