Kataloanië Tichtby: Begryp fan Kataloanië

Op 27 novimber organisearren it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Mercator European Research Centre, en de Ryksuniversiteit Grins (RUG), ôfdieling Minorities & Multilingualism | Frysk by Tryater yn Ljouwert in lêzinge- en diskusjejûn oer de Katalaanske situaasje, mei ferskate sprekkers út de regio en út Fryslân.
Cor van der Meer Froukje de Jong ynlieding GJ

“Oardiele kinne jo pas as jo begripe hoe’t it sit yn Kataloanië.” De ynliedende wurden fan prof. dr. Goffe Jensma fan de RUG, ien fan de organisatoaren, rekken presys de kearn fan de diskusjejûn. Tegearre mei Froukje de Jong, foarsitter fan it EBLT, trape Cor van der Meer fan Mercator Kennissintrum de jûn ôf, wêrnei’t Goffe Jensma it as moderator oernaam. Oan ‘e hân fan stellingen waard der ynteraksje mei it publyk socht. Yn Jensma syn yntroduksje spruts hy koart oer de ferliking tusken Fryslân en Kataloanië, troch de skiednis ta te ljochtsjen, en bygelyks ek de ekonomyske situaasje fan beide regio’s. Unôfhinklikens libbet eins net by de Friezen, en Jensma ûnderbout wittenskiplik wêr’t de ferskillen krekt lizze.
Continue reading “Kataloanië Tichtby: Begryp fan Kataloanië”

Utnûging “Kataloanië Tichtby”, 27 novimber om 19.30 oere by Tryater

IMG_1966

27 novimber 2017, 19:30 oere

Tryater, Ljouwert

Kataloanië Tichtby

 In soad Friezen fiele harren solidêr mei de Katalanen. De emoasjes dy’t te krijen hawwe mei it sprekken fan minderheidstalen binne werkenber. Foar leden fan Europeeske minderheden fielt Kataloanië tichtby. Dêrom organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Mercator European Research Centre, en de Ryksuniversiteit Grins (RUG), ôfdieling Minorities & Multilingualism | Frysk op 27 novimber in lêzinge- en diskusjejûn oer de Katalaanske situaasje.

Moderator fan de jûn is prof. dr. Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en letterkunde en Director of Studies fan de stúdzjes MA Multilingualism en BA Minorities & Multilingualism oan de RUG. Hy sil in ferliking fan Kataloanië mei Fryslân meitsje, en ek mei oare Europeeske minderheden.

Continue reading “Utnûging “Kataloanië Tichtby”, 27 novimber om 19.30 oere by Tryater”

Fierder mei Frysk

Professor Goffe Jensma komt om te praten oer de opset fan it grutte taalûndersyk, dat nei ferwachting liede moat ta positive wurdearring fan it Frysk en de streektalen by safolle mooglik ynwenners fan Fryslân.

Dit ûndersyk sil plakhawwe yn it ramt fan ‘Ljouwert, Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018’.

It bestjoer fan de stichting ‘Fierder mei Frysk’ wol jo der op 12 novimber hiel graach by hawwe. Dêrom binne jo hjirby útnoege, mar it wurdt op priis steld wannear’t jo oare minsken mei ynteresse foar it tema meinimme.

De seal yn Tresoar giet iepen om 19.45 oere.
Continue reading “Fierder mei Frysk”