‘Wy binne mbû’ komt mei nije website mei oanbod foar professionals

De partners Aeres, Firda en Afûk komme, as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030, mei in nije website. www.wybinnembu.frl is makke foar professionals dy’t harren dwaande hâlde mei it Frysk en meartalichheid binnen it middelber beropsûnderwiis. De basis fan ‘Wy binne mbû’ leit by it ûndertekenjen yn desimber 2021 fan it konvenant dêroer: de ôfspraak tusken de Fryske mbû-ynstellingen, yn ’e mande mei de Afûk en de provinsje Fryslân, om mei-inoar it plak fan it Frysk yn it mbû te fersterkjen. De ôfrûne tiid is der hurd wurke oan de ynfolling en útwurking fan dy ambysje en no leit der in moaie nije website mei mear ferdjipping op it meartalige oanbod foar it mbû. De website is yndield yn trije yngongen foar dosinten: boargerskip, Frysk (kardiel) en beropspraktyk.

Oandacht foar meartalichheid op it mbû

It mbû is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sawat 70% fan alle ynwenners fan Fryslân mei in diploma hat in mbû-eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil wenjen en wurkjen bliuwe yn de regio. Dêrom is it sa wichtich om binnen harren beropsoplieding foldwaande oandacht te hawwen foar it regionale taalklimaat fan Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal. “Bij Aeres is de inzet op kansengelijkheid speerpunt. Voortbouwen op je eerste taal is belangrijk voor je ontwikkeling en identiteit. Daarom verdient het Fries een plaats in ons onderwijs”, seit Truda Kruijer, ynstellingsdirekteur fan Aeres.

Wy binne mbû draait om persoansfoarming, praktykûnderfining en (mear)talige ûntwikkeling yn it Fryske beropsûnderwiis. De (takomstige) beropsprofessionals krije hieltyd mear te meitsjen mei minsken mei ferskate kulturele en talige eftergrûnen. Yn Fryslân giet it dêrby faak om Nederlânsk en Frysk, mar ek om streektalen en moderne frjemde talen. It is dêrom wichtich dat studinten neitinke oer it belang fan harren eigen taal en de talen yn harren omjouwing. Kennis fan meartalichheid yn Fryslân (binnen de eigen beropssektor) en foldwaande (taal)feardichheden soargje foar in bettere bining mei de doelgroep. De takomstige professionals kinne troch tûk taalgebrûk in bettere relaasje ûntwikkelje mei klanten/kliïnten/pasjinten en dêrtroch bettere resultaten behelje yn harren wurk.

Oanbod

Op de website wybinnembu.frl is al it oanbod te finen foar dosinten om oan ’e slach te gean mei it Frysk en meartaligens op it mbû. Bygelyks digitaal en fysyk lesmateriaal om te wurkjen oan taalbewustwêzen, taalhâlding en taalfeardichheden Frysk. Dêrneist fine dosinten op de website ek nijsgjirrige eveneminten op it mêd fan meartaligens én oanbod foar neiskoalling en opliedingen.

Taalplan Frysk

De nije website is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Mei dat projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. It middelber beropsûnderwiis is in wichtige sektor by it realisearjen fan de provinsjale doelstellingen oangeande Taalplan Frysk 2030.

Nij lesmateriaal slavernijferline fan Fryslân beskikber

Dit jier is it 150 jier lyn dat Nederlân slavernij offisjeel ôfskafte. In soad Friezen assosjearje slavernij mei it westen fan Nederlân, mar dat kloppet net. Ek yn Fryslân binne nammentlik spoaren fan dizze pynlike skiednis te finen. Yn de kolleksjes fan Historisch Centrum Leeuwarden en Tresoar binne ferskate boarnen dy’t ús mear oer it Fryske slavernijferline fertelle. Fan 21 juny is op GeschiedenisLokaal Fryslân lesmateriaal by dy boarnen beskikber foar it basis- en fuortset ûnderwiis.

Slavernijferline fan Fryslân

It ôfskaffen fan de slavernij yn de Nederlânske koloanjes barde yn fazen. Yn 1814 waard de hannel yn slaven ferbean, yn 1860 de slavernij yn Nederlânsk-Ynje en yn 1863 de slavernij yn Suriname en it Karibysk gebiet. Mar echt frij wienen de ta slaaf makken net, want noch oant 1873 waarden se twongen om op de plantaazjes te wurkjen. Dit jier is it dus 150 jier lyn dat de slavernij yn Suriname en it Karibysk gebiet écht oer is.

