Reizgje mei it FYK nei Eastenryk foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden

Fan 31 maart oant 6/7 april kinsto mei nei Oberwart/Borta, Eastenryk foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden!

Dan is der it Peaskekongres, organisearre troch YEN en “Hrvatski akademski klub” (HAK), de jongereinferieining foar Burgenlandkroaten yn Eastenryk.

Aktiviteiten

De stêd is it thúsplak fan trije minderheden: de Burgenlandkroaten, de Hongaarske minderheid en de Roma mienskip. Sadwaande hat it wol 4 nammen: Oberwart, Borta, Felsőőr en Erba. Op ekskurzje silst mear leare oer de Burgenlandkroaten.

Yn de wike bist foaral dwaande wêze mei de workshop, dêr’tst diskusjearje silst oer tradysjes en wat it betsjut om part te fielen fan in taalminderheidsmienskip.

Op 6 april hat de algemiene ledegearkomste (general assembly) plak fan it YEN. Minsken dy’t dêr net oan meidogge, reizgje op 6 april nei hûs.

Kosten & opjefte

Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (ynkl. akkommodaasje, programma en iten) is €100,-

Lês alle ynformaasje yn de call. Opjefte kin fia it FYK oant 11 maart.

FYK & YEN

It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean en jongerein fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden.

Fragen? Stel dy oan foarsitter @ fyk.frl 

Diversity Festival UTOPijA

Fan 25 juny – 3 july hat it Diversity Festival ‘UTOPijA’ plak yn Carinthia / Koroška, Eastenryk by de Karintyske Slovenen. It Diversity Festival is rjochten op de talen en kultueren fan Europeeske minderheden. Bisto tusken de 16-30 jier en wolst mei? Kinst dy opjaan by it FYK.

Diversity Festival yn Grou, 2018. Foto: FYK

Kinst kieze út fjouwer workshops (fiertaal: Ingelsk) om dy wike mei te dwaan:

  • Minority dance party
  • Filmmaking
  • Choir
  • Puppet theatre

Klub slovenskih študentkov in student na Dunaju (KSŠŠD) organisearret it festival en sil dy mear sjen litte fan it gebiet en mear fertelle oer de minderheid. Tagelyk mei it diversity festival is yn Karintië ek de Europeada, it ynternasjonale fuotbaltoernoai foar Europeeske minderheden. Fansels stiet der in besite pland om ek in wedstryd mei te meitsjen.

Dielnimmerskosten binne €100,- Dat is ynklusyf akkomodaasje, iten, ekskurzjes en de workshops. Mochtest fragen hawwe oer de reiskosten, lit it foaral witte.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje. Opjefte kin fia it FYK, foar 24 maaie.

Wolst dy opjaan of hast fragen? Lit it dy dan witte en stjoer in mail nei it FYK.

Gean mei nei it grinslân Dútslân/Denemarken mei it peaskekongres

De Youth of European Nationalities (YEN) organisearret it Peaskekongres “time to think” yn Knivsberg, Denemarken fan 8-14/15 april. De YEN is de grutste organisaasje foar jongerein fan Europeeske minderheden. Wolsto (16-30 jier) meidwaan? Dat kin fia it Frysk Ynternasjonaal Kontakt

Yn 2020 wie it hûndert jier lyn dat de grins fan hjoed-de-dei fêstlein waard. Dat – en de goeie gearwurking fan it grinslân – soe grut fierd wurde. Lykwols kaam dat fansels oars, sa ek it peaskekongres, dat no,  twa jier, letter plakhat. Dit peaskekongres leit de fokus op identiteit, rjochten, jongerein fan minderheden en it ûntwikkeljen  fan feardichheden.

It organisaasjeteam bestiet út de Jugendverband für Nordschleswig (DJN) (Dútske minderheid yn Denemarken) Sydslesvigsk danske Ungdomsforeninger (SdU) (Deenske minderheid yn Dútslân). Sy sille dy ek meinimme op ekskurzje om mear fan it grinslân en harren minderheden te ûntdekken.

Yn de wike binne der twa workshops om út te kiezen:

  • Workshop 1 – ”Grenzland 2.0” sjocht nei de kânsen fan de grinsregio tusken Dútslân en Denemarken, dat yn 2020 harren 100ste jier mei de besteande grins (en gearwurking) fierde.  De workshop is yn it Dútsk
  • Workshop 2 – “Identity and Minority rights” sjocht nei identiteit en minderheidsrjochten. Yn de workshop komt de eigen identiteit oan bod en hoe’t de minderheid dêr ynfloed op hat. De workshop is yn it Ingelsk

Kosten foar dielname, akkomodaasje en iten binne €100,-. Dielnimmers kinne harren allinne opjaan fia it FYK. Opjefte oant en mei 19 maart. Foar mear ynformaasje oer it evenemint, workshops en YEN, of opjefte: nim foaral kontakt op mei it FYK

Meartalich evenemint by Tresoar as start kampanje Minority SafePack Initiative

minority
By Tresoar yn Ljouwert wie op 26 septimber in grutte manifestaasje as startsinjaal foar it Minority SafePack Initiative. Tagelyk waard it inisjatyf troch de Deputearre Steaten fan Fryslân en Fryske leden fan it Europeesk Parlemint ûndertekene yn Brussel. Deputearre Sietske Poepjes, kommissaris fan de Kening Arno Brok en Europarlemintslid Jan Huitema wiene dêrby, en ek noch Europarlemintariërs út Roemenië, Hongarije en Itaalje. Troch in live-ferbining koe it tekenjen folge wurde by Tresoar.

