Tomke jierdeisfeestje: in slagge feest foar lyts en grut

Tomke bestiet dit jier 25 jier. Alle reden foar in feestje. Likernôch 250 entûsjaste pjutten en harren begelieders wiene dêrom sneon 18 septimber op Tomke’s jierdeifeestje fan ’e partij op it prachtige hiem fan paviljoen MeM yn Bûtenpost. Om safolle mooglik lytse fans de gelegenheid te jaan om Tomke te lokwinskjen, waard it feest oerdei yn trije tiidfakken fierd. Jûns wie der foar de ‘grutte minsken’ noch in ‘grutte-minskefeestje’ dêr’t ek de nije Tomke-skriuwers bekend makke waarden. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma binne oan it skriuwersteam tafoege.

‘Wy sjogge werom op in bysûnder slagge dei en in moai feest’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk/Tomke fan de Afûk, tefreden. Troch koroana kaam de hiele planning fan it Tomke-jubileumjier op ’e kop te stean. It oarspronklike idee wie dat de moanne juny Tomke-feestmoanne wêze soe mei in Tomke-tour, allerhanne aktiviteiten én in grut feest. ‘Wy hawwe ien en oar no mear oer it jier ferspraat. Sa hawwe we fan Tomke’s jierdeifeestje net ien grut feest makke mar trije lytsere feestjes. It feest wie der absolút net minder om!’

Foto: Hippe Kiek Fotografie – Sjoeke

Jierdeisfeestje foar de lytskes

Mei it fleurige Tomke-draaioargel by it ynrinnen siet de stimming der fuortendaliks yn. Fierder wiene der koarte foarstellingen mei muzyk en Tomke-ferhalen fan Janneke Brakels en Willy van Assen, Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Hinke Schwering fan Het Muziekbeestje. Trochrinnend wie der in speurtocht en in hiel soad romte om lekker te boartsjen. It moaie waar makke it feest kompleet.

It ‘grutte-minskefeestje’

Jûns fierde Tomke syn jierdei mei de ‘grutte minsken’, in gesellige jûn mei (âld)meiwurkers en belutsenen fan en by it Tomke-projekt. Der wie in tal sprekkers en ek de nije Tomke-skriuwers waarden bekend makke. Om it skriuwersteam te fersterkjen wie earder dit jier in Tomke-skriuwwedstriid organisearre. Goed 60 moaie ferhalen waarden ynstjoerd. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma wiene de úteinlike winners. Hieke Rienstra: ‘Tomke bestiet 25 jier mar mei hieltyd wer nije minsken en nije ideeën, kin it mantsje sa maklik noch 25 jier fierder.’

Skriuwersboun jout ‘Nearnewâld’ oan alle eksamenstudinten Frysk

It Skriuwersboun, de feriening fan en foar Fryske Skriuwers, Oersetters, Sjoernalisten en oare Publisisten, jout alle learlingen fan middelbere skoallen dy’t dit jier it Frysk eksamen dogge in kado.

Hja krije it jubileumboek ‘Nearnewâld’, mei bydragen fan 45 skriuwsters en skriuwers. Laurens Bontes makke in tekening fan in tinkbyldich Frysk doarp mei allerhanne nijsgjirrige details. By dy tekening makken de auteurs koarte ferhalen en gedichten, meast yn it Frysk, mar ek yn oare yn Fryslân sprutsen talen. Yn 2019 bestie it Boun fyftich jier, en dat waard fierd mei û.o. dizze spesjale útjefte. It boek biedt in prachtich priuwke fan wat de leden fan it Boun kinne, in stalekaart fan de aktuele Fryske literatuer. Krekt wat foar de jongerein dy’t aardichheid hat oan it Frysk en ek doart te kiezen foar it Frysk as fak!

It Boun hat by útjouwerij Elikser 200 boeken by printsje litten. De boeken wurde oanbean op de dei dat de Fryske eksamens ôfnommen wurde, op 31 maaie en 1 juny. It earste eksimplaar wurdt oanbean by Skoallemienskip Liudger yn Burgum op 31 maaie, oan de earste learling dy’t klear is mei har of syn eksamen.

Wêrom dêr yn Burgum de earste útrikking? Liudger hat de measte learlingen mei Frysk yn har pakket, wol 54! Dat komt wierskynlik omdat by Liudger ek de klassen 2 en 3 standert Frysk oanbean krije. It Frysk bliuwt sa foar de measte learlingen in fertroud fak, mei likefolle status as oare fakken, en dan is it ‘normaler’ om dat as eineksamenfak te kiezen.

