Fryske en Katalaanske films op Ynternasjonale Memmetaaldei

EBLT organisearret filmmiddei op 21 febrewaris

Op freed 21 febrewaris is der yn Ljouwert in filmmiddei mei oandacht foar minderheidstalen. De koarte Fryske film Baarch en de Katalaanske spylfilm Alcarràs wurde fertoand op it wite doek. Boppedat binne filmmakkers Joris Hoebe (û.o. CineNord en New Noardic Wave) en Rutger Veenstra (Baarch) derby om te fertellen oer it belang fan film en minderheidstalen en de plannen foar in Frysk filmfûns. De filmmiddei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film yn it ramt fan de Ynternasjonale Memmetaaldei.

Baarch en Alcarràs

De Fryske film Baarch en de Katalaanske film Alcarràs fertelle beide in ferhaal oer famylje en it plattelân, mar hawwe in folslein oar tema.

Baarch (2024) is in koarte film fan de hân fan Rutger Veenstra. Nei in finzenisstraf foar in sededelikt, komt de soan fan Nanne werom nei it âlderlik hûs op it Fryske plattelân. De omjouwing is net wiis mei dy weromkomst. Kiest Nanne foar syn soan of de mienskip?

Alcarràs (2022) is in film fan Carla Simón en hat ferskate prizen wûn. Sa is it de earste Katalaanske film mei in Gouden Bear. De film toant it ferhaal fan famylje Solé, dy’t al generaasjes lang op in pjiskehôf yn Kataloanië wurket. Dêr komt feroaring yn as de nije lâneigener oare plannen hat mei it stik grûn: de famylje en pjiskebeammen sille plak meitsje moatte foar sinnepanielen.

Minderheidstalen en film

It EBLT freget al jierrenlang oandacht foar de stipe fan filmproduksjes yn minderheidstalen. Op de middei is der dêrom ek tiid om te sjen nei de ûntwikkelings yn Fryslân. Sa sil Joris Hoebe op ’e middei fertelle oer de plannen foar in Frysk filmfûns en kin Rutger Veenstra it produksjeproses fan Baarch taljochtsje.

Ynternasjonale Memmetaaldei 

It is alwer de alfde kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film films oer en mei taalminderheden presintearje op ’e Ynternasjonale Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. Der binne mear as tweintich EBLT-lidorganisaasjes, dy’t harren ynsette foar it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Wês wolkom

De filmmiddei is op freed 21 febrewaris en begjint om 14:00 oere yn Slieker Film, Ljouwert. Ynrin is nei 13:30 oere. Kaarten binne by Slieker te krijen.

Boeke- en Roazedei op sneon 22 april by de Afûk en de 11fountain ‘Love’ fontein yn Ljouwert

Nei it sukses fan ferline jier wurdt de Boeke- en Roazedei dit jier op ’e nij fierd yn Ljouwert. Dat fynt plak op sneontemoarn 22 april yn de Afûk-winkel én by de ‘Love’ fontein fan Jaume Plensa, bekend fan de 11fountains. It is op ’e nij in moaie gearwurking tusken de Afûk Fryske boek- en kadowinkel en ANC-Nederland. Der wurde gedichten foardroegen yn it Frysk en it Katalaansk en klanten yn de Afûk-winkel krije in roas by oankeap fan in boek.

Wrâldboekedei
Wrâldboekedei is yn 1995 fêststeld troch UNESCO en wurdt alle jierren op 23 april organisearre om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen. De datum waard keazen omdat dy dei yn Kataloanië al sûnt 1923 yn it teken stiet fan boeken en it boppedat de berte- en stjerdei is fan William Shakespeare én de stjerdei fan Miguel de Cervantes. Yn Kataloanië falt dy dei gear mei it populêre feest fan Sant Jordi. Net allinnich is it de dei fan de beskermhillige, mar ek de dei fan de roas as symboal fan de leafde en de dei fan it boek as symboal fan de kultuer. Neffens de oerlevering is it op dy dei gebrûklik om manlju in boek te jaan en froulju in roas. Barcelona feroaret op dy spesjale dei dêrom altyd yn in enoarme iepenloftboekwinkel anneks blommisterij.


Boeke- en Roazedei
Sneon 22 april sil yn de Afûk-winkel de Boeke- en Roazedei wer fierd wurde. De moarns om 11:30 oere is der in lyts programma mei ûntfangst yn de winkel, wêrnei’t it programma fan 12:30 oere ôf plakfynt by de fontein fan Plensa, by it Ljouwerter stasjon. Ta gelegenheid fan it fiifjierrich jubileum fan dy fontein wurde dêr yn it Katalaansk en yn it Frysk in tal gedichten foarlêzen fan Vicent Andrés Estellés. Dy Katalaanske dichter hat altyd in ynspiraasjeboarne west foar byldzjend keunstner Jaume Plensa. De gedichten binne yn it Frysk oerset troch Syds Wiersma en Ignasi Ripoll. In oantal fan dy oersettingen binne yn april ek te lêzen op de webside fan it kultureel tydskrift de Moanne. Klanten yn de Afûk-winkel krije op dy dei in roas kado by oankeap fan in boek (op=op).

