De Moanne, Ensafh en Frysk Dichterskollektyf RIXT nûgje elk fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol.
Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers selektearre. Sy hawwe harren plannen útwurke en sille dy no meiinoar op it NoFF presintearje. Fan poëzyfilms mei byld út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oant eksperiminten op it snijflak fan tekst, lûd, byld en fisuële keunst.
Jimme binne fan herte wolkom op sneintemiddei 9 novimber op it NoFF yn Ljouwert. Dêr wurdt dizze earste Gjalp presintearre.
optredens/presintaasjes
Tamara Feddema, Remco Kuiper, Myrte Marije Veenbaas, Ruerd Smaling, Marije de Lange, Erik de Boer, Hein Jaap Hilarides, Jorrit de Klerk, Sina Keuning en Anne Fie Salverda.
mear ynformaasje & opjefte
dei: 9 novimber
tiid: 15:30-17:00 oere, 15:00 ynrin en drankje nei ôfrin.
plak: Het Ruim (it âlde Ljouwerter Filmhûs, lofts fan de Harmonie)
Grutte audiokolleksje fan samler fan Fryske folksferhalen op 2 novimber online
Skriuwer en wittenskipper Ype Poortinga (1910-1985) sammele yn de jierren 1970 en 1980 in fracht oan Fryske folksferhalen. Mei syn Dafke gie er jierrenlang alle wiken by fertellers yn de provinsje del om ferhalen op bân op te nimmen. Foar dit ambisjeuze projekt krige er geregeld help fan ûndersiker Jurjen van der Kooi (1943-2018). Soest harren de Fryske bruorren Grimm neame kinne.
Sa’n twatûzen ferhalen binne yn sân mânske boeken ferskynd mei moaie titels as It fleanend skip, De held en de draek en It gouden skaakspul. Alle audio-opnames dy’t Poortinga makke fan de ferhalefertellers binne ek bewarre bleaun. Dy lizze by Tresoar. Se binne de ôfrûne tiid troch it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) digitalisearre en komme op 2 novimber online beskikber. Sa krije mear as hûndert Fryske fertellers fan folksferhalen harren stimmen werom.
De feestlike lansearring fan de audiokolleksje fan Poortinga fynt plak op snein 2 novimber yn Tresoar. Ta gelegenheid dêrfan organisearje Tresoar en it FFAA dan in ferhalemiddei. Fertellers fan no – Aggie Meijer, Alexander Moto, Tamara Feddema en Kees de Vries – litte priuwkes út de ferhalen fan Poortinga hearre. Arjan Sterken, religywittenskipper en leafhawwer fan de ferhalen fan Poortinga, fertelt oer syn ûndersyk nei ferteltradysjes. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries (ek wol Willem Wâldpyk). Kom del en lit dy meinimme yn de wûndere wrâld fan de mearkes, grappige teltsjes en sêgen!
Fryslân is in lân fan ferhalefertellers. Fan generaasje op generaasje waarden ferhalen oer de natuer, duvels, dieren, spûken en tsjoenders winterdeis by it hurdfjoer dield. Benammen ‘op de heide’ wie in grutte rykdom oan ferhalen te finen. Stoere, sterke en spannende, mar ek oandwaanlike ferhalen as ferdivedearjend jûnspraat. Ferhalen mei titels dy’t nijsgjirrich meitsje: ‘de jongfeint dy’t syn siel fuortstjoerde’, ‘de frou út de reinwettersbak’, ‘de ierdmantsjes dy’t in kreas frommes sjen woenen’ en ‘wêrom’t de earrebarre op ien poat stiet’.
Under de namme De Gjalp presintearje Ensafh, de Moanne en RIXT twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters. Makkers kinne har wurk ynstjoere foar publikaasje én foar in presintaasje op festivals. Dat is dit jier it gefal foar it Noordelijk Film Festival, dat yn novimber organisearre wurdt. Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025.
GJALP 1 – Dichtsje by histoarysk filmmateriaal
Dichters wurde útnûge om in gedicht te skriuwen by in filmfragmint út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Ut in seleksje fan 25 films (te finen op de webside fan it FFAA) kiest de dichter in fragmint fan 2 à 3 minuten en skriuwt dêr in gedicht by. In sjuery selektearret fiif teksten op basis fan literêre kwaliteit en byhearrend byld. De teksten wurde anonym beoardiele.
De fiif selektearre gedichten wurde (mei stipe fan it FFAA) troch de dichter sels ynsprutsen en montearre ta koarte foarfilmkes dy’t fertoand wurde op it Noordelijk Film Festival. Ek binne live-optredens fan de dichters op it festival ûnderdiel fan it plan. Elke selektearre dichter krijt in honorarium fan €500 en de teksten wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne.
Meidwaan? Stjoer dyn gedicht (mei fermelding fan film en tiidkoade) foar 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com
GJALP 2 – Dyn eigen literêre projekt mei film
Foar De Gjalp wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre produksje mei film. Fan in optreden mei byld oant in koart filmsenario, fan in essay oer film oant in animaasje- eksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en film yninoar gripe.
