De Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tweintichste kear it Frysk Filologekongres, yn Ljouwert op woansdei 10, tongersdei 11 en freed 12 desimber. It kongres wol in poadium wêze foar it wittenskiplik debat oangeande de frisistyk yn ‘e breedste sin. De fiertalen binne: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.
Programma en gearfettingen
De opset fan it kongres is dat der elke dei út ein set wurdt mei in plenêre lêzing. Dêrnei binne der parallelsesjes. Op ‘e tongersdei is der in jûnssesje oer Underwiis. It kongres is rjochte op ‘e neifolgjende ûndersyksmêden: Aldfrysk, Taalkunde, Letterkunde, Leksikografy, Taalsosjology, Skiednis fan Fryslân/Kultuerstúdzje. It ûndersyksfjild is it Frysk, mei ynbegryp fan de dialekten dy’t yn Fryslân foarkomme, yn al syn fazen en it Frysk yn Dútslân (Noard- en East-Fryslân). Continue reading “20ste Frysk Filologekongres 10-12 desimber 2014”