Oanmoedigingskampanje foar nije Fryskpraters fan start


Minsken dy’t it Frysk op lettere leeftiid leard ha, saneamde nije Fryskpraters, brûke dy taal mar “hiel sporadysk”, en dat hat foar in part te krijen mei de taalhâlding fan de tradisjonele sprekkers. Dat die ferline jier bliken út ûndersyk dat Ruth Kircher fan it Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen en Mirjam Vellinga fan de Afûk mei-inoar dien hawwe. Dy ûndersyksútkomsten wiene reden foar it opsetten fan in oanmoedigingskampanje dy’t oan de iene kant nije Fryskpraters stimulearret om troch te setten mar dêrnjonken ek de tradisjonele sprekkers opropt om dat folle mear te stypjen. Bewustwurding, begryp en kompliminten binne de haadyngrediïnten fan de online kampanje dy’t hjoed fia de ferskate socialmediakanalen fan Praat mar Frysk fan start giet.

Nije taallearders fiele har faak minder op har gemak by it brûken fan de taal yn petearen mei tradisjonele sprekkers. “Nije sprekkers moatte in drompel oer”, seit Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk. “Dat is altyd sa ast in nije taal sprekst. It is ek wennen om dysels oare klanken útsprekke te litten.”

Mar njonken de taalkundige ûnwissichheid spilet ek de hâlding fan de memmetaalsprekkers, de tradisjonele sprekkers, in rol: “Memmetaalsprekkers ferbrekke har bygelyks gau en geane oer op it Nederlânsk.” Dat helpt nije taallearders net en wurket faak ek nochris hiel demotivearjend. De memmetaalsprekkers dêrfoaroer hawwe krekt it gefoel dat it ûnfatsoenlik is om de minderheidstaal (it Frysk, yn dit gefal) te sprekken as der minsken by binne dy’t dat net of minder goed fersteane. “As minsken har dêr bewust fan binne, dan kinne se har gedrach feroarje”, seit Vellinga. De kampanje rjochtet him dêrom net allinnich op de nije Fryskpraters, mar benammen ek op de memmetaalsprekkers fan it Frysk.

De kampanje bestiet út in tal koarte fideo’s fan memmetaalsprekkers fan it Frysk en fan nije Fryskpraters: wat betsjut it Frysk foar harren? Wat fine se fan de nije taallearders, en oarsom: wat binne de erfaringen mei de memmetaalsprekkers? Alle fideo’s einigje mei in tip of oanmoediging. Dêrnjonken wurde minsken oproppen om sels ek in oanmoediging op te nimmen of te skriuwen foar alle minsken dy’t no Frysk oan it learen binne of besykje mear Frysk te praten, de nije Fryskpraters. Want: “In lytse oanmoediging, in komplimint en wat geduld wurde hiel bot op priis steld, benammen troch minsken dy’t it Frysk oan it learen binne. Kinst in taal allinnich mar leare ast dy faak om dy hinne hearst en brûke kinst. Dat is by in lytsere taal as it Frysk net altyd fanselssprekkend. Dêr hawwe wy inoar by nedich”, sa seit Ruth Kircher, sels in nije Fryskprater en ûndersiker by Mercator/Fryske Akademy.

Nije Frysklearders binne in belangrike groep as it giet om it behâld fan it Frysk. Op it stuit is in tredde fan de Fryskpraters fan hûs út net Frysktalich. Dat binne 150.000 minsken. In hiel grutte groep dus. It projekt Nije Fryskpraters is in gearwurking tusken Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen/Fryske Akademy en de Afûk

Nij projekt ‘Dêrom Frysk – Klassem!nt’ mei fergees lespakketten foar fuortset ûnderwiis

Afûk, Cedin en SJB Media komme mei it nije projekt ‘Klassem!nt’ foar skoallen yn it fuortset ûnderwiis. It betsjut in ferfolch én in ferdjippingsslach op de eardere en tige suksesfolle kampanje #dêromfrysk, dy’t yn febrewaris 2021 útein setten is. Klassem!nt hat as doel learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke te litten oer wat taal foar harren betsjut en harren entûsjast te meitsjen om foar it Frysk as (eksamen)fak te kiezen. In rige portretten lit harren sjen hoe leuk en wichtich it Frysk is en hokker kânsen en mooglikheden it biede kin.

Dêrom Frysk – Klassem!nt

Dêrom Frysk is in bewustwurdingskampanje foar jongerein yn Fryslân dy’t antwurd jout op de fraach “Wêrom Frysk?”. Klassem!nt wurket oan dat belangrike part dat oan it fak Frysk learen foarôf giet: it lit learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke oer wat taal foar harren betsjut. Doel is om de kommende jierren ta te wurkjen nei in gruttere groep eksamenkandidaten yn it fak Frysk.

Lisa Boersma, projektkoördinator ûnderwiis by de Afûk: “Prosintueel sjoen is de groep learlingen dy’t eksamen docht yn it Frysk net grut. Mei Dêrom Frysk wolle wy de learlingen bewust meitsje fan de foardielen fan it Frysk – en meartalichheid yn bredere sin – en geane dêrby djipper yn op emoasje en motivaasje.”

By Klassem!nt stiet in rige fan seis fideoportretten fan ‘gewoane’ Friezen sintraal. Ferhalen oer it Frysk dy’t ferwûnderje, werkenning oproppe en oansette ta in moai klassepetear tusken learlingen en dosinten. De learlingen ‘ranke’ de fideo’s op basis fan wat sy hearre en tinke nei oer de wearde fan in taal en it nut fan it Frysk. Sipke Jan Bousema, produsint fan SJB Media: “De doelgroep wurdt direkt en mjitber berikt fia de ynteraktive website, dêrtroch binne de oerwagingen fan learlingen ynsichtlik. Dat is handich, omdat wy mei dy ynformaasje de doelgroep op in letter momint fia de dosint noch better oansprekke kinne en sa komme ta in optimale aktivaasje.”.

Fergees lespakketten foar alle skoallen

Op 7 april binne nei alle fuortset ûnderwiisskoallen yn hiel Fryslân lespakketten tastjoerd wêrmei’t it ynteraktive projekt Klassem!nt op skoalle útfierd wurde kin. Dat kin binnen in les Frysk of bygelyks by it fak Maatskippijlear. Alles dat nedich is om dizze lessen te jaan, sit yn it lespakket dat sy fergees tasjoerd krije: fan lesbrieven en posters, oant in hantlieding mei stap-foar-stap útlis foar de dosint. Anna Marije Bloem, ûnderwiisadviseur by Cedin: “Foar de einopdracht krije alle learlingen in fotomapke wêrmei’t sy harren persoanlike portret meitsje kinne oer harren eigen taal. Dat leveret moaie persoanlike petearen op en begryp foar elkoars motivaasjes.”

Gearwurking Dêrom Frysk

Dêrom Frysk is in gearwurking tusken Afûk, Cedin en SJB Media en ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Ien fan de doelstellingen is dat it yn 2030 op alle fuortset ûnderwiisskoallen mooglik is om Frysk as eksamenfak te kiezen; dat is no mooglik op 13% fan alle skoallen. Mei Taalplan Frysk wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.