In sjuery fan literatuer- en filmkenners selektearret fiif plannen. De plannen wurde anonym beoardiele. Foar elk selektearre idee is der €500 beskikber foar in earste útwurking. Ek is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei it festival.
Ynstjoere kin oant freed 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com (Meardere ideeën ynstjoere mei!)
De Gjalp is in gearwurkingsprojekt fan literêr tydskrift de Moanne, Ensafh en dichterskollektyf RIXT, yn gearwurking mei it Noardlik Film Festival en it Frysk Film & Audio Argyf.
Hoe jouwe we it kulturele en histoaryske belang fan de Alvestêdetocht troch oan jongere generaasjes? Dy fraach stiet sintraal op de fiifde Dei fan de Alvestêdetocht, op moandei 15 jannewaris 2024 yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.
Op dizze dei sil sjoernalist en âld-reedrider Sippy Tigchelaar yn petear mei sporthistoarikus Ron Couwenhoven, dy’t de reedrydneilittenskip fan Coen de Koning byinoar brocht en oerdroech oan it Eerste Friese Schaatsmuseum yn Hylpen. De Koning wûn twa kear de Alvestêdetocht (yn 1912 en 1917) en wie wrâldkampioen reedriden. Gauke Bootsma fan it Schaatsmuseum fertelt hokker objekt hy noch hiel graach fine en tentoanstelle wolle soe. En it Fries Film & Audio Archief komt mei unike bylden fan en oer de ‘Tocht der tochten’ yn Snits. Noortje van Baal ûndersocht manieren om de Alvestêdekultuer te behâlden en troch te jaan oan jongere generaasjes en Hester Postma fertelt oer de plannen om de iissporten in plak te jaan yn de fernijde kolleksjepresintaasje fan it Fries Scheepvaart Museum. p ‘t lêst is der noch ien ynterview mei de reedrydfamylje Kooiman (Jan, Ineke Kooiman-van Homoet en Erik Jan).
Oer de Dei fan de Alvestêdetocht
Op 15 jannewaris 1909 waard de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden oprjochte. Dat is dan ek de reden dat 15 jannewaris yn 2019 útroppen waard ta de ‘Dei fan de Alvestêdetocht’. Dy stiet hielendal yn it ramt fan de Alvestêdekultuer, sa’t dy beheard wurdt troch argiven en musea. It giet dus net om de fraach oft we de tocht ea noch krije sille, mar oer de ferantwurdlikheid foar erfgoedynstellings om de reedrydskiednis fêst te lizzen. De Alvestêdetocht heart ta sawol it Fryske as it nasjonale sporterfgoed.
De Dei fan de Alvestêdetocht wurdt organisearre troch sporthistoarisy Marnix Koolhaas en Jurryt van de Vooren yn gearwurking mei it Fries Film & Audio Archief, it Fries Scheepvaart Museum, Gemeenteargy Súdwest-Fryslân en Tresoar. De presintaasje is yn hannen fan Sippy Tigchelaar.
Winner Coen de Koning (midden mei de mûtse en snor) nei de finish fan ‘e Alvestêdetocht fan 1917. Foto: Kolleksje HCL
Datum: moandei 15 jannewaris 2024, 13.30 – 16.00 oere
Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.
dichters
Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje FersFierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden. Ilse Vos, Marije de Lange en Preston Losack drage gedichten foar dy’t passe by de sfear dy’t de oprjochters fan Operaesje Fers foar eagen hiene: poëzy op fernijende wize ûnder de minsken bringe.
Operaasje Fers
In tillefoannûmer draaie en dan in gedicht hearre. It wie jierrenlang hiel populêr. Operaesje Fers waard ynternasjonaal nijs doe’t in groepke Fryske dichters der yn 1968 mei begûn. It wie de earste dichterstillefoan op ‘e wrâld. Tsjintwurdich ha wy Google, YouTube, Spotify en sosjale media. Mar doe koest 058-131313 draaie en dan heardest in gedicht, alle wiken in nijenien. Operaesje Fers hat 25 jier bestien, fan 1968 oant 1994. Op de dichterstillefoan hawwe mear as 2000 gedichten te belústerjen west: 1100 Fryske, 800 Nederlânske en sa’n 100 yn oare talen. Oprjochters fan Operaesje Fers wiene Josse de Haan, Meindert Bylsma en Geart van der Zwaag; de geastlike heit wie Feyo Schelto Sixma van Heemstra.
opnames
It Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) hat alle orizjinele opnames fan Operaesje Fers dy’t by Tresoar yn depot lizze, op ‘e nij digitalisearre en pleatst yn syn online katalogus op archieven.nl. It giet om mear as 2700 gedichten. Folle mear dus as de krekt neamde 2000. Dat komt omdat net alle opnommen gedichten op de dichterstillefoan útstjoerd waarden. Boppedat gie lûdstechnikus Hein van der Vliet by dichterseveneminten yn en bûten Fryslân del en sammele hy op dy wize withoefolle gedichten.