DSC_7325 Yn Ljouwert wie de manifestaasje organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), yn gearwurking mei de Federal Union of European Nationalities (FUEN), de Ried fan de Fryske Beweging en it Mercator Kennissintrum. Siart Smit fan Lân fan Taal trape de reeks koarte praatsjes ôf, mei de boadskip ek de wille fan meartaligens te ûnderstreekjen.

Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging en Cor van der Meer fan Mercator holden harren stikje yn it Frysk. Henk Bloemhoff liet it Stellingwerfs troch de seal klinke. Nina Peckelsen fan jongereinorganisaasje YEN wie by de start fan de kampanje yn Roemenië west en fertelde koart oar har ûnderfining. Mei de YEN Bustoer sil der yn’t koart yn Ljouwert ek wer omtinken foar it SafePack frege wurde. Hein Jaap Hilarides

Froukje de Jong, foarsitter fan it EBLT, hold har praatsje yn it Bildtsk. Mei in selskip fan Tryater, ûnder leiding fan Ira Judkovskaja, kamen Russysk en Ljouwerters oan bod. Bildtske sjonger Hein Jaap Hilarides soarge foar muzikaal intermezzo. Sa waard it in werklik meartalich evenemint.

Underwilens hiene de gasten de mooglikheid om te plak it inisjatyf te tekenjen. Yn de Europeeske Uny binne der sa’n 50 miljoen minsken dy’t ta in minderheid hearre. Om harren te stypjen is it Minority SafePack Initiative ûntston. It moat sa folle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich te wêzen: op syn minst ien miljoen. Yn Nederlân leit dy drompel op 19,500. Der is noch oan’t april 2018 de mooglikheid om te tekenjen op www.boargerinisjatyf.nl.

FYK organisearret Diversity Festival yn de simmer fan 2018

diversity_festival_2016Jongereinferiening FYK – Frysk Ynternasjonaal Kontakt – sil yn 2018 it Diversity Festival organisearje. Fryslân is yn augustus dan in wike lang it poadium foar kulturele aktiviteiten. Sa’n hûndert jongeren út oare minderheidstaalgebieten yn Europa, lykas de Noardfriezen of Sorben út Dútslân en de Kasjûben út Poalen, wurde foar it festival útnûge. Sy kinne dan hjir de Fryske kultuer kennen leare, mar sy krije ek de kâns om harren eigen minderheidstaal en kultuer sjen te litten oan de Friezen.

Nina Peckelsen (27) út Ketlik sit yn de organisaasje fan it Diversity Festival. “Wy binne no oan it opstarten mei de tariedings. We binne earst oan it sjen wêr’t we de útwikselwike krekt hâlde kinne en dêrnei gean we mei de konkrete organisaasje en de ynhâld fan it programma oan de gong. Wy wolle graach sjen oft we oparbeidzje kinne mei Lân fan Taal, mar we komme ek graach yn kontakt mei oare Fryske organisaasjes.”

Identiteit

Nina, dy’t ek bestjoerslid is fan de Europeeske koepelorganisaasje YEN (Youth of European Nationalies), hat ferline jier sels dielnaam oan it Diversity Festival yn it Russyske Moskou. “Mei oare jongeren út Europa dy’t ek in lytse of minderheidstaal prate, folge ik ferskate teäter- en dekôrbouworkshops. Oan de ein fan de wike hawwe we doe mei ús allen in teäterstik opfierd.”

It doel fan it Diversity Festival is om minsken bewust te meitsjen fan harren eigen identiteit en taal. Nina is sels trijetalich grutbrocht. “Fan ús heit learde ik Dútsk, fan ús mem Frysk en fansels learde ik ek it Nederlânsk. Sa binne der ek in hiel soad oare jongeren yn Europa dy’t lykas my thús twa of meardere talen prate.”

Meidwaan

Bedoeling is dat ek oare Friezen wat fan it Diversity Festival meikrije. “Fansels kinne Fryske jongeren har opjaan om oan dizze útwikseling mei te dwaan. En oare Friezen binne wolkom by ús opfierings op de lêste dei en se meie ek dielnimme oan ús Exchange Market: dêr kinne je yn de kunde komme mei de ferskate kultuere en haren hapkes en drankjes priuwe.”

Boarne: Omrop Fryslân.

Jubilearjend FYK hat nij bestjoer


Frysk Ynternasjonaal Kontakt of FYK is in organisaasje foar jongelju dy’t Frysksinnich binne. Hja kinne mei FYK reizen meitsje troch Europa en fan oare – lytse – kultueren leare. De organisaasje bestie dit jier 25 jier en fierde dat ferline wike mei in lang wykein (FYKein) yn Ingelum.

By dy gelegenheid is Maarten Bark fan Grins ta de nije foarsitter keazen. De oare nije bestjoersleden binne Hendrik Jonker (ponghâlder), Marike Postma (skriuwer), Shanna van der Wal (aktiviteitefrou) en Marike Santhuizen (algemien lid).

Peaskekongres FYK

Sawat 85 jonge minsken út 27 ferskillende Europeeske kultuer-minderheden, workshops om harren minderheden te fersterkjen én in hiel soad wille: dat is it ynternasjonale Peaskekongres dat fan 23-29 maart 2013 holden wurdt yn Fryslân. It is de grutste gearkomste fan jonge minsken en jongereinorganisaasjes fan Europeeske minderheidstaalgebieten yn Europa!
Continue reading “Peaskekongres FYK”