It Literêr Sirkwy by tentoanstelling Kor Onclin

Op freedtejûn 1 april hâldt Frysk Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear wurdt de jûn organisearre yn gearwurking mei Tresoar. It wurk fan byldzjend keunstner Kor Onclin foarmet de oanlieding. In seleksje út it wurk fan Onclin is te sjen yn de tentoanstelling Ferwûndering & Ûngerêstens yn Obe, poadium foar Fryske kultuer. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan Tresoar poëzy skreaun by skilderijen fan Kor Onclin. Guon fan dy gedichten, ynklusyf in pear fan Onclin sels, binne opnommen yn de tentoanstelling.

Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) wurke yn in lyrysk en abstrakt ekspressionistyske styl. Syn kleurgebrûk is faak oerdiedich. In troch Onclin skildere kop is in lânskip, dêr’t it libben syn spoaren trochhinne lutsen hat. Onclin wie altyd op ‘e syk nei de ferwûndering: it finen en op ‘e nij finen dêrfan. Fan 1978 oant 2002 wennet en wurket er mei syn frou Marleen yn it Frânske doarp Privas yn de Ardèche. Syn kleuren krigen dêr noch mear helderheid, syn styl waard der noch persoanliker en yntinser.

Dichteres Griet Westra skreau in haikû by it skilderij Upside-down út 1995. 

fielst dy sûnder siel
sa blau, dyn wrâld sa readrau
do rinst dwers troch my


Oare dichters fan wa’t poëzy yn de tentoanstelling te lêzen is, binne Tryntsje van der Veer, Edwin de Groot en Syds Wiersma. Sy litte har gedichten op 1 april klinke by de doeken fan Onclin. De dichters Carla van der Zwaag, Mees van Rijswijk, Dêrgjitr en eilândichter fan Skylge, Ina Schroders-Zeeders, binne ek presint. Dêrnjonken fertelt Marleen Onclin it ferhaal fan it libben, de ynspiraasje en de keunst fan har man. 

De Biltske muzikanten Jan de Vries en Ruben Bus meitsje muzyk. In jûn sûnder muzyk is gjin Kor Onclin-jûn. As keunstner socht Onclin de eigen minske- en stimmuzyk. Hy spile boppedat graach jazz. 

De jûn wurdt ôfsletten mei in iepen poadium. Dichters dy’t optrede wolle, kinne har oanmelde by ynfo@rixt.frl

De literêre jûn wurdt mooglik makke troch in subsydzje fan de gemeente Ljouwert.

Datum: 1 april 2022
Plak: Obe, poadium foar Fryske kultuer – Oldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
Tiid: 19.30 – 21.30 oere (ynrin 19.00)
Tagong: €5
Oanmelde fia ynfo@rixt.frl

Tentoanstelling ‘Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting’

Rasskilder Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) hâldt fan it libben en ferwûnderet him alle dagen oer de skjintme fan de dingen. Hy toant hertstochtlik en útsprutsen de skjintme fan in lânskip en syn fassinaasje foar de minske. De kleuren fan Kor Onclin binne dy fan in pasjonearre en yntins libjende minske, mar yn syn palet sitte ek tinten dy’t in oare kant fan him sjen litte. Fan 6 maart o/m 3 maaie 2022 presintearret Tresoar it fassinearjende wurk fan Onclin yn de tentoanstelling Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, poadium foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar. 

Besibbens, Ferwûndering & Ungerêstens, Portret en Spul

Mei in seleksje skilderijen en objekten wurdt oan de hân fan fjouwer tema’s Onclin syn wurk presintearre.
Besibbens, dêr’t keunst, muzyk en poëzy by elkoar komme. Fryske dichters binne útnûge om in gedicht te skriuwen ynspirearre op in keunstwurk út de tentoanstelling. In oantal gedichten is opnommen yn de tentoanstelling.
Ferwûndering & Ungerêstens, oer ferwûndering oer alles wat de wrâld, de minske en de natuer te bieden hat en tagelyk de ûngerêstens oer destruktive krêften yn de wrâld en wat minsken elkoar oandogge. 
Portret oer it ‘wêzen’ fan de minske, dêr’t Onclin laach foar laach nei siket. De kreëarre personaazjes fan Onclin toane it gemoed: ferwûndering, earnst, humor, myldens en moederaasje. 
Spul, karakteristyk troch de mear geometrysk abstrakte foarmen, it ûnbefongene, spontane en oarspronklike. 