Mar ek yn Boalsert, Ljouwert, Drachten, Surhústerfean, Frjentsjer, Snits, Koudum en Dokkum kieze learlingen foar Frysk, nammentlik op it Marne College, Stedelijk Gymnasium Ljouwert, !Impulse Ljouwert, Ljouwerter Lyseum, Drachtster Lyseum, Singelland, Csg Anna Maria van Schuurman, Csg Bogerman, Dockinga. Ek op dy skoallen krije dy beide dagen de learlingen mei Frysk har fergeze boek.

Foto: It skriuwersboun. Yllustraasje troch Laurens Bontes

Tomke bestiet 25 jier

Troch it iepenjen fan it spesjale Tomke-feestkofferke is juster op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea op feestlike wize it startsein jûn foar de jubileumaktiviteiten om it 25-jierrich bestean fan it Fryske pjutte-freontsje Tomke hinne. It Tomke-feestkofferke is in kadootsje fan Tomke foar alle pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken yn Fryslân. Mei de ferskillende boekjes en materialen út it kofferke kinne de liedsters mei de bern in feestje fiere én oan de slach mei it tema ‘tiid’.


Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fleurige jonkje belibbet mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren dêr’t alle pjutten gek op binne. Underwilens binne der al heiten en memmen dy’t eartiids sels de Tomke-ferhaaltsjes foarlêzen krigen en no de boekjes oan harren eigen bern foarlêze. It bekende giele boekje dêr’t it 25 jier lyn allegear mei begûn, wurdt noch alle jierren makke en tradisjoneel útdield yn de jierlikse Fryske Foarlêswike oan sa’n 12.500 Fryske pjutten.


Yn de rin fan de jierren is it Tomke-projekt hieltyd fierder útwreide. ‘Dat giet fan rigeboekjes en filmkes op telefyzje oant hânpoppen en fan metoades foar it foarskoalsk ûnderwiis oant bôletrompkes en apps’, laket Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk fan de Afûk: ‘Tomke is hiel divers en leechdrompelich en biedt in breed en oantreklik oanbod foar sawol heiten en memmen en pakes en beppes as foar profesjonele opfieders om mei pjutten talich dwaande te wêzen.’

Tomke-feestkofferke op pjutteplak it Healtsje. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf


Feestlike aktiviteiten en produkten
Om it 25-jierrich jubileum fan Tomke hinne binne foar dit jier ferskillende nije materialen en aktiviteiten ûntwikkele: it Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’, it Tomke-feestkofferke foar pjutteboartersplakken en berne-opfang, in feestlike Tomke-toer, nije Tomke-ferskes, Tomke yn de biblioteek, de Tomke-skriuwwedstriid, Tomke op telefyzje: nije ferhaaltsjes én ‘út de âlde doaze’, it jierdeifeestje fan Tomke op 18 septimber yn Bûtenpost en in nij Tomke-temaboekje foar de Fryske Foarlêswike (27 septimber oant en mei 1 oktober). Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke en de jubileumaktiviteiten op www.tomke.frl.


Oer it Tomke-projekt
Tomke is it foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt.


Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS (út namme fan de biblioteken yn Fryslân). It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Cedin en Omrop Fryslân soargje foar promoasje en fersterking. Dêrneist organisearret it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse alle jierren de Fryske Foarlêswike. It Tomke-projekt wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân

folkshegeskoalleDe Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge bestiet 70 jier en fiert dat ûnder oaren mei 4 bysûndere temajûnen yn bûtenteater De Rondte. Op dy jûnen stean Lytse Talen sintraal. Der wurdt gearwurke mei ferskate kulturele partners, oan de fêste wâl en op Skylge.

Identiteit en folkskultuer spylje in wichtige rol  op de Folkshegeskoalle, 70 jier ferlyn oprjochte as in moetingsplak om de Fryske kultuer fuort te sterkjen en mei-inoar te dielen.  Taal as drager fan dy identiteit en kultuer is in hieltyd weromkommend tema op Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018 en Lân fan Taal. We fiere it jubileum mei ús eigen gasten en ek seker mei alle eilanners en badgasten fan Skylge.  Continue reading “Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân”

Tryater fiert har 50-jierrich jubileum

Foto: Omrop Fryslân
Tryater fiert takom jier har 50-jierrich jubileum en dêrmei is it selskip it âldste teaterselskip fan Nederlân. Yn it ramt fan it jubileum komt de teatergroep mei in nij inisjatyf. Se rjochtsje in groep beskermers op, dy’t Tryater stipet en ek meitinkt mei de teatermakkers.

Der binne tsien plakken beskikber foar de beskermhearen en -froulju. Dy moatte 2500 euro bydrage. Yn ruil dêrfoar meie se meiprate oer it belied fan Tryater. Continue reading “Tryater fiert har 50-jierrich jubileum”