In soad opnames fan Operaesje Fers waarden troch Tresoar yn 2005 al online pleatst. In pear jier lyn waard dy webside út de loft helle omdat er slim ferâldere wie. De útwreide kolleksje stiet no op archieven.nl, dêr’t alle digitale byld- en lûdkolleksjes fan it FFAA beskikber binne. In seleksje fan 100 gedichten út Operaesje Fers is fan 26 jannewaris ôf ek op it soundcloudkanaal fan it FFAA te beharkjen.
harkje
Yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar kinst fan 26 jannewaris ôf in seleksje út de Operaesje Fers-gedichten op ludike wize beharkje.
Beharkje hjir it radiopetear dat de AVRO yn 1968 mei oprjochter Josse de Haan hie. Besjoch hjir de kolleksje fan Operaesje Fers op archieven.nl – de audiobestannen binne fan 26 jannewaris ôf beskikber.
Lansearring Operaesje Fers
Datum: 26 jannewaris 2023 Tiid: 16.00-18.00 oere Plak: Tresoar, Kafee De Gouden Leeuw Mear ynformaasje
Yn ferbân mei it beheinde tal sitplakken yn kafee De Gouden Leeuw is reservearje ferplichte. Kinst dy hjir oanmelde
Wat sjochst, wannear’tst troch de eagen fan in kompjûter nei fideobylden fan Fryslân sjochst? Fan 10 novimber o/m 31 desimber 2022 is yn Tresoar de tentoanstelling ‘Archief van de Toekomst’ te sjen. In multymediale ynstallaasje fan keunstner en ûntwerper Richard Vijgen foarmet it middelpunt fan de tentoanstelling. De tentoanstelling wurdt iepene op de earste dei fan it Noordelijk Film Festival en is ûnderdiel fan it festivalprogramma.
ynteraktive ynstallaasje Yn dizze ynteraktive ynstallaasje komme hûnderten oeren byld fan Fryslân oer in perioade fan goed sechtich jier út de kolleksje fan it Frysk Film & Audio Argyf by elkoar, en makket in selslearende kompjûter it mooglik om mei Keunstmjittige Yntelliginsje (KI) te sykjen nei patroanen yn de bewegende bylden. Troch te boartsjen mei de ‘eagen’ dêr’t de kompjûter de bylden fan Fryslân mei besjocht, fernimst fan tichtby hoe’t de ynstallaasje ynformaasje ferwurket en krijst in idee fan de mooglikheden, mar ek fan de beheiningen fan computer vision en automatyske byldwerkenning.
Keunstmjittige Yntelliginsje It begryp Keunstmjittige Yntelliginsje (KI) of Artificial Intelligence (AI), stiet foar it fermogen fan in kompjûter om ynformaasje te ferwurkjen en beslissingen te nimmen. Hoe sjocht in Keunstmjittige Yntelliginsje nei in digitaal argyf? Sjocht se ferbannen dy’t we net sjogge? Watfoar patroanen leit se bleat? Kin in Keunstmjittige Yntelliginsje in gids wêze, in kurator? Wit se better wat we sykje as wy sels? Is it ark of in orakel? Mei Het Nieuwe Instituut en VPRO Tegenlicht die Richard Vijgen de ôfrûne moannen ûndersyk nei de mooglike rol fan Keunstmjittige Yntelliginsje by it ûntsluten en presintearjen fan digitale erfgoedkolleksjes. It ûndersyk resultearre yn de tentoanstelling ‘Archief van de Toekomst’ dy’t earder dit jier te sjen wie yn Het Nieuwe Instituut yn Rotterdam, dêr’t de ynstallaasje 20 jier útstjoeringen fan it telefyzjeprogramma VPRO Tegenlicht trochsocht. De tentoanstelling komt no nei Tresoar yn Ljouwert en dêrby binne de útstjoeringen fan Tegenlicht ferfongen troch mear as 600 films út de kolleksje fan it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oer in perioade fan goed sechtich jier (1920-1985), swart-wyt en kleur. De tentoanstelling sil dêrnei fierder reizgje nei oare argyfynstellingen.
Foto: Richard Vijgen
Tagong Kom del en sneup troch de bylden fan Fryslân, kom yn de kunde mei begripen as computer vision en neurale netwurken en ûntdek hoe’t algoritmes patroanen ‘sjogge’ yn byld of tekst en hoe’t foaroardielen oan de basis lizze fan dyselde algoritmes. Oardielje sels oer de ûnderstelde ‘yntelliginsje’ fan de ynstallaasje. De tentoanstelling is fergees te besjen ûnder de iepeningstiden fan Tresoar.
Het ‘Archief van de Toekomst’ is ûntwikkele troch VPRO Tegenlicht mei meiwurking fan Het Nieuwe Instituut en wurdt mei mooglik makke troch finansjele stipe fan it Mondriaan Fonds.