De Fryske Google Translate wike is begûn

De bern fan De Pôlle mei deputearre Poepjes
Moandeitemiddei is it startskot jûn foar de Fryske Google Translate wike. Deputearre Sietske Poepjes hat tegearre mei learlingen fan de trijtaliche basisskoalle De Pôlle te Marsum de wike iepene. Se ha tegearre lyk ek in pear wurden en sinnen oer set foar aksje. De bern ha doe in selsbetocht fertaalspul spile. Ek it publyk spile in rol by dit spul. As ôfslúting hienen de bern in trije taliche rap ynstudearre.

De Fryske Google Translate Wike hat in soad nasjonale belangstelling, bygelyks yn it sjoernaal (fan minút 18,50 ôf) en it jeugdsjoernaal (fan minút 7,28 ôf), by de NOS en de Trouw. Continue reading “De Fryske Google Translate wike is begûn”

It is hast safier: de Fryske Google Translate Wike

It wurdboek moat der bytiden wol by...

De wike fan 21 septimber oant en mei 26 septimber 2015 stiet  foar it EBLT yn it teken stean fan de Fryske taal op Google Translate. Yn dy wike, organisearre troch Provinsje Fryslân, de Fryske Akademy, de Afûk, it EBLT en Tresoar wolle wy mei sa folle mooglik minsken yn en bûten Fryslân wurkje oan it oersetten fan data dy’t nedich is foar it opnimmen fan de Fryske taal yn Google Translate. It giet om tûzenen wurdsjes, sintsjes, taaleigen en stikken fan sinnen dy’t oerset wurde moatte foar’t it Frysk echt ûnderdiel wurde kin fan Google Translate. Hjirfoar hawwe wy de stipe nedich fan alle Friezen dy’t in aardich wurdsje Frysk skriuwe kinne.

Yn de Fryske Google Translate Wike kin op ferskate plakken yn en bûten Fryslân wurke wurde oan de oersettingen. Ynkoarten sil it programma op de webside en de Facebook-eveneminteside pleatst wurde. Mar fansels kinne je ek thús oan de gong en no al útein sette kin fansels ek. Gean dêrfoar nei de webside fan Google Translate. Je hawwe wol in Google- of Gmail-akkount nedich om ynlogge te kinnen.
Continue reading “It is hast safier: de Fryske Google Translate Wike”

Frysk op GoogleTranslate

Foto: Omrop Fryslân
Leksikograaf Anne Dykstra fan de Fryske Akademy hat kontakt mei Google om it Frysk op GoogleTranslate te krijen. Elkenien dy’t knap Frysk skriuwe kin, kin dêrby helpe troch nei translate.google.com/community te gean en dêr Ingelske wurden en sinnen oer te setten yn geef en gongber Frysk.

Mei geef en gongber wurdt hjir bedoeld it Frysk sa’t wy dat gewoanwei yn kranten, tydskriften, boeken en websiden as dy fan It Nijs, Ensafh en De Moanne tsjinkomme, want teksten út dat soarte fan boarnen sille mooglik it faakst oersetten wurde op GoogleTranslate. Mar it is net nedich om by elk wurd nei te tinken oft it no wol geef en gongber is of net. Wês wol wach op hollanismen lykas ‘sich’, ‘hun’, ‘niks’, ‘noadich’ en ‘steeds’. Continue reading “Frysk op GoogleTranslate”