It ûntwerp fan de tentoanstelling is ta stân kaam yn gearwurking mei ûntwerpburo LOKAALWERK. De gearstalling fan tekst en byld is dien yn gearwurking mei Marleen Onclin.

Lêzing Spel met verf troch Marleen Onclin

Wat is it ferhaal fan Kor Onclin? Hoe seach syn libben derút? Hoe stie er yn it libben en wat fertelt er mei syn keunst? Marleen Onclin jout dy antwurden yn har lêzing Spel met Verf op 24 maart yn Obe.

Literêre jûn mei dichterskollektyf RIXT

Op 1 april is der in literêre jûn yn Obe. Acht dichters fan Frysk Dichterskollektyf RIXT drage har gedichten foar dy’t se skreaun hawwe by it wurk fan Kor Onclin. Nei de optredens fan de dichters is it poadium frij foar wa’t it moai fynt om in gedicht foar te dragen. Ek sil der muzyk te hearren wêze.

It folsleine programma komt op de webside fan Tresoar.

Tentoanstelling Vierspanning yn paviljoen Obe

Ekspressyf, kleurryk en besiele mei in ûnbidige ferbylding – dat tekenet it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Oant en mei 27 febrewaris 2022 presintearjret Tresoar yn gearwurking mei Museum Belvédère Vierspanning: in eksposysje mei in greep út resint wurk fan de fjouwer Fryske skilders. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, it paviljoen foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar.

Fiering fan in jubileum

De tentoanstelling Vierspanning fiert it jubileum (25 + 1) fan de gearwurking fan de keunstners. De earste mienskiplike eksposysje fan de fjouwer skilders yn 1995 hie de iroanyske titel ‘Een kwart Christus in zicht’. Sûnt foarmen se by gelegenheden in keunstnersgroep, in soarte fan ‘vierspan’. Yn de ôfrûne desennia gienen alle skilders, eigensinnich en dwers, har eigen figurative wegen. Hoewol’t se har eigen kleuretaal ûntwikkele hawwe, is der ek in dúdlik ferbân te sjen: har kleurrike wurk wurdt dreaun troch in ûnbedimme ferbylding.
 

Unike dûbeleksposysje

Vierspanning is in unike, ynterdissiplinêre dûbeleksposysje. Letter yn 2022 toant ek Museum Belvédère wurk fan de keunstners. De eksposysjes toane foaral resint wurk fan it bysûndere fjouwerspan. Yn de tentoanstellingen binne de krêft en de spanning fan kleurgebrûk sichtber yn de keunstwerken dêr’t letterlike en figuerlike lânskippen, persoanlike ferhalen, humor, irony en dreambylden sintraal yn stean.

Katalogus

De tentoanstelling is ferrike mei in byhearrende katalogus dêr’t de keunstwurken yn te bewûnderjen binne. Fotografe Tryntsje Nauta makke foar dizze katalogus foto’s fan de wurken en fjouwer yntrigearjende portretten fan de skilders. Oer elke keunstner binne koarte artikels skreaun en by inkelde skilderijen binne frije literêre reaksjes te lêzen yn de foarm fan poëzy en proaza. Dy bydragen binne skrean troch jong talint en mear fêstige (lokale) skriuwers. It foarwurd is skreaun troch Bert Looper en de ynlieding troch Anna Tilroe.

Mear ynformaasje

Benijd wurden nei de ferbyldingskrêft fan it Fryske fjouwerspan? Dan bisto fan herte útnûge dy ûnder te dompeljen yn kleure-eksploazjes fan it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden fan Obe.

Neie expositie bij het Huus van de Taol in Beilen

Aanderhalf jaor lang bleven de witte muren van het Huus van de Taol leeg, maor nou hangt er weer prachtige kunstwarken.

