Fiering Europeeske Dei fan de Talen

Wy sjogge werom op in moaie middei om de Europeeske Dei fan de Talen, European Day of the Languages, te fieren op 26 septimber.

Taalynklusyf ûnderwiis stie yn de skynwerpers mei sprekkers Hilda Heyde en Janke Singelsma fan de Rutu Foundation en Lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid (NHL Stenden Hegeskoalle ).

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma skreau in gedicht spesjaal foar dizze dei en muzyk klonk der fan Grunneger Troebadoer Jan Henk de Groot.

Fiering Europeeske Dei fan de Talen

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum fiere op 26 septimber it taalferskaat yn Nederlân en Europa

Op moandeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen mei spesjale oandacht foar in meartalige learomjouwing. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma en trûbadoer Jan Henk de Groot sille harren talen klinke litte mei poëzy en muzyk.

Meartalige learomjouwing

Sprekkers Hilda Heyde fan de RUTU-foundation en Janke Singelsma fan NHL-Stenden Hegeskoalle sille sprekke oer de ynklúzje fan talich ferskaat op ’e (basis)skoalle. Heyde sil it projekt ‘Language Friendly Schools’ fan de RUTU-foundation taljochtsje en Singelsma sil it koartby ferskynde boek ‘Talenbewust lesgeven: Aan de slag met talige diversiteit in het basisonderwijs’ presinstearje.

Dichter fan Fryslân en Grinzer muzyk

It talige ferskaat is de middeis ek werom te hearren yn poëzy en muzyk. Sigrid Kingma, de Dichter fan Fryslân hat spesjaal foar de Europeeske Dei fan de Talen in gedicht skreaun, dy’t sy  fansels foardrage sil. Grinzer trûbadoer Jan Henk de Groot sil de muzyk fersoargje.

Europeeske Dei fan de Talen

Europeeske Dei fan de Talen, in inisjatyf fan de Ried fan Europa, wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 79 talen erkend fan mei-inoar 204 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

Wolkom

It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik. De ynrin begjint om 15:00 oere en om 15:30 oere set it programma útein. De middei wurdt ôfsletten mei in hapke en in drankje.

Lokaasje: Gysbert Japicxseal, Tresoar. Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Graach sjogge wy jo opjefte temjitte by it sekretariaat fan it EBLT fia dit formulier

Sytse Jansma nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de tolfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Sytse Jansma. Hy sil op 26 of 27 septimber in optreden fersoargje, yn it kader fan de Europeeske Dei fan ’e Talen. 

Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en dichtet net allinnich yn it Frysk en Nederlânsk, mar is ek byldzjend keunstner. Foto: Welmoed Riemersma

Syn Frysktalige debútbondel “Wa’t tate seit moat ek whisky sizze” kaam út yn 2008. Syn twadde bondel, “As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht”, út 2015, wie twatalich. Hy publisearret û.o. yn literaire tiidskriften as De Revisor, De Moanne en Ensafh. Hy wûn al 4 kear de Rely Jorritsmapriis foar syn gedichten en hat optreden op ferskate festivals, yn bygelyks Grins en Ljouwert, mar ek Kenia.

Yn syn poëzy is meartaligens in belangryk tema. Syn wurk kin karakterisearre wurde as eksoatysk, byldryk en eksperiminteel. De relaasje tusken persepsje en taal komt faak werom yn syn gedichten, mar ek syn pasje foar reizgjen, muzyk en byldzjende keunst spilet in grutte rol. Hy kombinearret ek graach syn wurk mei oare keunstfoarmen. Sa skreau er de tekst foar de teätrale audiokuier “It gelok fan Fryslân” fan Tryater yn 2020 en is krekt syn nijste projekt “Sprekende Stenen”, in gearwurking mei oare skriuwers en keunstner Ineke van der Blom, iepene yn Ljouwert. Sytse Jansma wurket no oan syn earste Nederlânsktalige dichtbondel dy’t yn 2023 ferskine sil by útjouwerij AtlasContact.

It Transpoesie Poëzyfestival wurket al in tal jierren gear mei it Skriuwersboun

Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie-festival

Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesie-poëzijfestival yn Brussel. Hy sil mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt op. Neist in foardracht út harren eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp Frijheid en Identiteit. It evenemint sil opnaam wurde en letter werom te sjen wêzen.

It Transpoesie-festival fynt plak fan 23 oant en mei 21 oktober mei ferskate eveneminten. It festival wurdt organisearre om de Europeeske Dei fan de Talen (26 septimber) te fieren. De eveneminten bestean út lêzingen en panels dy’t ferskate ûnderwerpen besprekke rûnom it tema To be in the (k)now – poetry as a means of social expression. Op dy wize wol it festival it bewustwêzen fan it taalferskaat binnen Europa fergrutsje.

Troch de gearwurking tusken it festival en it Skriuwersboun kinne der alle jierren Fryske skriuwers yn Brussel optrede.

Hâld www.transpoesie.eu en harren Facebookside yn de gaten foar mear ynformaasje.

Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de alfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.

In sjuery besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân en lektor oan NHL Stenden), Janneke Spoelstra (Fryske Akademy) en Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) hawwe út seis opjeften de dichter Cornelis van der Wal keazen mei syn gedicht ‘Snie is in died fan ferset’. Syn ynstjoering waard troch de sjuery typearre as in melodieus gedicht dat it tema op aktuele wize byldzjend ta utering bringt troch it iensume, kâlde mar ek needsaaklike fan ferset en protest mei wurden te beskriuwen dy’t alle sintugen op skerp sette, en dat by elke lêzing wer wat nijs jout om oer nei te tinken.

Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter. Hy publisearre sân dichtbondels. Mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Yn 2019 waarden oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renommearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre.

Cornelis van der Wal

Europeeske Taledei 2020

Op 26 septimber fierden wy de Europeeske Taledei, in dei dat sûnt 2001 de meartaligens en it taalferskaat yn Europa fierd.

Yn de riedseal fan gemeente Waadhoeke, dy’t deselde deis kampanje fierde om “mooi dyn aigen taal” te praten, hearden wy it ferskaat oan taal yn Nederlân mei optredens fan Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, muzyk fan Bilkert Jan de Vries en ‘Nijntje in it Franekers.’

Sjoch hjirûnder it evenemint wer werom!

Foarsitter Froukje de Jong iepenet de moarns

Jan de Vries sjongt

Tsead Bruinja mei Onno Falkena

It publyk lit harren talen sjen

Roelina Tuinstra fertelt út Nijntje in ut Franekers

 

It evenemint foar Europeeske Taledei waard organisearre troch in gearwurkingsferbân fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, gemeente Waadhoeke en City of Literature Ljouwert.

Ljouwerter Krante, 28 septimber 2020

Omrop Fryslân, 26 septimber 2020. Klik op de foto om nei it oarspronklik berjocht op Omrop Fryslân te gean.

 

Wês der by, digitaal of yn Frjentsjer, op de Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, dy’t fertelle sil oer ‘Nijntje in it Franekers’

Foto’s makke troch: Tessa Posthuma-de Boer, David Vroom, Baukje Venema.

Fanwegen de feiligens is der beheind plak foar publyk. Dêrom freegje wy om de ferplichte opjefte troch te jaan by t EBLT

Digitaal is it gehiel ek live te sjen! Dat kin op de webside fan gemeente Waadhoeke

Graach oant sneon, 11:00 oere, yn Frjentsjer of digitaal!

 

Organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, yn gearwurking mei gemeente Waadhoeke en City of Literature Ljouwert.

 

Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.

Foto: Tessa Posthuma de Boer

 

Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 80 talen erkend fan mear as 200 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

Yn Nederlân is der ek in soad taalferskaat en op 26 septimber wurdt dêr omtinken oan jûn mei poëzy en muzyk. Sa sil Tsead Bruinja fertelle oer syn blomlêzing fan poëzy yn de Nederlânske streektalen en klinke it Grinzers, it Biltsk en it Frjentsjerters mei Fieke Gosselaar, Jan de Vries en Liesbeth Terpstra.

It barren hat plak op sneon 26 septimber om 11:00 by gemeente Waadhoeke, dy’t as meartalige gemeente de Europeeske Taledei ek fiere mei in eigen program. Fanwegen de feilichheid is der plak foar in beheind tal publyk en ferplichte oanmelding. It barren wurdt lykwols ek digitaal live útstjoerd fia Waadhoeke. Je kinne it evenemint op dy dei besjen op de website fan de gemeenteried fan Waadhoeke.

 

Continue reading “Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei”

Eb en Floed: Frysk-Grunneger literêre jûn op Europeeske Taledei by de Fryske Akademy

Om Europeeske Taledei te fieren organisearret it EBLT op 26 septimber by de Fryske Akademy yn Ljouwert in literêre moeting tusken Fryslân en Grinslân. Trije Grunnegerstalige skriuwers en trije dichters út Fryslân sille op dizze jûn yn Ljouwert optrede. De singer-songwriter Gert Sennema, bekend fan de band Westkantstad, sil syn Grunneger nûmers sjonge.

Eb en floed, de see en it waad, binne eleminten dy’t ús taalgebieten ferbine. Op Europeeske Taledei sille jo Grunnegers heare út it easten, it noarden en it westen fan Grinslân, Bildts en Frysk.

De foardrachten op dizze Frysk-Grunneger literêre jûn komme fan Aly Freije, Hein Jaap Hilarides, Sytse Jansma, Tonko Ufkes, Harry van Velsen en Carla van der Zwaag.

Wêr: Fryske Akademy, Doelestrjitte 8, Ljouwert

Wannear: 26 septimber 2019, fan 20.00 oant likernôch 21.30 oere. Ynrin fanôf 19.30 oere.

Tagong: fergees

Continue reading “Eb en Floed: Frysk-Grunneger literêre jûn op Europeeske Taledei by de Fryske Akademy”