Op freed 15 novimber ferskynt it Frysktalige Sinteklaas-kartonboek ‘Wytske & Kees fiere Sinteklaas’, skreaun troch Pieteke de Boer en yllustrearre troch Berber van den Brink. In unike oanfolling op it Fryske berneboekelânskip. It rymjende ferhaal lit bern de magy fan Sinteklaas belibje yn de Fryske taal.
Oer it boek Belibje it Sinteklaasfeest mei Wytske en Kees. Fan de oankomst fan de Sint en it iten fan pipernuten oant it meitsjen fan in moaie tekening foar yn ‘e skoech. De yllustraasjes bringe it ferhaal ta libben en lûke de bern mei yn ‘e magy fan it Sinteklaasfeest, dêr’t alles draait om ferwachting, ferwûndering en wille.
Foarlêsmoarn Op sneon 23 novimber om 10.30 oere is der in spesjale foarlêsmoarn yn de Biblioteek fan Snits. Sinteklaas krijt it boekje ‘Wytske & Kees fiere Sinteklaas’ kado en lêst dêr oanslutend út foar. Foar bern is der dêrnei in pitesirkwy mei leuke spultsjes, lykas pakjes goaie yn ’e skoarstiennen. Alden kinne in bakje kofje of tee drinke yn it kafee. It boek is nei ôfrin ek te keap yn de Biblioteek.
Op tiisdei 1 oktober 2024 presintearje útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk yn it Fries Landbouw Museum in nij unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke op de boerderij / Sipke op ’e buorkerij. It is it sânde dieltsje yn de twatalige rige Gouden Boekjes oer Sipke Pipermûs en syn pake.
Yn dit boekje helpe Sipke en syn pake boer Hûn op de buorkerij. Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan alles oer it Fryske lânskip. En as it wurk achter de rêch is, kriget Sipke in hiel bysûnder kado.
Boekpresintaasje yn it Fries Landbouw Museum
De boekpresintaasje fynt plak op tiisdei 1 oktober om 12.30 oere yn it Fries Landbouw Museum, Felling 6 yn Ljouwert. Skriuwster Lida Dykstra sil, yn oanwêzichheid fan groep 3 fan de KBS Sint Radboud út Jirnsum, it earste eksimplaar oanbiede oan boer Jaring Brunia en syn frou Lotte, dy’t Lida holpen ha by de research foar dit boek.
Op 9 septimber sette de Lês-mar-foar-wiken útein. Oant en mei 27 septimber is der yn de hiele provinsje ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk. Dêrom komme der by de Afûk krekt dizze wike twa nagelnije Fryske foarlêsboeken út: Boer Boaris en Joazefine yn ’e rein. Beide boeken binne fan hjoed ôf te keap.
De printeboeken kinne moai foarlêzen wurde fan 9 oant en mei 27 septimber (en dêrnei fansels ek noch), want se slute goed oan by it tema ‘eigenwiis’ fan de Lês-mar-foar-wiken. Joazefine en Boer Boaris binne beide lekker eigenwiis! Foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.
De twa nije foarlêsboeken slute moai oan by it tema ‘eigenwiis’ fan de Lês-mar-foar-wiken
Boer Boris – no ek yn it Frysk!
‘Boer Boris’ is in populêre Nederlânske printeboekesearje fan Ted van Lieshout en Philip Hopman. Der binne al ferskate dielen oer dat oandwaanlike boerke ferskynd en de searje is ek meardere kearen yn ’e prizen fallen. De Fryske oersetting is makke troch Eppie Dam. De pakesizzer fan dichter en (berneboeke)skriuwer Eppie Dam is nammentlik gek op Boer Boris en Dam woe dan ek graach de oersetting fersoargje. Ein oktober ferskynt ek noch in twadde diel fan Boer Boris yn it Frysk: ‘Boer Boaris en de sniepop’.
Boer Boaris hat in buorkerij en dêr hearre in hiel soad dingen en bisten bij. Sjoch, lês en tel mar mei!
Joazefine yn ’e rein – it fjirde Joazefine-boek
Ek it twadde printeboek dat yn dizze Lês-mar-foar-wiken ferskynt, spilet him op ’e buorkerij ôf: Joazefine yn ’e rein. De ko Joazefine wurdt sa stadichoan al in bekende ferskining yn Fryslân, want dit is al it fjirde diel dat yn it Frysk útkomt.