Blikvanger van dizze expositie is de grote foto van een os in de Drentse natuur, die maakt is deur Karin Broekhuijsen oet De Kiel. Wieder bint warken te bekieken van Nicola Rozemeijer, B.C. Toebak, C.E. Schreuder, Jet van Oosten, Arthur Martin, Barbara v.d. Laarse en Lidwien Chorus. Holtsnede, litho, foto, aquarel, schilderij; der zit veur elkenien wat tussen!

Een neie samenwarking met Kunstplaza Schurer zörgt erveur dat er nou elk half jaor aandere kunst te bekieken is bij de streektaolorganisatie in Beilen.

Karin Broekhuijsen – De os. Foto: Huus van de Taol/Kunstplaza Schurer

De deuren van het Huus van de Taol lös van maondag t/m dunderdag van 09.00 tot 16.30 uur en op vrijdag van 09.00 tot 13.30 uur. Toegang is gratis.
Kunstplaza Schurer kuj vinden op de bovenste verdieping van warenhuis Vanderveen in Assen. Heur collectie bestiet uut honderden prachtige kunstwarken.

Nije tentoanstelling Obe: Koos van der Sloot – kloktijd voorbij

Yn paviljoen Obe is fan 4 septimber oant en mei 31 oktober 2021 de oersjochtentoanstelling ‘Koos van der Sloot  – kloktijd voorbij’ te sjen.

Koos van der Sloot (1953-2018) wurke as stêdeboukundige foardat er himsels op ’e nij útfûn as keunstner. Yn de koarte perioade fan syn publike keunstnerskip, fan 2007 oant syn dea, makke er in boeiende ûntwikkeling troch. Hy socht nei de grinzen fan de abstraksje en lei dy grinzen hieltyd fierder om himsels yn beweging en ûntwikkeling te hâlden.

Yn syn eigensinnich universum liket in striid geande mei de tiid. Yn syn iere wurk is it de tiid dy’t fia de fassinaasje fan de keunstner foar aaien it wurd ta ús rjochtet. Dy EGGSCAPES drage symboalyske nammen dêr’t tiid fan libjen, de seizoenen en it fergliden fan de tiid yn oantsjut wurde.

Koos van der Sloot fûn prachtige manieren om syn jeugd, syn gefoelens en foaral syn ferbûn wêzen mei it Fryske lân te ferbyldzjen. It aai wie foar him de metafoar fan tal fan oantinkens oan en betsjuttingen fan syn jeugd en nei it lânskip fan syn berteplak De Jouwer. It aaisykjen wie foar him ferbûn mei de rook, de kleuren en lûden fan de betide maitiid. De titels fan guon kollaazjes fan aaien, hout en elektrisiteitstried ferwize direkt nei dy jeugdoantinkens of lykje bedoeld om de oantinkens  wer oproppe te kinnen.

Geandewei waard syn wurk waard abstrakter en oardering fierde de boppetoan.
De assemblaazjes mei aaien makken plak foar boukundige konstruksjes. Dy wurken fange op ienfâldige, mar tagelyk yngenieuze wize it ferglidende deiljocht, mei aaifoarmige skaadgatten as resultaat. De tiid is yn it wurk sels slûpt en liket dêryn oplost.


Yn gearwurking mei de Stichting Koos van der Sloot en Tresoar toant kurator Albert Oost yn de tentoanstelling de wûnderlike gearhing fan it wurk fan Koos van der Sloot, dat syn plak fertsjinnet yn de kanon fan de keunst.

By de tentoanstelling ferskynt it boek Koos van der Sloot (útjouwerij Noordboek). Ferskillende  auteurs (Albert Oost, Annet Huisman, Bert Looper, Herman Nijholt, Fred Wagemans, Nynke-Rixt Jukema en Anne Feddema) tsjutte syn wurk út keunsthistoarysk of persoanlik perspektyf wei. De toan is ôfwikseljend essayistysk, ferhalend of poëtysk. Ek de stim fan de keunstner sels klinkt yn in oantal fan syn fersen.

Mear ynformaasje oer de boekpresintaasje en oare aktiviteiten by de tentoanstelling folgje meikoarten. Hâld de webside fan Tresoar yn de gaten.

Obe – it poadium foar literatuer, keunst en taal
Heer Ivostraatje 1, Ljouwert
Tongersdei o/m snein 11.00 – 17.00 oere
Reservearje is net nedich