Huitema yn EU-lânboukommisje

Foto: Omrop Fryslân

De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea is tiisdei ynstallearre yn de wichtige lânboukommisje fan it Europeesk Parlemint. De ôfrûne fiif jier siet der net ien Nederlanner yn dy kommisje. Huitema – en ek lânbou-organisaasje LTO – fûn dat in minne saak, omdat lânbou wichtich is foar Fryslân en Europa drok oan de gong is mei nije regels foar de lânbousektor.

Huitema stie by syn partij, de VVD, op in ûnferkiesber sechde plak, mar krige nei in persoanlike kampanje op de trekker mear as 26.000 foarkarstimmen. Continue reading “Huitema yn EU-lânboukommisje”

Stim op 22 maaie!

Foto: www.europa.eu
Op tongersdei 22 maaie fine de Europeeske ferkiezings plak. Om de fiif jier kieze de EU-boargers wa’t harren fertsjintwurdigje sil yn it Europeesk Parlemint. It Europeesk Parlemint spilet in wichtige rol yn it bepalen fan Europeeske beliedslinen. Tink hjirby û.o. oan lânbou, digitale media, of oan de beskerming fan minderheidstalen. Stimme foar de Europeeske ferkiezings is dêrom DE kâns fan eltse boarger om de gearstalling fan it Parliment te beynfloedzjen en ek de beslissings dy’t it tidens syn fiif-jierrich mandaat op him nimme sil. Op dizze side fine jo mear ynformaasje (yn alle offisjele EU-talen) oer hoe’t it Europeesk Parliment wurket. Dus lit op 22 maaie jo stim hearre!