Joazefine hie krekt sa’n sin oan de speurtocht. Mar no reint it dat it spielt en sy en har freonen sitte har binnen te ferfelen. Of toch net? Net mei Joazefine! Dy kriget in geweldich idee en sa begjint in spannende speurtocht troch it hûs. En bûten is it ek sa slim noch net. Troch de plassen stampe is leuk! Dweiltrochwiet steane se by de postboade foar de doar. Mar oft dy de hiele wiete bisteboel deryn lit?
Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar- foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz! En yn de biblioteken is der ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk, wêrby’t alderhande feestlike foarlêsaktiviteiten organisearre wurde.
Tomke & Keimpe
It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘eigenwiis’, wat oanslút op it tema fan de Kinderboeken- week yn oktober. Alle pjutten krije by de opfang, de biblioteek en it konsultaasjeburo wer in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje yn dat tema. Yn it boekje stean ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes fan ferskate skriuwers en yllustratoaren. De Tomke-yllustraasjes binne noch makke troch de krekt ferstoarne tekener Luuk Klazenga. It boekje ferskynt ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.
It Tomke-foarlêsboekje ferskynt yn it Frysk, Bildts, Stellingwarfs en Franekers.
Bern fan 4 o/m 8 jier krije it nije Keimpe-boekje mei leuke ferhaaltsjes en spultsjes op skoalle of se kinne it fergees ophelje yn ’e biblioteek. Spesjaal foar Keimpe syn 5e jierdei is der in echte Keimpe- memory ûntwikkele en kinne alle bern en harren âlders, juffen en masters mei sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Wite meisjonge en -dûnsje op de eigenwize Lês-rap!
Minyboekjes sammelje by de Poiesz
Yn de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz. Alle wiken ferskine der twa nije boekjes dy’tst fergees meinimme meist by oankeap fan in griente- of fruitoanbieding. Bekende én nije skriuwers en yllustratoaren hawwe spesjaal foar dizze aksje acht prachtige boekjes makke. Op is op, dus fluch nei de Poiesz, en sammelje se alle acht!
Feest yn de biblioteek!
Yn de biblioteken binne yn de moanne septimber ferskate lês-, dûns- en muzykfoarstellingen te sjen. Foar pjutten binne der foarstellingen fan Janneke Brakels, Danswil en Het Muziekbeestje. Foar de doelgroep 4 o/m 8 jier spilet Jan Tiede Bouma in foarstelling oer Keimpe de Krokodil, en Pyke Kroes & Carel van Leeuwen ha in foarstelling makke oer it populêre boek ‘Lampke’. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. En hast it nije Tomke-temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Helje ’m dan gau fergees op by de biblioteek!
Oare foarlêsaktiviteiten
Op 14 septimber mei ‘Uit in Huis’ wurdt der de middeis foarlêzen yn de Prinsetún yn Ljouwert. Tusken 14.00 en 16.00 oere sil dêr troch in tal minsken foarlêzen wurde út prachtige eigenwize berneboeken.
Fierder binne yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân nije bernefilmkes te besjen en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.
It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan jonge bern.
Nei it sukses fan it ‘Winterboek’, dat útkaam yn de hjerst fan 2022, is no it ‘Simmerboek’ ferskynd! Ek it Simmerboek sit wer fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes, foar bern fan 2 o/m 6 jier. Alle ferhaaltsjes en gedichtsjes binne spesjaal skreaun foar dit Simmerboek.
Oer it boek
De skriuwers dy’t dêroan meiwurke ha, binne: Riemkje Pitstra, Geartsje Douma, Berber Spliethoff en Reina&Greetje. De yllustraasjes yn it Simmerboek binne makke troch: Anna Sikkes, Luuk Klazenga, Aart Cornelissen, Berber van den Brink en Marije Koelewijn. Omdat yn it boek in soad spultsjes en nifelwurkjes te finen binne, is it in moai ‘dochboek’, bygelyks foar yn ’e simmerfakânsje. It boek is foar € 9,99 te keap fia websjop.afuk.frl en fansels ek yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.
