Mear Frysk en mear froulju op Wikipedia troch Europeesk projekt

De Fryske ûnderwiisorganisaasje en útjouwerij Afûk, Learning Hub Friesland en it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hawwe in Europeeske subsydzje krigen foar it trijejierrich projekt ‘WikiWomen’. Yn gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân sette de Fryske kennispartners harren de kommende trije jier yn om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

“Wat wy eins wol witte, mar wêr’t wy no op ‘e nij wer achter kamen, is dat artikels dy’t in relaasje hawwe ta froulju op Wikipedia ûndersnije,” sa seit Mirjam Vellinga, koördinator fan it projekt by de Afûk. “Der wurdt folle minder skreaun oer froulju, om’t de artikels dy’t skreaun wurde op Wikipedia dochs benammen troch manlju skreaun wurde en ek hiel faak oer manlju gean. Dat docht ek bliken út in ûndersyk fan de Erasmus Universiteit. Mar 18,5 prosint fan de biografyen op de Nederlânske Wiki giet oer froulju. Dêr wolle wy de learlingen en dosinten ek bewust fan meitsje.”

By it projekt sille de Fryske partners gearwurkje mei Wikipedia-organisaasjes en skoallen út Ierlân en Baskelân, dêr’t ek in minderheidstaal sprutsen wurdt. “Dus it giet eins om twa emansipaasjeslaggen: de emansipaasje fan de minderheidstaal en de emansipaasje fan de frou,” fettet Vellinga gear.

Foto: Afûk / Istock

Dat it projekt yn trije ferskillende lannen útfierd wurdt, biedt moaie kânsen foar Fryske learlingen en dosinten. Ut de trije regio’s wei komme learlingen en dosinten meielkoar yn kontakt troch ferskillende útwikselingen yn ’e rin fan it projekt. Mirjam Vellinga: “Foar learlingen wurde dat in soarte fan ‘Wikithons’, wêrby’t se mei-inoar wurkje oan harren artikels ûnder begelieding fan dosinten en de minsken fan Wikipedia.”

Yn maart komme de bûtenlânske partners nei Ljouwert foar in twadeiske byienkomst. De fokus leit dan benammen op it dielen fan kennis en ûnderfining, mar ek op de earste stappen dy’t it ynternasjonale konsortium de kommende moannen sette kinne soe.

Kongres oer meartaligens, taalferskaat en digitale middels 2 en 3 novimber

Elk wurdt fan herte útnûge foar it lêste evenemint fan it VirtuLApp-projekt op 2 en 3 novimber yn Ljouwert, dat organisearre wurdt troch Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy).

Virtual Language App, koartwei VirtuLApp, is in ynternasjonaal projekt mei Europeeske stipe en ûntwikkelet in ynnovative meartalige en multydidaktyske oanpak dy’t learkrêften brûke kinne yn ’e klasse om de learlingen harren talen wolkom te hjitten.

De projektútkomsten wurde presintearre om learkrêften te stypjen mei sawol de kennis en middels. Dat binne bygelyks de digital toolkit foar learkrêften en BabelAR, de meartalige Augmented Reality game foar taalbewustwêzen.

De haadtema’s binne ûnderwiis en meartaligens as ek taalferskaat en technology yn de klasse. Sprekkers binne ûnder oaren prof. Durk Gorter (Universiteit fan it Baskelân), prof. dr. Joana da Silveira Duarte (NHL-Stenden Hegeskoalle) en dr. Mirjam Günther-van der Meij (NHL-Stenden Hegeskoalle).


2 novimber 13:30-17:30oere
3 novimber 10:00-16:00 oere

Oranje Hotel, Ljouwert
Tagong fergees, opjefte ferplichte.

Opjefteformulier, it programma en mear ynformaasje is hjir te finen.

Autumn Seminar “Rewriting our story”

Guon aktiviteiten wurde stadichoan wer oppakt, sa ek de ynternasjonale kontakten.

De YEN sil Autumn Seminar “Rewriting our story” organisearje fan 1-7 novimber yn Lorient, Brettanje, Frankryk.

De seminar wurdt mei-organisearre troch Kenstroll Breizh , de Betonske jongereinferiening.

Wolsto in wike lang mear oer de Bretonske minderheid leare, Europeeske taalminderheden moetsje en leuke workshops folgje? Jou dy dan op fia it FYK.

Every day we are surrounded by stories and narratives that influence how we think about other people, society, and the world. Most of the time we only listen to those who are the loudest, the most powerful or have the best networks. Sadly, this often means that only one-sided, over-simplified or wrong stories are told about marginalised communities.

The Seminar will focus on the exploration and reflection of storytelling while providing concrete and creative tools for the creation of their own stories.

De seminar is iepen foar jongerein (16-30 jier) en de fiertaal sil Ingelsk wêze. Mear ynformaasje oer de workshops, de omjouwing en de koroanamaatregels binne beskikber. De kosten om diel te nimmen binne €100,-, foar de akkomodaasje, iten en de aktiviteiten fan dy wike. Reiskosten wurde foar in part fergoede. Foar finansjele help is oerlis altyd mooglik. Mear ynformaasje opfreegje, fragen of dy opjaan? Mail it FYK

De deadline om dy op te jaan (fia it FYK) is 3 oktober.