Leeuwarden.nl no ek yn it Frysk

De gemeente Ljouwert hat har hiele website nei it Frysk oerset. Sadwaande kinne sawat alle ynwenners de gemeentlike ynformaasje yn har memmetaal lêze. Nederlânsk én Frysk. Troch de weryndieling(s) yn de kommende jierren nimt it tal Frysktalige Ljouwerters fiks ta. Dêrom is it no in gaadlik stuit om útein te setten mei in meartalige website. Neist de Fryske ferzje folget dit jier ek noch in Ingelsk part mei relevante ynformaasje foar studinten, besikers en bûtenlânske ûndernimmers.
Continue reading “Leeuwarden.nl no ek yn it Frysk”