Dei foar Oarlochserfguod op 4 maaie yn Boalsert

Op tongersdei 4 maaie is Cultuurhistorisch Centrum De Tiid yn Boalsert it toaniel fan de healjierlikse Actie Niet Weggooien. De aksje is bedoeld om oandacht te freegjen foar erfguod út de Twadde Wrâldoarloch dat noch by minsken thús op ‘e souder leit. It giet dan benammen om foarwerpen, deiboeken, brieven, foto’s en/of oare dokuminten. Tresoar organisearret de dei mei it Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Kazemattenmuseum Kornwerderzand, Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF), Cultuurhistorisch Centrum De Tiid en De Fryske Marren.

Yn petear mei saakkundigen

Saakkundigen fan dizze organisaasjes binne oanwêzich om mei it publyk yn petear te gean oer harren dokumint of foarwerp en se mear ynformaasje te jaan oer de histoaryske wearde dêrfan. Ek wolle sy graach safolle mooglik fan de eigner hearre oer it foarwerp/dokumint. Fan wa hat it west? Wat is it ferhaal der achter? Miskyn komt it foarwerp of dokumint yn oanmerking foar opname yn de kolleksje fan ien fan de ynstellingen. Dêroer sille de saakkundigen yn petear mei de eigner.

Net perfoarst ynleverje

It giet dus net allinnich om it skinken fan materiaal. Musea en argiven hantearje in sammelbelied en kinne allinnich foarwerpen en dokuminten bewarje dy’t dêr yn passe. De dei is dan ek benammen bedoeld om minsken bewust te meitsjen fan de histoaryske wearde fan materiaal út de Twadde Wrâldoarloch. As in foarwerp net opnommen wurdt yn de kolleksje fan ien fan de dielnimmende ynstellingen, kinne de saakkundigen meitinke oer in oare bestimming.

Foto: Tresoar

Brieven fan in fusilearre fersetsstrider

Eardere edysjes fan de Actie Niet Weggooien hawwe bysûnder materiaal opsmiten. Sa waard der by foarige edysjes de koffer mei brieven fan in fusilearre fersetsstrider oan syn leafste ynbrocht en in horloazje fan in piloat út Nij-Seelân.

Tresoar hat in eigen e-depot

Mei yngong fan 1 july 2022 hat Tresoar in eigen e-depot dêr’t Tresoar oerheidsynstellingen – en op termyn ek bedriuwen, ferieningen en partikulieren – mei fasilitearje wol yn it behâlden, brûken en rieplachtsjen fan digitale en digitalisearre ynformaasje.

E-depotleveransier Preservica
Yn juny is it oanbestegingstrajekt suksesfol ôfrûne mei in oerienkomst mei Preservica. Preservica is in Britske organisaasje dy’t software leveret oan erfgoedynstellingen en oerheden oer de hiele wrâld. It systeem wurdt oer de hiele wrâld brûkt en is goed trochûntwikkele. Preservica set yn op ynnovaasje, sadat Tresoar mei dit pakket de ûntwikkelingen op it mêd fan digitale duorsumheid fierder stal jaan kin. De fleksibiliteit fan it pakket jout mooglikheden foar likegoed lokale oerheden as histoaryske ferieningen en oare kultureel erfgoedynstellingen om ynformaasje digitaal duorsum te bewarjen. Ek biedt dit systeem de mooglikheid de Fryske taal ta te passen.


Sichtber mei duorsum opslachplak
De grutte útdaging foar Tresoar is it duorsum bewarjen en it beskikber stellen fan de ynformaasje foar in breed publyk, op ferskillende nivo’s fan iepenbierheid. De e-depotfoarsjenning is derop rjochte argyfmateriaal op lange termyn tagonklik, sichtber en begryplik te hâlden, sels as de oarspronklike technology ferâldere rekket. Op dizze wize wol Tresoar ynspylje kinne op ûntwikkelingen as de Wet Open Overheid en de Archiefwet. It e-depot is tagonklik fia in webside dy’t de ynformaasje op ferskillende manieren presintearje kin.

Leare en ûntwikkelje
De kommende moannen binne rjochte op de ymplemintaasje fan it e-depot. It proses fan oerbringing is al ynrjochte. Sadree’t it e-depot folslein ynrjochte is, is dy fan dyn eigen kompjûter ôf te rieplachtsjen. Watst sjen kinst, hinget lykwols ôf fan de iepenbierheid fan de ynformaasje dy’tst sikest. Der sille dus ferskillende autorisaasjes wêze as it giet om it rieplachtsjen fan materiaal.

Mei it nije digitale argyfbewarplak rjochtet Tresoar him de kommende twa jier op de fierdere trochûntwikkeling fan de fyzje en produkte- en tsjinstekatalogus. Dat docht Tresoar mei gemeenten en Provinsje Fryslân. Leare en ûntwikkelje stiet dêrby sintraal. Mei it nije e-depot jout Tresoar foarm oan de ambysje om ferline en no te ferbinen oan de takomst, sadat ynformaasje foar elkenien digitaal tagonklik wurdt én bliuwt.