It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Afûk en it European Centre for Minority Issues (ECMI) yn it Dútske Flensburg sille in grutskalich ûndersyk yn Fryslân útfiere nei taaloerdracht binnen jonge gesinnen. De Provinsje Fryslân hat in subsydzje takend oan it projekt ‘The intergenerational transmission of West Frisian: promoting multilingual child-rearing and supporting (future) parents’, dat twa jierren yn beslach nimme sil.
taaloerdracht
Taaloerdracht is belangryk foar it fuortbestean fan in taal. De persoanlike hâlding dy’t minsken oannimme oangeande de (minderheids)taal spilet dêrby in wichtige rol. Ruth Kircher (ECMI), Jelske Dijkstra (Mercator/ Fryske Akademy), Mirjam Vellinga (Afûk) en Suzanne Dekker (Mercator/ Fryske Akademy) sille harren dêrom de kommende twa jierren dwaande hâlde mei ûndersyk nei de taalhâlding fan (takomstige) âlden oangeande it Frysk en it meartalich opgroeien. Dêrút folgjend sil in taalkampagne opstart wurde.
It ûndersyk rjochtet him op minsken mei in bernewinsk, takomstige âlden dy’t in poppe ferwachtsje en op âlden dy’t jonge bern ha. Mei it projekt wurdt mei fragelisten yn kaart brocht fan hokfoar ynformaasjeboarnen âlden ferlet hawwe as sy mear witte wolle oer it opbringen fan harren bern mei it Frysk en op hokfoar mominten sy dy ynformaasje ûntfange wolle. De data sille fierder ek ynsjoch jaan yn de motivaasje fan âlden om it Frysk wol of net oer te dragen oan harren bern en liede ta oanrekommandaasjes foar beliedsmakkers. Haadûndersiker Ruth Kircher hat ûnderfining mei ferlykber ûndersyk yn de Frânsk-Ingelske provinsje Quebec yn Kanada. Kircher sil it ûndersyk liede en tagelyk inselde ûndersyk útfiere yn Noard-Fryslân yn Dútslân. Sa kinne beide situaasjes mei-inoar ferlike wurde en der fan inoar leard wurde.
gearwurking
Kircher, Dijkstra, Dekker en Vellinga sille yn alle fazen fan it projekt nau mei inoar gearwurkje, mar it ECMI sil it ûndersyksûntwerp liede. It Mercator Kennissintrum en de Afûk binne ferantwurdlik foar de datasamling. Mercator hat de supervyzje oer de analyze en it rapport. De Afûk liedt dêrnei de bewustwurdingskampanje foar (takomstige) âlden, op basis fan de ûndersyksresultaten. Dêrneist wurde der materialen ûntwikkele foar profesjonals dy’t wurkje mei jonge bern en (takomstige) âlden, lykas ferloskundigen, logopedisten en bernedokters, om harren kennis en bewustwurding oer meartaligens en it Frysk te fergrutsjen.
Oer Mercator
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum is ûnderdiel fan it wittenskiplik ûndersyksynstitút Fryske Akademy, dat dit jier 85-jier bestiet.
Oer Afûk
Afûk is de promoasje-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer en hat sadwaande in ferskaat oan taken op it mêd fan ûnderwiis en taalpromoasje yn en oer it Frysk. Afûk fersoarget taalkursussen en Frysktalige learmiddels, mar jout ek boeken en tydskriften út, ûntwikkelet taal- en bewustwurdingskampanjes en is partner yn ynternasjonale minderheidstaalprojekten.
Oer European Centre for Minority Issues (ECMI)
It ECMI yn Flensburg is binnen Europa in renomearre ynstitút foar de beskerming en fersterking fan de posysje fan minderheden. It is in ûnôfhinklik en ynterdissiplinêr ûndersykssintrum, dat yn 1996 oprjochte waard troch de regearen fan Denemarken, Dútslân en Sleeswyk-Holstein.