WikiWomen: presintaasje en edit-a-thon

Op 20 novimber wurde yn Ljouwert twa eveneminten holden dy’t bydrage oan in ynklusivere Wikipedia mei tagelyk mear taalferskaat. It middeisprogramma fan WikiWomen en de jûn fan de Fryske edit-a-thon rjochtsje har op it fersterkjen fan de represintaasje fan froulju en it behâld fan minderheidstalen op Wikipedia, mei bysûndere oandacht foar de Fryske taal en kultuer.

Beide eveneminten binne fergees en biede in unike kâns om by te dragen oan in Europeeske beweging foar gelikensens en taalbehâld.

WikiWomen: Minderheden yn de Spotlight
Datum: 20 novimber, 15:00 – 17:00
Lokaasje: Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

It WikiWomen Erasmus+ projekt nûget dosinten, fertsjintwurdigers fan musea en taalorganisaasjes en oare belangstellenden út om te ûntdekken hoe’t Wikipedia ynset wurde kin foar it fersterkjen fan digitale feardichheden, sosjale belutsenens en taalbehâld. By dit evenemint diele Ierske, Baskyske en Fryske learlingen en dosinten harren ynsichten en ûnderfiningen mei it fersterkjen fan frouljusrepresintaasje en minderheidstalen fia Wikipedia. Spesjale projektmaterialen lykas it WikiWomen Student Curriculum, de WikiWomen Teacher Toolkit, en de WikiWomen GLAM Toolkit wurde presintearre. Dy boarnen biede konkrete helpmiddels foar ûnderwiis en kultuersektor om Wikipedia te brûken yn harren wurk.

Fryske Edit-a-thon: Skriuw de Froulju Yn!
Datum: 20 novimber, fanôf 19:30
Lokaasje: Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

De jûns giet de oandacht út nei de Fryske Wikipedy mei de Fryske Edit-a-thon. Under begelieding fan eksperts fan Wikimedia út Ierlân en Baskelân leare dielnimmers hoe’t sy sels artikels skriuwe en bewurkje kinne. It doel is om froulju mear sichtber te meitsjen en it brûken fan it Frysk as minderheidstaal te fersterkjen. Yn dizze workshop krije dielnimmers de kâns om daliks oan ’e slach te gean mei it skriuwen fan artikels oer ynspirearjende froulju, spesifyk foar de Fryske Wikipedia. ​

Nim dyn eigen laptop mei en kom nei de Stadskas! De jûn stiet iepen foar elkenien dy’t de krêft fan Wikipedia ûntdekke wol en him/har ynsette wol foar in heterogene, ynklusive en Fryske online wrâld.

Oer Wikiwomen

Froulju binne te min represintearre op Wikipedy. Mei it Europeeske projekt wurdt dêr feroaring yn bocht troch learlingen yn minderheidstaalsituaasjes te learen hoe’t se harren eigen artikels skriuwe kinne. Sa wurde skoallen, Wikipedy-organisaasjes en taalorganisaasjes yn Europa byinoar brocht om Wikipedy te brûken as metoade om learlingen digitale feardigens, sosjale belutsenens en taalfeardigens te learen.

Partners yn Fryslân binne Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Friesland.

12 novimber yn de Stadskas: ‘It toanbyld fan wrakseling’

Elke keunstner ken it: de wrakseling. Meastentiids sjochst inkeld it einresultaat – in kreatyf wurk dat presys is sa’t it wêze moat. Mar wat is dêroan foarôfgien? Hoefolle ferzjes binne der makke? Hoefolle jierdeis binne der skipt? Hoe faak is der roppen: “Wêrom moat ik yn ‘e goedichheid no sa nedich méitsje? Wêrom haw ik net genôch oan wurkjen, sliepen, iten en reality tv sjen?!”

Yn dit live-event dat we organisearje yn gearwurking mei Explore the North fertelle yllustratoaren en skriuwers oer harren wrakseling. Lústerje én sjoch nei de ferhalen fan Tjitske van Dijk, Lara Kool, Piter Banga, Hannes Schievink en Sanne Visser. Sarah van der Meer is moderator. De tagong is fergees!

Dizze jûn oer ‘it toanbyld fan wrakseling’ is it resultaat fan in spannende proazasimmer, dêr’t 15 nije talinten de kâns krigen om byld of tekst te publisearjen yn de Ljouwerter Krante en de Moanne.

plak & tiid

Wês der by op tiisdei 12 novimber om 20.00 oere yn de Stadskas by de Aldehou yn Ljouwert.

It hiele programma yn de Stadskas fan Explore the North fynst hjir.

Aktiviteiten rûnom de Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Moandei 1 novimber | literêre jûn

Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne. Op dy jûn draacht Raymond Muller foar út it wurk fan Eeltsje Hettinga en fersoarget Arjan Hut in skôging oer it dichtwurk fan Hettinga. Wiebe Kaspers soarget foar muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Amarins Geveke. In moaie jûn dus om foar it earst of better yn de kunde te kommen mei de nijste Gysbert Japicxpriiswinner.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.  
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden

Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program

Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert. De jûn set útein mei in pear oades oan Eeltsje Hettinga fan keunstners dy’t in soad mei him gearwurkje. De dichters fan RIXT fersoargje in optreden en spesjaal sille in oantal dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavonde’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. Op de jûn wurdt ek de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske gedichten presintearre. It program wurdt ôfsletten mei muzyk.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden.

Mear aktiviteiten

Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krijst by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!

Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.

Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.