Op it ‘Friesen-droapen’, dat eltse trije jier op it Dútske eilân Helgolân holden wurdt, komme Friezen byinoar út alle wynstreken: fan it Hollânske West-Friesland oant Nordfraschlönj oan de Deenske grins. De Fryske taal en kultuer stiet ûnder druk. ‘Is hjir noch wat te rêden?’ is dêrom de fraach fan FryslânDOK, dat op syk giet nei in nij Frysk ferhaal. Te sjen op 10 en 11 desimber by NPO2 en Omrop Fryslân.
Klik hjir foar de trailer. Lês de folsleine sjochtip fia dizze link.
Sneon 21 maaie is op Hilgelân (Helgoland) de Dútske premjêre fan de Fryske aksjekomeedzje Stjer. It is ien fan de programmaûnderdielen fan it 21ste Friesendroapen dat fan 20 oant en mei 22 maaie plakfynt. De Frysktalige bioskoopfilm fan de band De Hûnekop en regisseur Janko Krist is op 6 septimber 2021 útkaam en wurdt yn opdracht fan de Fryske Rie spesjaal foar dizze gelegenheid fan Dútske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser yn oparbeidzjen mei dr. Claas Riecken fan it Nordfriisk Instituut.
Freedtejûn 20 maaie draait de film ‘Der Krug an der Wiedau’. De earste Noardfryske film ea. In komyske misdiefilm yn fiif talen: it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy film is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken en regisearre troch Gary Funck. Begjin fan it jier is de film fan Fryske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser foar de premjêre yn Nederlân, dat organisearre wie op Ynternasjonale Memmetaaldei troch it EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film.
“Wy bin bûn, ferparte mar nea oerwûn…” sa begjint it nije Ynterfryske liet wêrfan’t de tekst troch de dielnimmers fan in wurkwinkel wilens it Friesendroapen yn 2019 skreaun waard ûnder begeleiding fan de Fryske folkband Baldrs Draumar. It is no op muzyk set en dit Friesendroapen is Baldrs Draumar presint om it nije Ynterfryske Liet foar it earst live nei foaren te bringen. It doel fan it liet is om de ferbining tusken de Fryslannen te beklamjen en te fergrutsjen.
Oan it begjin fan de sechstiger jierren ûntstiene de earste oerwagingen foar in ynterfryske gearkomste foar alle leeftiidsgroepen. Yn 1962 wie it earste treffen op Hilgelân, dat om ‘e trije jier East-, West- en Noard-Friezen yn de betide simmer foar trije dagen nei it eilân lûkt. 20–22 maaie 2022 is it wer safier. De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksje en dit jier is de organisaasje yn hannen fan de Frasche Rädj (Sektion Nord). De Fryske Rie is presint mei sa’n 60 dielnimmers, wêrûnder De Fryske Dûnsers.
Der binne wer sawat wer trije jier om en it tradisjonele trijejierlikse Friesendroapen sit der wer oan sit te kommen, en wol fan freed 20 oant en mei snein 22 maaie 2022.
De sintrale organisaasje is diz’ kear yn hannen fan Seksje Noard (Noard-Fryslân/Dútslân). Hjirby fynsto/fine jo de útnûging en it programma:
Opjeften út Westerlauwersk Fryslân en Westfriesland wei rinne fia ús, de Fryske Rie, seksje West.De folsleine jeugdherberch is foar de Ynterfryske Rie ôfhierd, foarearst ha wy as Fryske Rie 1/3 fan alle sliepplakken! Nei 14 dagen wurdt alles frijjûn en hat dyjing dy’t earst yn ‘e roef komt, kâns fan plak. Opjeften fan dyjinge dy’t yn de jeugdherberch sliepe wolle, soe ek dan ek graach foar 14 maart ûntfange.
Dyjinge, dy’t oar oernachtingsplak hawwe wolle, boeke dat sels. Op fersyk kinne wy in list fan mooglikheden stjoere. Elk regelet syn eigen reis- en annulearringsfersekering! Tink goed om de betingsten dy’t der jilde fanwege it koroanafirus.
Mear ynformaasje is op te freegjen by de Fryske Rie
Åål trii iir drååwe jam da frasche üt Nord-, Ååst- än Weestfraschlönj aw Hålilönj tu et tradisjonäl Friesendroapen Iip Lun. Näist iir as et wi süwid, uk e termiin stoont ål fååst: Foon e 20ste bit 22ste önj e krölemoune schal et spektookel stää fine. Ütruchter as e nordfrasch seksjoon foon e Frasche Rädj, sü dåt e nordfrasche bait program ordi wat masnååke koone. Huum frååge unti uk tips aw harten heet, di koon ham bai e Frasche Rädj önj Bräist malde.
Helgolân
Al trije jier treffe jimme de friezen út Noard, East en Westfryslân op Helgolân op it tradysjonele Friesendroapen. Takom jier is it wer safier, ek de dagen stean al fêst: fan de 20ste oant de 22ste yn de blommemoanne sil it spektakel plakhawwe. Organisator is de Noardfryske seksje fan de Fryske Ried, dat de Noardfriezen kinne meiprate yn de opset fan it program. Fragen of tips binne wolkom en kinne stjoerd wurde nei de Frasche Rädj yn Bräist, Dútslân