Op sneon 24 juny organisearret de Fryske Akademy en it Seeltersk-Kontoor in sympoasium oer it Sealterfrysk, de ‘Tag der Saterfriesen/ Dai fon do Seelter’. It hat plak yn Roomelse (Dútsk: Ramsloh) yn Sealterlân en is ornearre foar in breed publyk. It kongres is fergees tagonklik.
Oer it Sealterfrysk
It Sealterfrysk is it iennichste Frysk dat noch oer is fan it East-Frysk, dat eartiids praat waard tusken de Lauwers en de Wezer. It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn Sealterlân, in streek dy’t tusken Oldenburch en Papenburch te finen is. It Sealterfrysk is in taal dy’t swier bedrige is. Der binne noch in foech 1000 – 1500 sprekkers.
Programma
It programma wikselet publykslêzingen ôf mei aktiviteiten fan de Seelter Buund, lykas in kwis, in sketch, folksdûnsjen en sjongerij fan skoalbern. Út Mercator wei sil Katharina Thomas in lêzing jaan, en Bouke Slofstra (Lingua Slofstra) en Eric Hoekstra (Fryske Akademy) steane lyksa op it program. De dei, dy’t fergees tagonklik is, wurdt ôfsletten mei in lêzing yn de Johanniterkapel. It programma kinne jo hjir besjen (pdf).
Sealterfryske grammatika
Op dit stuit is de Fryske Akademy dwaande mei de produksje fan in Ingelske grammatika fan it Sealterfrysk. It projekt wurdt foar in part betelle troch it Niedersächsisches Ministerium für Wissenschaft und Kultur, de Bundesbeauftragte für Kultur und Medien en de gemeente Saterland (Sealterlân). It giet hjir om in jiersubsydzje, dêr’t de Fryske Akademy yn 2021 en 2022 ek al de hân op lei, yn gearwurking mei Henk Wolf (Oldenburgische Landschaft). It projekt wurdt útfierd troch Bouke Slofstra fan taalburo Lingua Slofstra en Eric Hoekstra út ‘e Fryske Akademy wei. Earder al wurken hja oan de Dútsktalige grammatika fan it Sealtersk, de Sprachlehre des Saterfriesischen 2022.
Oanmelde
Oanmelde foar it fergese publykskongres op 24 juny 2023 yn Ramsloh (DE) kin fia frou T. Kalsbeek, kalsbeek@saterland.de. Mear ynformaasje kinne jo fine op de website fan it Seeltersk-Kontoor fan de Oldenburgische Landschaft.