Gearwurking ANC en Afûk
Ignasi Ripoll fan it Assemblea Nacional Catalana yn Nederlân (ANC) socht dit jier op ’e nij de gearwurking mei de Afûk. It Katalaansk heart, lykas it Frysk, ta de Europeeske minderheidstalen en beide partijen steane foar de promoasje fan harren taal en kultuer. ANC-Nederland is ien fan de bûtenlânske takken fan it ANC, in Katalaanske sivile maatskiplike organisaasje dy’t him ûnder oaren ynset foar de promoasje fan kultuer en minderheidstalen. Dat doel slút hiel moai oan by de missy en it wurk fan de Afûk as it giet om de Fryske taal.

Wrâldboekedei en de Katalaanske ‘Dei fan Sant Jordi’ op 23 april by de Afûk

Sneon 23 april is it yn Kataloanië ‘De dei fan Sant Jordi (Sint Joris)’, in dei dat de minsken dêr elkoar neffens tradysje boeken en roazen kado dogge. Boppedat falt dy dei gear mei de jierlikse ‘Wrâldboekedei’, yn 1995 fêststeld troch de UNESCO om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen. De kombinaasje fan dy twa fieringen wie foar Ignasi Ripoll fan it Assemblea Nacional Catalana Nederland (ANC) reden om de tradysje dit jier troch te jaan oan Nederlân en kontakt te sykjen mei de Afûk. Beide partijen steane foar de promoasje fan harren taal en kultuer. Mei-inoar organisearje sy no de ‘Boeke- en Roazedei’ op 23 april yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.


Boeke- en roazedei

Op inisjatyf fan Ignasi Ripoll fiere wy dit jier op sneon 23 april foar it earst de Boeke- en Roazedei by de Afûk. Om 12.00 oere set it evenemint yn de winkel útein, dêr’t ferteld wurdt oer de dei fan Sant Jordi en Wrâldboekedei. Ek wurde der Katalaanske gedichten foardroegen, foar in part oersetten nei it Frysk troch Syds Wiersma, en der is omtinken foar Fryske wiisheden. Boppedat krije alle klanten op sneon 23 april yn de Afûk-winkel in moaie roas kado. (op=op)

Gearwurking ANC en Afûk

It Katalaansk heart, lykas it Frysk, ta de Europeeske minderheidstalen. “Wy wurdearje en beskermje ús talen”, seit it ANC-Nederland. It ANC-Nederland is ien fan de bûtenlânske takken fan it Assemblea Nacional Catalana, in Katalaanske sivile maatskiplike organisaasje dy’t him ûnder oaren ynset foar de promoasje fan kultuer en minderheidstalen. Dat doel slút hiel moai oan by de missy en it wurk fan de Afûk as it giet om de Fryske taal. Dêrnjonken is de Afûk net allinne útjouwer fan boeken yn it Frysk en oer Fryslân, mar hat dy ek noch in spesjalisearre boekwinkel. Alle reden om yn te gean op dat Katalaanske inisjatyf en mei te wurkjen oan de organisaasje fan it evenemint.

foto Assemblea Nacional Catalana Nederland

Tradysje

De ‘Diada de Sant Jordi’ (dei fan Sint Joris), op 23 april, is in bysûndere feestdei yn Kataloanië. Net allinnich is it de dei fan de beskermhillige, mar it is ek de dei fan de roas as symboal fan de leafde en de dei fan it boek as symboal fan de kultuer. It is in tradysje mei in lange skiednis. De ferearing fan Sant Jordi yn Kataloanië waard troch de Generalitat, it regear fan Kataloanië, yn 1456 útroppen ta in offisjeel feest. In wichtich ûnderdiel fan de hjoeddeistige festiviteiten is it tradisjonele útwikseljen fan kado’s: de man jout de frou in roas en hy kriget fan har in boek. Tsjintwurdich kriget elkenien fansels in boek: frou, man én bern. “Wy tinke dat it ien fan de moaiste tradysjes is dy’t wy Katalanen hawwe en dat it oeral fierd wurde kinne soe”, seit Ignasi Ripoll.

De Dei fan it Boek is yn 1926 ynsteld omdat op 23 april de dea fan Cervantes betocht wurdt. It fieren fan de Dei fan it Boek waard al gau oernommen yn Kataloanië, en wylst de tradysje op oare plakken ferwettere, is er yn Kataloanië útgroeid ta ien fan de populêrste feesten, kompleet mei boekemerken en blommedissen en tal fan kulturele aktiviteiten.

Utnûging “Kataloanië Tichtby”, 27 novimber om 19.30 oere by Tryater

IMG_1966

27 novimber 2017, 19:30 oere

Tryater, Ljouwert

Kataloanië Tichtby

 In soad Friezen fiele harren solidêr mei de Katalanen. De emoasjes dy’t te krijen hawwe mei it sprekken fan minderheidstalen binne werkenber. Foar leden fan Europeeske minderheden fielt Kataloanië tichtby. Dêrom organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Mercator European Research Centre, en de Ryksuniversiteit Grins (RUG), ôfdieling Minorities & Multilingualism | Frysk op 27 novimber in lêzinge- en diskusjejûn oer de Katalaanske situaasje.

Moderator fan de jûn is prof. dr. Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en letterkunde en Director of Studies fan de stúdzjes MA Multilingualism en BA Minorities & Multilingualism oan de RUG. Hy sil in ferliking fan Kataloanië mei Fryslân meitsje, en ek mei oare Europeeske minderheden.

Continue reading “Utnûging “Kataloanië Tichtby”, 27 novimber om 19.30 oere by Tryater”