Kataloanië

Utnûging “Kataloanië Tichtby”, 27 novimber om 19.30 oere by Tryater

IMG_1966

27 novimber 2017, 19:30 oere

Tryater, Ljouwert

Kataloanië Tichtby

 

In soad Friezen fiele harren solidêr mei de Katalanen. De emoasjes dy’t te krijen hawwe mei it sprekken fan minderheidstalen binne werkenber. Foar leden fan Europeeske minderheden fielt Kataloanië tichtby. Dêrom organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Mercator European Research Centre, en de Ryksuniversiteit Grins (RUG), ôfdieling Minorities & Multilingualism | Frysk op 27 novimber in lêzinge- en diskusjejûn oer de Katalaanske situaasje.

Moderator fan de jûn is prof. dr. Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en letterkunde en Director of Studies fan de stúdzjes MA Multilingualism en BA Minorities & Multilingualism oan de RUG. Hy sil in ferliking fan Kataloanië mei Fryslân meitsje, en ek mei oare Europeeske minderheden.

Dr. Eva J. Daussà, universitêr dosint taalkunde oan de RUG, sil koart sprekke oer de histoaryske, kulturele en politike kontekst. Dr. Tilman Lanz, universitêr dosint antropology oan de RUG, beljochtet it geweldleaze ‘civic’ nasjonalisme yn Kataloanië en de ymplikaasjes  fan it Katalaanske konflikt foar Europa. Studint MA Multilingualism Guillem Belmar hat de situaasje yn Kataloanië sels meimakke, en sil fertelle oer de emosjonele kant fan it referendum en de oanrin der nei ta. Daussà en Belmar binne fan Katalaanske komôf, Lanz is spesjalist op it mêd fan Kataloanië.

Frysk sjoernalist Sybrand Grasdijk (Harkema) hat in skoft yn Barcelona wenne en in dokumintêre makke oer de oanrin nei it referendum ta. In ynkoarte ferzy sil op dizze jûn toand wurde.

 

Beheind plak! Jou jo gau op!

Wêr:                      Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert

Wannear:          27/11/2017, 19.30-22.00 (ynrin fan 19.00 oere ôf, skoft en neisit mei hapkes en drankjes)

Tagong fergees, opjaan fia eblt@fryske-akademy.nl

Konferinsje “The Current Challenges for Minority Languages in today’s complex societies” yn Brussel

Op 9 novimber 2017 wie it EBLT oanwêzich by it kongres fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) en Centre Maurits Coppieters yn Brussel. It tema fan it kongres wie “The Current Challenges for Minority Languages in today’s complex societies”, ferdield yn trije ûnderdielen, nammentlik migraasje en mobiliteit, ekonomy, en ûnderwiis.NPLD

Yn it iepeningswurd fan presidint Sietske Poepjes neamde sy de Brexit en de situaasje yn Kataloanië. It docht bliken dat de belangen fan naasjesteaten noch hieltiid boppe dy fan de regio’s en de minderheden lizze. Neffens frou Poepjes is gjin ien taal wichtiger as de oare, en moat elkenien de eigen taalidentiteit binnen in naasje hâlde kinne. Se neamde ek it belang fan it Minority SafePack Initiative, dat noch hieltiid in soad hântekenings nedich hat. It inisjatyf kin hjir tekene wurde.

Michael Teutsch, DG edukaasje, jongerein, sport en kultuer fan de Europeeske Kommisje, neamde de fokus op grinsregio’s foar de kommende jieren, en it ûntwikkeljen fan bettere learmetoades foar meartalige skoalklassen.

Lês mear…

Film ‘Nuvere lju dy Katalanen’ te sjen op YouTube mei Fryske ûndertitels

De Katalaanske roadmovie ‘Nuvere lju dy Katalanen’, dy’t op freed 21 febrewaris – Ynternasjonale memmetaaldei – presintearre is yn Slieker film, kin no mei de (West-)Fryske ûndertitels besjoen wurde op YouTube. Spesjaal foar dyjingen dy’t ferline wike de foarstelling yn Slieker film net sjen koene, mar wol benijd binne.
Reaksjes binne fansels fan herte wolkom!

EBLT en Slieker Film presintearje: ‘Nuvere lju, dy Katalanen’

Katalaanske roadmovie ‘Són bojos aquests Catalans!?’ op Ynternasjonale Memmetaaldei te sjen by Slieker Film.  

Alina is in jonge Dútse frou dy’t Katalaansk leart en nei Kataloanië ferhuzet. Spaansk kin se net. Mar dat is ek net nedich, tinkt se, want Katalanen dogge dochs alles yn de eigen taal, lykas boadskipje, nei de film en studearje? Alina reizget mei in buske troch Kataloanië en komt der ûnderweis achter dat de realiteit hiel oars is en yn har eagen faak ek ûnlogysk, betiidzjend of sels absurd. Yn Aragón besjocht Alina in stedsje dêr’t elts Katalaansk praat, mar de taal gjin inkelde status hat. Yn Andorra is it Katalaansk de offisjele taal, mar kin se hast net ien fine dy’t de taal ek prate kin. En ek yn Kataloanië sels komt Alina foar de nedige ferrassingen te stean, om noch mar te swijen oer de besite oan Perpignan yn Frânsk-Kataloanië….

Alina’s aventoeren yn Kataloanië binne it útgongspunt fan de roadmovie ‘Són bojos aquests Catalans!?’/ ‘Nuvere lju, dy Katalanen’ fan de jonge Katalaanske regisseur David Valls Botet. It is in boartlike en bytiden sels humoristyske dokumintêre, dy’t sjen lit hoe dreech it is om in earder achterstelde taal wer deselde status en mooglikheden te jaan as de earste steatstaal, in probleem dat in soad Friezen en sprekkers fan oare lytse talen werkenne sille. Yn Fryslân wurdt gauris mei ôfgeunst nei Kataloanië sjoen, want dy regio hat selsbestjoer en in grutte, sterke minderheidstaal, dy’t je rûnom tsjinkomme. Mar hoe goed hawwe se it no echt foarinoar yn Kataloanië?

Wa’t belangstelling hat foar Kataloanië, taalbelied of minderheidstalen mei de dokumintêre ‘Són bojos aquests Catalans!?’/ ‘Nuvere lju, dy Katalanen’ eins net misse.

Yn it ramt fan de Ynternasjonale Memmetaaldei organisearje it EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen) en Slieker Film yn Ljouwert de Nederlânske premiêre fan ‘Són bojos aquests Catalans!?’/ ‘Nuvere lju dy Katalanen’ op freed 21 febrewaris, de middeis om 15.30 oere. De film is foar de gelegenheid foarsjoen fan ûndertitels yn it Frysk en wurdt fertoand yn bywêzen fan de Katalaanske regisseur David Valls Botet. Nei de dokumintêre is der romte foar diskusje en neipetear mei de regisseur.

Lês mear…

 Scroll to top