Foarlêsmoarn
Op freed 14 juny fan 10.30-11.30 oere wurdt yn de Afûk-winkel de ‘Simmermoarn mei Tomke’ organisearre foar bern fan 2 o/m 6 jier. Der wurdt dan foarlêzen út it Simmerboek en de bern kinne in moai nifelwurkje meitsje. Miskien wurdt it wol wat leuks foar heitedei! Fansels is Tomke der ek by en kinne de bern mei him op ’e foto.
Oanmelde foar de foarlêsmoarn kin troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@tomke.frl, mei dêryn de namme(n) en leeftiid fan it/de bern.
It wie 6 maaie in feestlike dei foar Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke-ferhaaltsjes. Sy fierde har 80e jierdei. Riemkje waard ferrast troch in prachtich berne-oargel mei echt bewegende poppen, dat spesjaal foar it Tomke-projekt makke is troch Tomke-tekener Luuk Klazenga en syn broer. Klazenga hie spesjaal foar Riemkje ek in prachtige poster yllustrearre, mei de jubilaris yn it middelpunt.
Riemkje Pitstra skriuwt al sûnt it begjin fan it Tomke-projekt yn 1996 de ferhaaltsjes oer it Fryske jonkje Tomke en syn hûntsje Romke, Kornelia de Kangeroe en it buorfamke Yana Yu. Yntusken skriuwe ek Geartsje Douma, Reina&Greetje en Berber Spliethoff mei oan de Tomke-ferhaaltsjes. De ferhalen fan Tomke steane ticht by it deistich libben fan jonge bern en wurde foarlêzen op pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra om de Fryske taal te stimulearjen.
It Tomke-projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.
Kampanje foar pakes en beppes: Praat mar Frysk, ek mei dyn bernsbern
pakes en beppes & meartalige ûntwikkeling
Fan 9 o/m 23 jannewaris is der ekstra omtinken foar de pakes en beppes yn Fryslân. Mei de pake & beppe-kampanje wol de Afûk (oansteande) pakes en beppes bewust meitsje fan de bysûndere rol dy’t sy spylje kinne yn de taalûntwikkeling fan harren bernsbern. As mei-opfieder kinne pakes en beppes de twa- of meartalige ûntwikkeling ekstra stimulearje, hielendal as sy geregeld oppasse. Boppedat kinne sy de Fryske taal dochs oan harren bernsbern meijaan, as dy benammen yn it Nederlânsk grutbrocht wurde.
Yn de kampanjeperioade hingje rûnom yn de provinsje posters mei de fraach ‘Wurdsto pake of word jij opa?’ en ‘Wurdsto beppe of word jij oma?’. Op www.pakebeppe.frl is mear ynformaasje te finen en wurde tips jûn foar it stimulearjen fan de twatalige ûntwikkeling.
Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek
De start fan de pake&beppe-kampanje is op sneon 13 jannewaris om 11 oere by Van der Velde Boeken yn Snits. Jan Arendz sil dan foarlêze út It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek fan Mirjam van Houten. Dat prachtige nije foarlêsboek bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt om foarlêzen te wurden troch pakes en beppes oan bern fan 2 oant en mei 6 jier. Mei in QR-koade yn it boek kinst de ferhaaltsjes ek noch belústerje. De ferhalen binne ynsprutsen troch Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans.
Dy foarlêzers lêze live foar:
Op freed 19 jannewaris om 11.00 oere lêst Leny Dykstra foar yn de Afûkwinkel yn Ljouwert
Op sneon 20 jannewaris om 11.00 oere lêst Joop Wittermans foar by Van der Velde Boeken yn Drachten
Op sneon 27 jannewaris om 11.00 oere lêst Hilly Harms foar by Boekhandel Burgum.
oppastas
Spesjaal foar de pakes en beppes dy’t oppasse (sille) is in prachtige ‘oppastas’ te keap, mei dêryn It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek, in kuierbingo, in boekje mei oppastips en oare aardichheidsjes. In moai kadootsje foar oansteande pakes en beppes of as in tankjewol foar al it oppassen! De tas is te keap yn de Afûk Fryske Boek- en kadowinkel en fia websjop.afuk.frl.