Fryslân is dit jier op de Frankfurter Buchmesse fertsjintwurdige mei in eigen stand. Op it ynternasjonale poadium, dêr’t Nederlân as gastlân fan de Buchmesse har presintearret, sille fjouwer Fryske optredens te sjen wêze.
Dichter Tsead Bruinja lêst in seleksje foar út syn Frysktalige oeuvre, mear yn it bysûnder út Stofzuigerzangers/Stofsûgersjongers, in útjefte yn gearwurking mei keunstneres Mirka Farabegoli en saksofoaniste Femke IJlstra. Willem Schoorstra bringt yn Redbad kronyk fan in kening in heidenske kening út de sânde iuw ta libben. Anne Feddema lêst in ferhaal foar út de yn Berlyn skreaune ferhalebondel De triennen fan Cheetah. Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp litte in tal koarte fideogedichten sjen, ûnderdiel fan it eksperiminteel en digitaal literêre projekt It Font (www.itfont.nl) wêryn’t poëzy, byldzjende keunst, foardracht en muzyk op sterk sintúchlike manier mei elkoar ferweve binne. Regisseur Tatiana Pratley presintearret it gehiel. Continue reading “Optredens Tsead Bruinja, Anne Feddema, Willem Schoorstra, Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp op Frankfurter Buchmesse”