Oant foar koart waard slavernij sjoen as in kwestje dêr’t Fryslân net folle mei te krijen hie, dat stêden as Amsterdam en Middelburg in gruttere rol spile hawwe yn it slavernijferline fan Nederlân. Mar ek yn ús provinsje fynst spoaren werom fan it slavernijferline. Gebouwen, monuminten en strjitnammen yn plakken as Ljouwert, Harns, Dokkum en Wolvegea, en argyfstikken en museale objekten yn ús argyfynstellingen en musea dogge tinken oan dit pynlike ferline.

Skilderij fan Fryske stedhâlders – te sjen yn it Stedhâlderlik Hôf Ljouwert (ôfbylding: Tresoar)

Slavernijferline tichter by Fryske learlingen

It is belangryk om de kennis en bewustwurding fan dit erfgoed yn ús direkte omjouwing te fergrutsjen. Dêrom hat it digitale boarneplatfoarm GeschiedenisLokaal Fryslân it inisjatyf nommen om – yn gearwurking mei NHL Stenden Hogeschool Ljouwert – it slavernijferline tichter by Fryske learlingen te bringen. Studinten fan de Pabo en de dosinte-oplieding Skiednis ûntwikkelen lessen, dêr’t learlingen ûndersyk yn dogge nei spoaren yn en histoaryske boarnen oer de omjouwing dêr’t se alle dagen yn rinne, fytse of scooterje.

Lansearring nij lesmateriaal

Al it nije lesmateriaal oer it Fryske slavernijferline wurdt woansdei 21 juny by in presintaasje lansearre en is dan beskikber foar alle ûnderwizers yn Fryslân. De presintaasje is yn Tresoar, fan 15.30 oant 17.30 oere. It programma begjint mei sprekkers oer it bewustwurden fan it slavernijferline yn Nederlân, Fryslân en it ûnderwiis. Ta beslút wurdt it nije lesmateriaal troch de studinten sjen litten.

Mear aktiviteiten by it ôfskaffen fan de slavernij binne te finen op de websiden fan Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden en Keramiekmuseum Princessehof.

Stichting Bildts Aigene hout in ’t winterseisoen twee kursussen

Stichting Bildts Aigene hout in ’t winterseisoen twee kursussen: Bildts voor niet-Bildtstaligen en Bildts foor Bildtstaligen.

Cursus Bildts voor niet-Bildtstaligen
Er wordt aandacht besteed aan het begrijpen, het lezen en het spreken van het Bildts in ongeveer 12 lessen. De lessen worden op woensdagavond gegeven van 19.30-20.45 uur in de bibliotheek te St.-Annaparochie. De eerste les is op 26 oktober a.s. Er hebben zich al vijf opgegeven, maar er kunnen nog vijf bij. Dus geef je snel op.

Cursusgeld: € 50,00, incl. lesmateriaal, koffie/thee. Opgave vóór 13 oktober a.s. bij kursus@bildtsaigene.nl of 06-16675779.

U kunt (daarnaast) ook digitaal de cursus volgen: www.digibildts.nl Voor cursisten gratis, voor anderen € 5,00. Mail: kursus@bildtsaigene.nl

Kursus Bildts foor Bildtstaligen

D’r wort andacht geven an ’t lezen, ’t praten en ’t skriven in de Bildtse taal in ongefeer 12 lessen. De lessen worre op woensdegaven geven fan 19.30-20.45 uur in de bibletheek te St.-Anne. De eerste les is op 26 oktober 2022.

Kursusgeld: € 50,00 inkl. lesboeken, koffy/thee. Mochten jou een fan de boeken al hewwe, dan worre die kosten d’r útteraard ôftrokken. Opgave fóór 13 oktober e.k. bij kursus@bildtsaigene.nl of 06-16675779

Jou kinne (dernaast) ok digitaal de kursus folge: www.digibildts.nl Foor kursisten fergeefs, foor ânderen € 5,00. Mail: kursus@bildtsaigene.nl