Gerbrandy

Duo-lêzing oer Gerbrandy en de biografy yn de regionale skiedskriuwing

De Fryske Akademy, it Friesch Dagblad en Tresoar organisearje op woansdeitejûn 26 novimber fan 19.45-21.30 oere (seal iepen: 19.30 oere) in duo-lêzing by Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert). Sprekkers binne prof. dr. mr. Cees Fasseur en prof. dr. Hans Renders oer de biografy fan Pieter Sjoerds Gerbrandy en de biografyske metoade yn regionale skiedskriuwing.

Pieter Sjoerds Gerbrandy (1885-1961) wie al rillegau bekend as in skerp, mar eigensinnich man. Dochs slagge er der yn om as oarlochspremier yn de Twadde Wrâldkriich lieding te jaan oan de Nederlânske regearing yn Londen. Oer dizze yntrigearjend Fryske ARP-politikus skreaun Cees Fasseur okkerdeis de biografy Eigen meester, niemands knecht. Lês mear…

 Scroll to top