Fideo Emansipaasje fan Lytse Talen
Martin ter Denge en Henk Wolf prate oer lytse talen en de emansipaasje dêrfan. Martin ter Denge is warber foar it Twintsk yn it bysûnder en it Nedersaksysk yn it generaal. Henk Wolf spant him yn foar it Frysk yn sawol Nederlân as Dútslân. Beide binne bewuste taalbrûkers, dy’t wurk en hobby kombinearje. Yn har petear fine hja in protte oerienkomsten en ek in pear ferskillen yn har omgong mei taal. De fideo is makke yn opdracht fan It Nijs fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Myn berop is streektaal
Wat docht in streektaalmeiwurker eins? Henk Wolf hat foar de De Ried fan de Fryske Beweging/ It Nijs in fideo makke mei dy fraach, mei’t it tafal wol dat koartlyn trije minsken begûn binne yn funksjes dêr’t de soarch foar in lytse taal tige wichtich yn is. Yn dy fideo fiere se mei-inoar in meartalich petear oer harren wurk, harren winsken en ferwachtingen en oer mooglikheden om gear te wurkjen en fan oare lytse taalmienskippen ideeën op te dwaan.
Abel Darwinkel (1968) is sûnt oktober 2020 direkteur fan de Stellingwarver Schrieversronte. Dêrfoar hat er lang by de Drintske streektaalorganisaasje Huus van de Taol wurke. Hy wennet yn Appelskea.
Helen Christiansen (1991) is yn novimber 2020 begûn as haad fan it Minderheiten-Kompetenz-Netzwerk, de belange-organisaasje fan de taalminderheden yn de Dútsk-Deenske grinsregio. Dat binne de Dútsktaligen yn Denemarken, de Deensktaligen yn Dútslân, de sprekkers fan it Platdútsk en Súd-Jutsk, de Noard-Friezen, de Sinty en Roma. Se hat earder ûnder oaren foar Omrop Fryslân wurke en wennet yn de Noard-Fryske haadstêd Hüsem.
Henk Wolf (1973) wurket sûnt novimber 2020 as wittenskiplik meiwurker by de Oldenburgische Landschaft, dêr’t er neist ûndersyk ek de promoasje fan it Sealterfrysk op ‘e noed hat. Fierder wurket er foar it Frysk ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy hat earder ûnder oaren foar hegeskoalle NHL Stenden, de Fryske Akademy en de Afûk wurke. Wolf wennet yn it Grinslânske Lula.
Twa nije (betelle) striders foar it Nedersaksysk
It Nedersaksysk hat der twa beropskrêften by. Der binne ferskate organisaasjes yn Nederlân dy’t opkomme foar dy erkende streektaal. Oars as it Frysk hat dy gjin standerttaal, mar bestiet er út in grut tal dialekten. Dy wurde praat yn in grut part fan Noard- en East-Nederlân. Yn Fryslân hearre it Stellingwerfsk en it dialekt fan eastlik Kollumerlân der ek by.
Continue reading “Twa nije (betelle) striders foar it Nedersaksysk”